De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 290] [p. 290] Willem de Jong: Sneonejoun It brea is bakt, it keal slacht' en bret, en ik wurd opnomd yn it sang'rjend oargellûd en yn it myldste jountiidsljocht dat ea troch heal bisleine ruten in mem biskynd' en sêft ta swijen brocht d'oanklacht fan de dingen. En harkjend nei it Wurd, haw ik diel wer oan 't geheimenis en fangt it witten oan: dit is 't moment suprème, ien eagenblik, ien joun sels, bin ik leeljeblank en is 't papier sa wyt as snie. Sawn folle dagen falle my to lang; moai wis dat oan 'e ein it nij papier wer swart bikladde is mei 't âlde, bittere forhael. Mar ien momint, ien joun sels, bin ik leeljeblank. Vorige Volgende