De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 341]
| |
Lolle Nauta:
| |
[pagina 342]
| |
Sok skriuwen, modern as it is sûnder modernismen, jowt de réaliteit in massyf karakter. De novelle Journaal bigjint sa: ‘J. de Hondt, een man met een rode, steenkleurige huid en nauw ingebouwde ogen net als bij een everzwijn, ogen die een woeste rechtvaardigheid inhielden, werd geboren...’ Ensafuorthinne. Dêr stiet er. In man, dy't is, dy't er is. Leiker hâldt him net op mei psychyske ûntwikkelingen - hwat soe der oan in hearskip as de hondt noch ûntwikkele wurde kinne? - en bisiket net troch to taesten nei it ynderlik fan syn figueren. Dêroer swijt de skriuwer, dy't syn persoanen it leafst typearret mei in koarte forwizing nei har gesicht of birop. It komt my sels foar, dat leiker syn proaza, sadré't it biwust de psychologyske kant útskaeit, der net sterker op wurdt. De skriuwer, dy't wit fan it geheim fan it weilitten, bigjint himsels op sa'n stuit - bleds. 134f. en 176f. - eigenaerdich genôch to herheljen. Dat is my lykwols by it lêzen fan Smalle bruggen naar de vrijheid mar twa kear opfallen. Op dizze útsûnderingen nei biskriuwt leiker syn figueren sûnder omballingen en dat jowt de minsken, dy't yn dizze forhalen figurearje, karakter en kontour, sadat hja fakentiden like massyf, likemin to bidjipjen binne as de maetskiplike réaliteit, dêr't hja har tsjin forwarre moatte. Yndividu en réaliteit binne hjir nammers yn konflikt. De skriuwer hoecht sa'n konflikt net to bitinken of to konstruearjen, hwant it is jown mei de figueren, dy't er mei in pear halen foar jin set en de binearjende maetskiplike réaliteit, dy't er mei in pear streken opropt. Om dy reden hoecht leiker nea to bisykjen, lykas sa mannich novelle-produsint, en liz in rige folslein tafallige feiten de twang op fan de ‘needsaeklikheit’, om it yn de leave frede mar oannimlik to meitsjen, dat Jan krekt oan Pytsje siet to tinken, doe't hja by him oankaem. It konflikt is der by leiker al, foardat it ûntwikkele wurdt en it is like massyf as de beide machten fan yndividu en kollektiviteit sels. Mei dy frijheit hat de skriuwer fan Smalle bruggen naar de vrijheid neat to meitsjen. As der yn de minske al hwat bart, as er wanhopich wurdt of bigjint to twiveljen, dan is de reden dêrfan altyd oanwiisber yn it konflikt tusken de minsken en de machten om harren hinne. De lyryk fan de stimming of de djipte fan it gefoel hawwe hjir gjin reden fan bistean. Yn it konflikt tusken de minske en de maetskippij fan de tweintichste ieu kin men dat rêstich weilitte. De figueren fan leiker binne gjin bioskoophelden, dy't komme, sjogge en oerwinne. Likemin binne hja de slachtoffers, dy't der by de yntellektuélen fan hjoeddedei as slaed yngeane. Hja | |
[pagina 343]
| |
binne likefolle held as slachtoffer, hwant hja binne minsken, dy't mar foar ien ding steane: it eigen bistean en de fordigening dêrfan tsjin de chaos. Dat makket har sympathyk yn har leffens en moedich yn har wanhoop. Dat bitsjut ek, dat hja net allegearre sokke kantige keardels binne as de hondt yn Journaal. Wadman gong yn it litterair kertier foar de rono sels safier to sizzen, dat sjoerd leiker obsedearre wurdt fan ‘de kleine man, de gewone man in de maalstroom van zijn krachten, die zijn bestaan beheersen en vernielen.’ Wadman hâldt dat út tsjin vestdijk, dy't fan Een handvol spijkers, ien fan de wichtichste novellen út de bondel, biwearde, dat it hjir giet om ‘het goed recht van de individualist, de man die “nergens bijhoort”, tegenover de naieve vertegenwoordigers ener collectivistische ideologie.’ Wadman stelt dus de underdog, de lytse man, dy't der altyd by troch is, foar de yndividualist fan vestdijk oer en hat sûnder mis gelyk, as er ponearret, dat men de selsbiwuste yndividualist à la ter braak by leiker net fynt. Dêrmei is lykwols noch net sein, dat de lytse man de ynset en it haedthema is fan de drama's, dy't leiker sa ynkringend stal jowt. Sosiologysk sjoen, is de non-konformistyske yndividualist de fortsjinwurdiger fan in lytse groep wittenskipslju, dy't har idéalen mei it absolutisme fan de moralist fordigenje. Dat type is by leiker ôfwêzich. Syn figueren hawwe wol hwat to fordigenjen - of leaver: yn syn figueren hat leiker wol hwat to fordigenjen -, mar itjinge dêr't hja foar steane, is har net biwust. It is har bistean sels, de massiviteit, dy't de skriuwer har meijowt; dêr't leiker it dramatysk effekt fan binut, sûnder hjir fierder op yn to gean. Dat forjitte sawol wadman as vestdijk. Vestdijk, omdat er by de figueren fan leiker mear sels-refleksje forûnderstelt, as hja ta har foldwaen hawwe; wadman, foarsafier't er leiker syn - fryske? - foarleafde foar trochsetters, fjochtersbazen en eigensinnige ienlingen út it each forliest. Dy ienlingen kinne as lytse man foar it fuotljocht komme, mar dan is it sa, dat de maetskiplike wurklikheit, dêr't hja de dupe fan binne, har massive fijân wurdt, hwêrby't it ek noch wêze kin, dat hja in sterke man nêst harren krije, lykas Boris yn Displaced persons en de Hollanner yn In het web van de tijd. Meastentiids lykwols binne hja ienlingen sûnder mear, al hoecht men dêrby net oan it yndividualisme fan ter braak-en-dy to tinken. Yn De overval komt wol in lytse man foar, túnman westra, dy't sûnder it to wollen, ta strider bombardearre wurdt, mar as haedfiguer stiet hooft yn it sintrum. Hy is de fanatike idéa- | |
[pagina 344]
| |
list, de hearsker, dy't it allinne wol opknappe sil en tagedienens mar krekt forneare kin en dy't dêrtroch komt to stean foar de fraech nei de forantwurdlikheit foar syn meiminske. Hooft is in man, dy't de litteratuer al ken, foardat se ‘litteratuer’ wie: de held, dy't stjert oan syn forlangst nei ûnstjerlikheit. Een handvol spijkers biskriuwt yndie op it earste each de lytse man, dy't de dupe wurdt fan politike systemen, dy't inoar ôfwikselje as skaekstikken, mar by neijer ynsjen is hy ek in ienling en trochsetter. It probleem fan varhalmy is nammers net allinne op de wize fan gheorghiu, dat hy, de lytse man, de dupe wurdt fan machten, dy't inoar útslute, mar dat men him, de anonime figuer, dy't rjocht hat op in lyts en fredich bistean, twinge wol, om held to wêzen. En op dit punt, yn syn forset tsjin de rol fan held, wurdt varhalmy... ta held. Hja hâlde in parade foar him, sprekke hwannear't er thúskomt as flechteling oer moed, frijheit en heldendom, mar varhalmy docht net mei: hy tinkt allinne mar oan de forsteurde frede fan syn lyts bistean. Oaren sille him foar in spion hâlde en wer oaren foar in kommunist; syn libben leit oan gruzeleminten. Hy is it spegelbyld fan hooft út De overval, hwant him past de helderol net. It makket fan him ien, dy't er net is. As hooft de dupe wurdt fan syn skuld, dan bart mei varhalmy it tsjinstelde. De mannen, dy't de lytse hongaer ombringe, sizze tsjin him: ‘We zullen geen proces over je voeren. Je schuld ligt in je onschuld.’ It is dit probleem, op de ien of oare wize gearhingjend mei de fraech nei de macht, dat leiker fascinearret. Syn figueren libje altyd tusken de poalen fan macht en ûnmacht, yn de spanning fan ‘heldendom’ en iensumheit. Sadré't de yntensiteit fan dizze spanning dúdlik fielber wurdt en de kontouren fan dit geheimsinnige konflikt skerp nei foarren komme, binne de forhalen yn Smalle bruggen naar de vrijheid it bêste, bifetsje hja de measte wierheit. Dan set de skriuwer him der nammentlik folslein foar en slagget it him en pleats jin midden yn de réaliteit fan hjoeddedei, dêr't de minske syn minsklikheit suver allinne noch yn de ûndergong fan it lêste bilibbet. |
|