De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 332] [p. 332] Sjoerd Spanninga: Skets Doe't wy de mar ta sylden in iepensteande fûk it seil dat koelte fiske hwer't it soal him baeide fan 't biheinde nei de greate driften de mêst in houten skonk dy't joalich skaeide op it batsen fan it boat siet noch de moarn as meijer yn 'e blommen en in stik wetter weage foar de boech men koe der wol mei skotse de reis werom de dei hie west as fiedsum brea syn fjildflesse ús drinken stiene de beammen stilforljochte by in âlde muorre en fleach in toverstrûk oan gouden flinters wylst der in sigen troch de popelieren reinde dan doek de sinne wei en waerd de joun in swarte tuorre de nacht kroep donker oer de ierde liet syn moanne-skylden blinke. Vorige Volgende