| |
| |
| |
Geart Jonkman:
Mirakels
De jouns fan de 22ste desimber 1957 seagen de buorlju Saep Tinga, in wyfke fan yn 'e tachtich oan 'e dwersfeart to uzes, lyk as oare jounen om hûs fotteljen en de blinen ticht dwaen. Der wie nimmen dy't dat fierder achtsloech en yn him omgean liet, mar doe't de boel by Saep de oare moarns om tsien ûre hinne nòch altyd ticht siet, kaem der oan wjerskanten biweging. Der waerd kloppe, mar hja krigen gjin gehoar. De blinen waerden iepen dien en doe't der ek neat to sjen wie makken de buorlju der gewach fan yn 'e buorren. Under taforsjoch fan wachtmaster Reinders en wethâlder-lokoboargemaster Drost - de boargemaster wie nei Kitzbühel foar de wintersport - briek de smid de doarren by Saep iepen. Hwat hja lykwols yn 'e hûs ek fine mochten, nèt it ûntsiele omskot fan Saep Tinga, lyk as forwachte waerd. Mei 't each op 'e lege brandewynflesse dy't yn it théblikje stie woene de buorlju der op út, hja soe har wol bidronken of fordronken hawwe. Saep hie gauris mei de flesse ûnder de skelk nei de buorren west en al in deimannich nuver om hûs en hear spûke, mar hwa hie tinke kinnen dat dit der efter weikomme soe.
It woe wachtmaster Reinders, dy't Saep twa dagen earder noch tusken it tsjerkefolk sjoen hie, daelk net oan dat dy brandewynflesse in reden wêze moast om har fan selsmoard to fortinken. Hy liende alle wiken in detektive fan master Stienstra, dat hy liet him net forkatse fan sa'n simpele argumintaesje. Wethâlder Drost naem lykwols it wisse foar it ûnwisse en sette daelk in pear lju fan gemeentewurken oan it dregjen by de dwersfeart. Underwilens liet de wachtmaster de doarren forsegelje en gyng doe nei hûs om to dedusearjen en to kombinearjen, lyk as er dat neamde. Men koe der wol op yn fleane as in bolle op 'e reak, mar dat helle ornaris neat út. Dat diene de lju fan Scotland Yard ek net, dy brûkten yn 't foarste plak har harsens as der mei de eagen net folle waer to nimmen foel. Dy lege brandewynflesse wiisde nammers in oare kant út as nei de dwersfeart, woe er hawwe...
In man dy't lâns oare wegen yn de saek bihelle waerd wie mr. Edo Winsemius, de eardere griffier by it kantongerjocht to uzes, en wol yn syn kwaliteit as foarsitter fan 'e wenningkommisje. Yn earder tiden soe de hiele mienskip yn opskuor west hawwe om sa'n weiwurden wyfke, mar yn it jier fan 'e spoetnik bikroaden de lju har mear om in went as om in âld
| |
| |
wiif. Om't de wenningkommisje ienris yn 'e moanne sitting houd en krekt gear west hie, setten de gadingmakkers dyselde jouns noch nei it âlde hearehûs oan 'e Jeltemaleane. Hja troffen it ynsafier dat hja net by de doar ôfstegere waerden om't Winsemius syn húshâldster, juffer Wevers Bettink, dy middeis ôfset wie nei har famylje to Delden mei 't each op de kommende krystdagen. Dêr wie lykwols dan ek alles mei sein, hwant Winsemius hie, om hiel oare reden, al in deimannich syn moed net en makke him der ôf mei to sizzen dat it lyk fan Saep earst boppe wetter komme moast, ear't der fan in frijkommen hûs praet wurde koe en dat de kommisje yn dat gefal op de sitting yn jannewaris neffens urginsje to wurk gean soe.
