Fedde Schurer:
It ivige motyf
tjitte piebenga - fersen foar marida.
Laverman N.V., Drachten, 1958.
Feitlik soe men, by it forskinen fan in jong dichter, nou wer ris in skôging jaen moatte oer generaesjes en oer in jeugd dy't sa hiel oars is as dy fan fjirtich jier lyn, yn ôfkarrende of yn forhearlikjende sin.
By de bondel fan Tjitte Piebenga fersen foar marida hoech ik ta myn opluchting noch it iene noch it oare to dwaen. Dizze dichter is nammers al dichter genôch om gjin oare as dichterlike pretinsjes to hawwen. Dat is to sizzen: hy wit hwat in goed gedicht is en hy hat de earsucht om it to skriuwen. Dat binne twa bêste dingen. En it alderbêste is, dat it him ek slagget, en dat men, dizze bondel trocheagjende, net ûntkomt oan de yndruk hjir mei in poëet to dwaen to hawwen, dy't mear fan him hearre litte sil.
Dit debút is fan in greate biskiedenheit, yn safier dat de dichter sûnder ûntskuldiging sjongt op it oerâlde en ivige motyf fan de leafde. En dat er him net skammet foar in romantyske oandwaning noch foar de lyryske foarmjowing. De sabeare ûnforskilligens, de like greatdoggerige as oerstallige forklearringen dat it dochs allegear neat mei neat is, men siket se hjir om 'e nocht. Mar wol fynt men it bitingst foar alle wiere poëzij: de forwûndering om it libben, sawol de kant út fan himmelhoch jauchzend as fan zum Tode betrübt. Sa't ik sei, de romantyk, en as ik dat siz mien ik in komplimint.
Men soe hast letterlik sizze kinne dat dizze fersen blau binne fan romantyk. Der is gjin forsin mooglik as men fuort al rigels lêst as dizze:
fan flinters yn 'e tropenacht
en skaden fan it stjerreljacht
spoun ik de fynste reagen
Bikoarlik (dit wurd hat neat mei bikoarjen út to stean) is it gedicht pas encore, ienfâldich, pril en stammerjend hast, en ûnwjersteanber yn de herhelling fan it moai foune byld fan de havenarbeiders dy't stake en de lanning fan de ‘coasters fol tochten en steamers mei langstmen’ bihinderje. Dat is it bigjin; de bondel jowt de skiednis fan in leafde, dy't opgong, blonk en forsonk, mei net de wanhoop, mar de filosofy fan de iensumheit oan de ein.
Men kin net sizze dat Piebenga yn it spoar fan syn foargon-