J.J. Kalma:
De utjeften fan ‘De lapekoer fen Gabe Skroar’
Ornaris wurdt oannommen, dat it bigjin fan hwat letter de Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma hite soe, bistien hat út trije útjeften fan De Lapekoer, nammentlik dy fan 1822, 1829 en 1834.
As in bibliofyl dy trije Lapekuorren hat, is er meastentiids mear as tofreden. Sa great wienen de oplagen ommers net (1822: 200; 1829: 400). Fan de tredde útjefte, dêr't wy de oplaech net fan witte, binne noch de measte eksimplaren bikend.
Dochs is it dúdlik, dat der mear útjeften as de trije neamde west hawwe en in nijsgjirrige oanwinst, dy't ik strak neame sil, wie foar my oanlieding om yn dit Halbertsma-jier my to fordjipjen yn dit bibliografysk probleem. Ik leau, dat wy hjir-troch ek in klearder ynsjoch krije kinne yn 'e bigjintiid fan de nije Fryske litteratuer.
W. Eekhoff hat de earste west, dy't hwat wiidweidiger oer de bibliografy fan de Halbertsma's skreaun hat (Foarwurd De Jonkerboer, 1858). Nei him kaem W.P. de Vries (De Lapekoer fen Gabe Skroar trochskodde, 1894, 147 f.) en koart dêrnei dr. J.B. Schepers mei syn Chronologie van de werken van Eeltje Halbertsma (Vrije Fries XIX, 1898, 335-353). De earste, dy't it dan wer hat oer de Lapekoer-útjeften, is J. Piebenga (Koarte skiednis fen de Fryske Skriftekennisse I 1939, 60 f. en II 1957, 92 f.). Ek dr. G. Dykstra komt der yn syn dissertaesje oer dr. E. Halbertsma op (1946, 134 f.). Underwiles wie ek útkommen de Catalogus der Fr. taal en letterkunde en overige Fr. geschriften fan de Prov. Bibleteek (fan de hân fan M.K. Scholten, 1941), dêr't op bls. 393 en 703 de op de P.B. oanwêzige eksimplaren biskreaun steane.
Foaral it lêstneamde boek makket ús dúdlik, dat der yndied in probleem is. Scholten biskriuwt in tal boeken, dy't allegearre lytse en greate ôfwikingen sjen litte, dat de konklúzje ‘in tizeboel’ leit foar de hân. Ien ding stiet wol fêst: der hawwe útjeften ‘foar de freonen’ west, lúkse útjeften, dy't net yn 'e hannel wienen, en oare foar it gewoane lêzerspublyk, dy't men keapje koe. Foar de 2de en de 3de útjefte wie dat al troch W. Eekhoff oanjown. Hwa't de fûnslysten yn de losse útjeften fan de stikken, dy't letter as De Lapekoer útkamen, neigiet, sjocht ek, dat der yn 1834 in greate en in lytse Lapekoer forskynd binne, dy't yn 'e winkel f 3,15 en f 2,20 gouwen, d.w.s.