Dat mr. Winsemius syn moed net hie siet him yn 'e tiid fan it jier. Alle jierren om dy tiid waerd er mankelyk en ûnwennich, hy wist sels net hwerom. As man fan oarder en regel moast en koe er him it hâlden fan fêststelde feestdagen wol ynskikke, alhoewol er hope dat de krystdagen nochris offisieel lykskeakele wurde soene mei dy fan peaske en pinkster, hwant twa hjeldagen midden yn 'e wike achte er tofolle fan 't goede, binammen nou't it sljochtwei folk by't simmer ek al fakânsje krige. Dit jier kamen der twa dingen by dy't him de moed binamen. Yn 't foarste plak wurke er, útsein sneins, alle dagen op fêststelde ûren oan in drege stúdzje dy't er de titel Dwalingen fan it religieus rjochtsbigryp tatocht hie. Hy biskôge dat as syn libbenswurk en it soe neffens syn bitinken in greate bydrage wurde ta de frede tusken de folken en rassen, om't de religieuze minske mear bigryp krije soe foar it juridysk tinken en dêrmei ta de oarstinkende minsken, folken en rassen, yn in oare en reedliker forhâlding kaem to stean. En nou kamen dy hjeldagen der wer tusken. Dêr kaem noch by, dat de wyklikse bridgejoun by notaris gearfoel mei de krystjoun, en fangefolgen oergean moast. En dat stelde mr. Winsemius foar in forfelend dilemma. Syn sin foar oarder, regel en tradysje kaem dêr tsjin yn forset en op 'e selde grounen moast er him tsjin dat forset forsette om't er de tradysje fan it krystfeest earbiedigje woe, al hie er der sels gjin diel oan.
Dy wyklikse bridgejounen wiene de iennige forsetsjes dy't er himsels gunde. Hy hie boppedat in fleurige dronk oer him en notaris Harper, forneamd om syn wynkelder, wie woansdeitojouns perfoarst net de nepert dêr't syn klerken en typiste it oerdeis mei to krijen hiene. Winsemius achte dy jounen nedich om net yn himsels to fordwalen en biskôge se dan ek as de ljochtpuntsjes fan syn libbensjoun.
Nou hie notaris him de jouns fan de 23ste wol noege, en hy
| |
| |
soe der aenst ek hinne, mar de grap wie der ôf nou't de oaren net kamen en it dè joun net wie. Hy loek de jas oan en de swarte flambard djip oer de eagen, fanwegen it ûnlijich waer, en sette nei De Trije Hynsten, dêr't er it waerm miel brûke soe, salang't juffer Wevers Bettink fuort wie.
Doe't er op 'e Jeltemaleane kaem bleau er even stean en seach nei it hûs dat er krekt forlitten hie, foar safier't er dêr hwat fan sjen koe, hwant de moanne kroep efter de wyldjeijende wolken. It wie him nea sa opfallen, mar hwat lei it dêr somber en forlitten efter de kastanjes. It kaem him ynienen foar as lei it hûs yn in leage en de ûnbidige rhododendronstrûken, dêr't it fan ynsletten waerd, liken sa by nacht wol foarhistoaryske munsters, ré om elk to bispringen dy't him ûnder harren birik weagje soe. Mirakels! Forbyldingen fan in oerwurke geast!
Hy sette de stap der yn en sloech de boargers dy't him even letter, mei of sûnder krystbeamke, yn 'e buorren moeten en groeten, mar amper acht. Yn 'e herberch waerd him meidield dat Saep Tinga noch net út 'e dwersfeart ophelle wie en dat moarn de oare ein fan 'e feart, dêr't gjin huzen stiene, ôfdregge wurde soe.
