De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 298] [p. 298] G.N. Visser: Spleen I Sums, as ik stil sit by de hurd As de skaden falle, as it joun wer wurdt Sinkt der in frede, tige bitter mar Jitte in frede, en ik haw de kar Sil 'k him bistindigje? sil ik dy fré Ynlizze yn gas? gjin sprong yn tsjuster, né Gjin sprong, in stap mar fan de ien yn d' oare Nacht is de dea... En hwa soe dan net doare? II Sûmberheit, yn hyltyd greater gjalpen Sûmberheit, en swarter de nacht fan fortwiifling Wanhoop, tigerwreed woedzjend, dreamen.. Sjen jinsels as lyk, blaugriis fan ûntbining. It near op de eagen har ljochtlibben biweech Frjemde forstarring, jin meitsjend in frjemd mank de minsken O, de topografy fan har deistige dingen Dû kenst de topografy fan forskriklike plakken. Uterst' ellinde, mar dan ynienen - hwerwei? - Sipet de mûnterheit en dû wurdst oan 'e tafel Hast de causeur wer dyst wieste, dragende ta De wille by en de fleur fan it pratende selskip. Hoe yn 'e fredesnamme, wannelstû neist God ûnbifreesd op de wankele flier fan it wetter Of is yn dyn siele de lêste bislissing riisd Of dangelst démoedich al oan in bynt, oan in tûke? Vorige Volgende