rekkene hy ôf. Joech út wraek gjin foai. Wer op strjitte naem hja him yn 'e earm. Hy liet har gewurde.
- Hwerom seist neat? Hja frege it hast net iens. It klonk as in forwyt.
- Hwat moat ik sizze? frege er skou.
- Ik wit it net. Oer dyn wurk, of oer dyn hûs of dyn faem..
- Dy ha 'k net, bekke hy.
- Kin ik dat witte? Fel, opslách.
Hja seine neat mear. Hja rounen earm yn earm troch de rein en de spegelbylden yn it asfalt. Hja kroep djipper yn har jaske, loek de skouders op. Hy socht yn syn bûsen om de sigaretten. Hy foun se net, se leine noch op it taffeltsje yn de reade nis. Se stiene foar in reklame, efkes letter. Forrikke akkordéonmuzyk twirke nei bûten. In portier mei brune tosken naem harren fan siden op, draeide him ûnforskillich om. Hy seach har freegjend oan, liet har earm los. Hja glimke goedkeap, en stapte nei de doar. Hja socht in plakje by de bar, hielendal yn 'e hoeke tsjin de bitimmering.
- Hwerom yn fredesnamme hjirre? tocht er, wylst er nêst har sitten gong, - dy fint mei dy trui is fêst better klant.
- Mei ik wyn ha? frege hja, en bûgde nei him oer. Hja lake. Hy skrille tobek en flokte himsels út. Hy hie har dochs meinommen, hwat hie hy dan wollen? Hja wie alles bihalven in skoalfamke, farsk út de h.b.s.-banken. Hy andere bleu, dat it goed wie, skamme him foar himsels.
- Twa Samos, andere er de freegjende eagen fan de bar-keeper.
- We hebben alleen nog port, m'neer.
- Ek goed.
Hja line nei him oer, hy koe har hier rûke.
- Hast sigaretten? frege hja.
Hy bistelde hastich in pakje. Hja smookten. Doe lei hja har hân op syn earm. Hy soe de earm tobeklûke, mar skamme him.
- Dyn earste kear? frege hja, fortroulik ynienen.
Hy krige in kaem, stammere, en hy hie spyt fan alles. Hja seach him oan, in glimke loek om har mûlshoeken.
- Hiest better thúsbliuwe kinnen.
- Hwerom? Hy forslokte him yn 'e port, kuchte, hoaste. Hja andere net, mar har skodholjen sei alles.
- Thús? frege er, hast net to forstean. Hy seach de âlde keet, de forsketten doek, it skilderij mei de gatten.
- Né, fordomme, net thús!
De alkohol bigoun to wurkjen. Hja waerd hast kjel fan syn útfal. Der kaem in spjuchtich ljocht yn syn eagen.