Winsemius brimde hwat, mar liet him der fierder net mei yn. Dêr hie men nou wer sa'n gefal, de tsjerkedoar út it sté rinne en it likemin fine kinne as in oar dy't dat net die. Nou ja, it wie in âld minske, by woe der it measte ek net fan sizze en tinke. It iten smakke him der yn alle gefallen net minder om... ek net better nammers, hwant it smakke him hielendal net. Dat wie alle jierren itselde om dy tiid. Hawar, mei in goede wike wie it lijen wer dien en dan lei der in farsk en maegdelik jier foar him. Hou, de deale, âldjiersdei foel fansels ek op woansdei! Dêr gyng syn twadde bridgejoun fan dit winterhealjier! De tradysjes smieten elkoar nuver dwerse kneppels. En hwa siet mei de diggels? Hy! Mr. Winsemius smiet syn servet op 'e tafel as woe er dêrmei it ynderlik konflikt fan him ôfsmite. Mei in sucht liet er him yn 'e jas helpe en it glêdde klisjépraet fan 'e kastlein oanlynje. Doe stiek er skean oer nei notaris, net wittend dat him noch hwat oars boppe de holle hong.
Ynearsten like alles moai aerdich to forrinnen, notariske wie mei har dochter nei de film, dat hja hiene, om notaris syn wurden to brûken, gjin mot om 'e teannen. Notaris hie noch in flesse yn 'e kelder ûntdutsen dy't om ien of oare tsjustere reden tusken de flessen fan 'e lêste jierren bidarre wie, ien mei it jiertal 1928.
| |
| |
- Dat liket der op, sei Winsemius, en it like der yndied op.
Hja sieten likernôch in oardelûre to priuwen en to praten doe't der skille waerd. Even letter biloek Winsemius syn gesicht, Drost kaem der yn, Drost de like readfine as fynreade wethâlder. Hy hie al it mier oan dy sweeffleaners op alle termyk, mar Drost mocht er ek om persoanlike reden net lije. Mar hwat moast er? Hy koe as gast in oare gast de doar net bêst wize. Drost poetste omslachtich syn brilleglêzen op, striek de oardelhier dy't syn plasse hwat opsiere moast, gewichtich yn 't fatsoen en sei doe plechtich, mei in pear fan nocht-oanûnnocht fûnkeljende eagen, Winsemius oansjend:
- Ik woe de hearen even meidiele dat Saepke Tinga-Prakken, widdou fan Abram Tinga silger, yn de âlderdom fan omtrint trije en tachtich jier, wer boppe wetter is. Dat wol sizze...
- Letterliker en luguberder kinne Jo it ek al net sizze, sei Winsemius koel.
- Dat wol sizze, forfette Drost ûnforsteurber, sòun en wòl, en monter as in jongfaem op frijersfuotten. Us warbere wachtmaster Mattheus Gerardus Reinders, syn namme sij priizge nêst dy fan Drees, Suurhof en Samkalden, ûs warbere wachtmaster dan hat it bistien, dedusearjend en kombinearjend, it riedsel fan har fordwining ta folsleine tofredenheit fan syn superieuren op to lossen. Hy hat...
- Hat er har wèrfoun en lei hja net yn 'e dwersfeart? ûnderbriek notaris him, mei 't each op Winsemius syn gesicht.
- Hja lei àl, mar net yn 'e feart. Hja lei - en nou folget it letterlik forslach fan ús warbere wachtmaster - hja lei yn it bedsté fan Melle Jonker, better bikend as Melle Mûzekop.
- Fan Melle Mûzekop?! rôp notaris. En hwer wie Melle dan?!
- Melle? Hwer soe dy oars west hawwe as yn syn eigen hûs? Syn hûs stiet notabene ûnder de reek fan de hear Winsemius sines, nou't de blêdden fan 'e beammen binne sille Jo it út de efterkeamer wei wol sjen kinne, mynhear Winsemius. Om koart to gean, ik sil jim it forhael fan Reinders syn deduksje ensafuorthinne bisparje. Melle Mûzekop stie yn it reabaijen himd oer de flier, nei't er de wachtmaster op syn klopjen ynlitten hie. Alde Saep lei yn 't bedsté, de earmtakke op 'e bedsplanke. Ear't Reinders syn boadskip sizze koe rôp hja: Ik bin hjir by Melle, Reinders, en ik bliuw hjir ek. Jim krije my net wer nei de dwersfeart! Jim kinne my neat leare, ik haw de jierren!
