De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 321]
| |
II
doe't er nei
fjirtich dagen
yn de wuostyn
honger krige
haste de
divel him
stiennen
foar
brea.
| |
III
doe't de
discipelen
fearen oer
de sé fan
tiberias
roun jezus
| |
[pagina 322]
| |
in spoek op
wetterblierren
in manselhichte
ûnder it
each fan de
rôljende moanne.
| |
IV
jezus spei
tsjin de groun
en lei mei
ierden fingers
it ljocht
op 'e eachlidden
fan 'e bline
en stjûrde
him to waskjen
nei de fiver
silóam
doe kaem der
twaspjalt ûnder
de sinne
hwant it wie
snein.
| |
V
hja brochten him
in frou
op troubrek bitrape
mar jezus
skreau mei
de finger
troch de skaden
fan farizeën en
skriftgelearden
it evangeelje tsjin
de groun
doe wykten de
skaden troch
de diggels fan
de sinne.
| |
[pagina 323]
| |
VI
heech
tsjin it
hout hinge by
in finzen fûgel
tusken
God
en minske
stoar er
in lege
tsjelk
skoep de
fisken
op 'e sé
fleach de
fûgels
fan har sté
ta in nij
testamint.
| |
VII
de beammen
stiene as
doopte bern
to boartsjen
yn it ljocht
doe't jezus
mei syn
learlingen iet
oan de sé fan
tiberias
mar nimmen wist
syn namme to
neamen
hwant hja wisten
dat hja
lytsleauwich
wiene.
|
|