‘Hoe liket it, dokter?’ frege Noppert, dy't sa lang bûten wachte hie, de kraech fan 'e jekker oan de earen ta.
‘It liket sa slim as it kin. Dy man moat aenst daelk nei de barakken. Hy hat tifus.’
Noppert die in stap tobek. ‘Hui, hui, dokter, is 't sa slim?’
‘Sa slim is 't, ja. It mei in great wûnder hjitte dat dy keardels it allegear noch net ha. En dy âld bok moat joun noch opbaernd wurde, mei alles hwat der yn is.’
Noppert kaem wer in stap foarút: ‘Dat giet hjir sa mar net.’
‘Dat giet hjir sa mar al. En jo meije beide hannen tichtknipe, dat jo der dêr mei ôf binne. As dit oanset waerd...’
Noppert boun yn. Der kaem in wite motorboat, dy't Jippe meinaem. Noch ienkear sei dokter: ‘Jo witte it nou? Wy binne ôfpraet.’
De hiele ploech stie op 'e wâl. Noppert der tusken yn. Dy spuide syn galle út oer sa'n dokter. ‘Dy lju mei har kluchten en fratsen. De wysheit yn pacht. In knappe bok opbaerne, hwa hat der oait fan heard?’
‘Dat dogge jo net, baes’, pleite Koen, ‘it soe skande wêze. En hwer moatte wy dan keare?’
‘It sil wol moatte. Ik haw gjin kar en alles moat der yn bliuwe.’
‘En ús tekkens dan?’
‘Alles de loft yn.’
‘Dat moast der ek noch by komme.’ Ien foar ien gyngen se yn 'e bok en kamen mei har skeamel bisit werom. In pear klomplearzens, in itenstrompke en in stik tekken. Dy fan Jippe hie Joeke yn in bondeltsje apart. Noppert roun op 'e wâl om.
‘Jimme moatte joun mar nei hûs. Hjir moat ried skaft wurde. Sa gau mooglik binne jim hjir wer. En stek nou de brân der mar yn.’ Mei greate trêdden joech Noppert him ôf.
Joeke lege de peteroaljekanne yn it moassige strie. Blauwe reek kaem troch alle naden.
‘It is foar de rotten ek net bêst’, sei Koen tryst.
It gleone fjûr knettere yn it strie. Roazich waerden de rútsjes forljochte. It hout bigoun to baernen. Giel-griene reek kaem út de tarre.
‘Wy gean nei hûs, mannen, dy âld bok rêdt him wol.’
Efterinoar rounen se de moundyk del. Nou en dan seagen se om. De lôge sloech tsjin de skiere loft.
Dûnker kaem de hjerstjoun oer de wrâld. By de ânlannen dwêstte it lêste fjûr fan de bok. Alles hwat der fan oerbleaun wie, waerd oerspield troch it wetter fan de wjittering.