- Goed, goed, sei Reinders, mar hwerom binne Jo dan sa stikum útnaeid? It hiele doarp hat hjoed om Jo socht.
- It hiele doarp? Ik rin oars net yn sawn sleatten tagelyk,
| |
| |
ik bin wol los fortroud, hear, siz dàt mar tsjin harren!
- Goed, goed, mar om in minske wurdt dochs socht as er samar ynienen fordwoun is.
- Samar ynienen? Mar sa is 't net, âlde! Ik haw der in nacht en in dei mei ompakt en as ik net wis west hie dat it my hjitten wie om nei Melle ta, dan soene Jo my hjir net foun hawwe.
- Dat it Jo hjitten wie? Hoe hjitten? Hwa hat Jo dat hjitten?
- Dy boade. Ik haw in gesicht hawn.
- In gesicht? rôp Reinders, dy't der neat fan bigryp. Hy hie yn syn deduksje fansels gjin rekken hâlden mei gesichten, útsein dan it gesicht fan Melle Mûzekop en it gesicht fan Hylke Popma, dêr't er earst hinneset wie. Mar Hylke wist fan neat, dat sadwaende...
- Ja, in gesicht sil ik it mar neame, sei Saep, alhoewol't ik klear wekker wie. Ik gean sneintojoun op bêd mar it woe net sliepe, hwerom wist ik doe noch net. Op in stuit skrille ik op, it wie krekt oft it hwat ljochter oer de flier waerd. En dêr stie er, de siken bisetten my.
- Hwa stie dêr? frege Reinders.
- Nou, dy man, dat gesicht sa to sizzen. Ik tocht. hâld dy de bek, Saep, hwat stilder hwat better. Ik lei to skodzjen as in ierpelsouwe, dat siz ik Jo. Dêr stie er, ik kin 't noch wol bistjerre as 'k it fortel. Hy hie in hege hoed op, in griisrutens pakje klean oan en hy line op in stôk. Ynienen seach er my lyk yn de eagen. Hy wiisde mei de stôk nei my en sei: Jo binne allinne, Saep, it is net goed dat de minske allinne is.
- Houris, rôp Reinders, hiene Jo de doarren forgetten?
- Hwat tochten Jo? Alles siet ticht en op 't slot. Mar goed, dy man sèi dat en ik tocht, hâld dy de bek Saep, hwat wòl sa'n man? Dat ik lei dêr to bibbertoskjen...
- Ja, dat hat se my ek forteld, al krekt en gelyk, sei Melle.
- Hâld Jo der even bûten, Melle, sa'n man wol aenst ek wolris nei syn húshâlding, in polysje is ek in minske. Nou dan, ik lei dêr to bibbertoskjen en dêr sei dy man: Melle is ek allinne, Saep. Ik tocht hâld dy de bek, hwat wòl sa'n keardel? En doe, doe wie er fordwoun, samar, ynienen, as sigarereek, liker kin ik it Jo net sizze, Reinders!
- Oant safier dan it forslach fan Reinders, hy sil nou thús wol ferbael opmeitsje, hâld ik der foar, sei wethâlder Drost.
- In prachtich forhael, dêr drinke wy noch ien op, sei notaris.
Op dat stuit rattele de telefoan en bleau Winsemius allinne mei Drost sitten. Doe't notaris wer út de oare keamer weikaem sei er: - Nou muoit it my tige hearen, mar ik moat daelk
| |
| |
by in âlde dame komme. Hja fielt har net sa't it wêze moat en wol noch hwat tafoegje oan har testamint. En dêr moat ik persoanlik hinne.
- Dan gean ik ek mar, sei Winsemius.
