De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 289] [p. 289] [Nummer 11] D.A. Tamminga: Ien wurd - oan Boris Pasternak - Op it skutblêd fan dyn wurken, oan de balke fan dyn wenhûs, yn de jiske foar dyn hurdsté skriuwstou ien wurd. Op dyn fjouwer keamersmuorren, op de doarren dy't dy keare, yn de drippen oan dyn finster skriuwstou ien wurd. Mank it stampen op de pleinen, by 't salút op oarlochshôven, op it lint fan earekrânsen skriuwstou ien wurd. Under spotprint yn de Prawda, op oekazes fan it Kremlin, op de stien dy't troch dyn rút fljocht skriuwstou ien wurd. By it steursein út de aether, by 't gerôl fan tichthústreinen, by it kermjen efter punttrie skriuwstou ien wurd. Yn de hânpalm fan dyn âlden, yn de earskulp fan dyn leafste, op it foarhaed fan jong Ruslân skriuwstou ien wurd. Boppe Europa's rike ierde, boppe ús drok bifearne wetters, tsjin ús drok bifleine loften skriuwstou ien wurd. Wurd, dat nea in hammer gruzelt, nea in sichte wreed ûntwoartelt, wurd, dêr't wy by steane of falle: Frijheit! (Nei Liberté fan Paul Eluard) Vorige Volgende