- En ik rin in eintsje mei, sei Drost.
Notaris woe harren biprate, hy soe der mei in ûre wer wêze, hja koene it salang wol pratende hâlde ensafuorthinne, mar Winsemius woe net salang by dy sweeffleaner sitte en sadwaende rekken hja alle trije ta de doar út.
- Hwat tinkt Jo fan dat gesicht, mynhear Winsemius? sei Drost.
- Hwat tinke Jo dêr fan?
- Och, soks bliuw ik ôf. It nije sagoed as it âlde testamint neamt dy dingen, ik neam dat gefal fan Lazarus en de rike man.
- Mirakels! Lju dy't soks leauwe binne sels lazarus, of alteast simpel fan geast.
- Dat is my nou wer to simpel, mynhear Winsemius. Om't Jo it mystearje net bigripe bistiet it neffens Jo net.
- Hwat ik foar eagen haw en hwat wittenskiplik fêststeld is, dàt bistiet en àl it oare is dwaesheit.
- It is oars krekt de wittenskip dy't hieltyd wer fêststelt dat de dwaesheit fan juster de wierheit fan hjoed wêze kin.
- Théoretyske nonsens.
- De relativiteitsthéory fan Einstein is ek oars net as théory. Mar in théory dy't hieltyd troch feiten tichter by de wierheit brocht wurdt. In griffier fan de njoggentjinde ieu soe grif twivele hawwe as immen him foarséín hie hwat bygelyks hjoed mei de televisy mooglik is. Yn 'e Iepenbiering fan Johannes wurdt al praet fan in demon dy't him oan alle minsken tagelyk fortoane sil. Dat tagelyk-fortoanen is nou al omtrint mooglik.
- Ik bin gjin griffier mear en boppedat libje wy nou yn 'e tweintichste ieu, dus net mear yn in tiid fan spoeken en kweageasten. Kom, ik sjoch, Jo binne der al. Mar in goede nacht winske, wethâlder!
Doe't Winsemius tsien minuten letter troch it brede izeren stek syn kiem opstapte, foel him fannijs de sombere driging fan hûs en hear op. Hy woe 't net wêze, mar it muoide him dat er de nacht allinne yn it hûs trochbringe moast. Mirakels fansels, mar ja...
Hy koe dy nachts net yn 'e sliep komme. It like wol oft it folle mear kreake en oangyng yn 'e hûs as oars. Stel dat er ris net allinne wie, stel dat der aenst by him oer de flier ek sa'n forskining stie... Mirakels, hy moast mar ris in slokje wetter drinke. Hy drige der lykwols tsjinoan om der ôf...
| |
| |
De oare moarns stelde mr. Winsemius fêst dat er dochs yn 'e sliep rekke wêze moast, hwant hy wie net wekker mar waerd wekker, wekker mei in swier dof gefoel yn 'e holle. It wurk woe him dy deis net troch de hannen en hy wie bliid dat er op 'e joun nei De Trije Hynsten koe. Hy bleau dêr hwat langer sitten as oars en naem, alhiel yn striid mei syn aerd en gewoante, nei iten twa konjakjes. Lang om let moast er dochs wol wer op hûs yn...
Doe't er syn hiem oprinne soe kaem deselde driging op him ta fan de jouns dêrfoar. Wel, tocht er, hwat let my en rin in slach om. Hy roun de Jeltemaleane fierder del en sloech, syn hiem foarby, de Sânbuorsterreed yn. It fytspaed wie knap to gean en it waer koe wol minder. In eintsje om 'e bocht, skean efter syn hiem, seach er de donkere kontour fan in hûs. Hea ja, dêr koe er wol even hinne, as foarsitter fan 'e wenningkommisje koe er sljochtwei freegje hwat der mei Saep har hûs barre moast. Hy fielde him ynienen minder iensum, dêr wiene yn alle gefallen minsken, sij it dan âlde. Hy wie op 't lêst ek al... ja it wurd moast der mar út, dreesman. Doe't er tichterby kaem seach er ljocht troch de twa herten dy't yn 'e blinen útsnien wiene en mei't er it paedtsje oproun hearde er sjongen. Nou, sjongen... It like yn alle gefallen wol hwat op Stille Nacht. Hy kloppe op 'e doar mar it sjongen houd oan. Hy kloppe jitris, mar it sjongen houd oan. Doe't it kouplet út wie hearde er in man sizzen: - Waerd dêr op 'e doar slein? Hwa mei der nou noch wêze, sa let op 'e joun? Winsemius hearde dat de skoattel fan 'e doar skoud waerd en dêr stie Melle Mûzekop. Net yn it reabaeijen himd, tocht Winsemius.
- Goejoun Jonker.
- Welstom, mynhear Edo, hoe is mynhear hjir sa fordwaeld?! Wol mynhear der yn?
- Nou ja, as 't koe Melle. Ik moast Jo al even sprekke. Ja, frou Tinga ek, jim beide.
- Kom yn, kom yn, nou moatst ris sjen hwa't wy op bisite krije, Saep!
- Ik steur jimme dochs net?
- Né hear! rôp Saep. Wy sille earst dat iene stikje noch even dien sjonge, jit mynhear in romerfol yn, Melle.
Winsemius seach in mingelsflesfol brandewyn op 'e tafel stean, tusken twa psalm- en gesangboeken yn. Dêrnjonken stiene de romers. Melle helle in tredde romer út it kammenet en sette dy foar Winsemius del.
- Mynhear Edo treft it, hjir kin wol hwat yn, sei er. Romers hat men ûngelyk sjoch, mar hjir kin in foech dikkop yn.
| |
| |
Doe gyng er sitten, sette in izeren briltsje op en naem it sjongboek fan 'e tafel.
- Sille wy dan mar, Saep? Mynhear kin ek wol meisjonge, sjoch as mynhear hwat tichterby skout, hjir njonken my.
- Nou, ik kin net sjonge, Melle.
- Soa, net? Dan wy mar, Saep.
De beide âlden longen dat it in mirakel wie, dat wol sizze, de earen diene Winsemius der sear fan, sà binaude falsk.
Doe't it liet út wie, rôp Saep: - Dat hawwe wy der mar knap ôfswit, hwat Melle? Dêr nimme wy ien op... mynhear moat sines der ek even útnimme.
- Nou, né, tankjewol, ik moat aenst...
- Gjin mirakels! Der is mar ien krystjoun yn 't jier en dy sille wy fiere, hwat Melle?! Jit dou mynhear nochris yn, wy wolle meiinoar op de Heare drinke!
- Ja, en mei nocht en wille, sei Melle. De Heare houd ek wol fan in romerfol doe't er op 'e brulloft wie yn Kanaän. Sa, nou noch in lepfol sûker. Hy is net allinne foar my en Saep kaem, ek foar Jo, mynhear Edo.
- Hâld dy de snappert en lit ús klinke op de Heare! rôp Saep...
In kertier letter stie Winsemius wer bûtendoar, ûnder heftige protesten fan de beide âlde minsken. Mar ja, by koe hjir net langer bliuwe, it sûze en rûze him yn 'e holle en dat gejeuzel oer de krystjoun en Bethlehem. Hawar, hja wiene der lokkich by sa 't like.
Syn hûs like freonliker, de driging foel him alteast net op. Hy fielde him ek net sa iensum en ellindich. Hy is net allinne foar my en Saep kaem, ek foar Jo, mynhear Edo...
Mirakels! Oars net as mirakels, mar dan dochs aerdige mirakels dat moast er tajaen...
En him útklaeijende wie mr. Winsemius der ynienen net mear sa wis fan dat syn stúdzje Dwalingen fan it religieus rjochtsbigryp in ding fan bilang wêze soe.
|
|