Gerben Brouwer:
Lytse reportaezje
Foar Jan en Anny
Midsimmer, op in waerme freed, waerd it my yn it hert jown, in dei troch to bringen by de Belzen. Myn hospita, om to sjen in all round widdou, kaem oan 'e doar, doe't ik myn lytse motor foar 't ljocht helle, en seach my oan. Dat brocht my altyd hwat yn bitizing: hja wie in krûm skilich en dat makke har mear koket as in man sa'n dei hawwe kin. Ik hoegde har net to freegjen op 'e duo mei to riden - wy hiene it ienkear bisocht - it wie gjin lichte frou, ik ried allinne op it eftertsjil en dan leit men tó gau tsjin 'e groun.
‘Komt u vanavond laat thuis?’
‘Ik ga vandaag naar de Belgen, mevrouw’, sei ik forûntskuldigjend.
‘Nou, als u toch laat thuis komt, ga ik naar Oss.’ En hja roun krigel de gong yn. Ik startte. In healûre letter stie ik by in jonge douane, dy't út it grinskroechje kaem en der gau wer hinne woe, dat ik koe sûnder folle omslach trochride.
Ynienen hearde ik in heislik trelit yn it ‘staminéke’. Ik woe witte hwat der to dwaen wie, dat ik roun troch de iepen doar nei binnen. Der waerd net fochten, mar in mem en har dochter bearden tsjin inoar as wylden. De hastige douane holp de jongfaem, dy't perfoarst skuon keapje woe yn Eindhoven, towyl de mem net fierder woe as Valkenswaard.
‘Se benne d'r even goeikoap en even schoan’.
It wie dúdlik, dat de douane op erotyske grounen oan 'e kant stie fan de jongfaem - en dat moat men forjaen. Mar de mem hie de ein yn 'e bek fan 'e lange wei; hja wie wurch en daemsteech en hie yn mennich ‘staminéke’ de waermte mei brún belgysk bier bifochten. Ik naem it op foar de mem en bipleite militant en mei ynmoed de forbjusterjende alluere fan de skuonwinkels fan Valkenswaard. Ik brocht stikken yn 'e striid fan sa'n kaliber, dat de douane joech bilies.
‘Mem bliuwt hjir om to bikommen en ik gean mei jou dochter nei Valkenswaard, dan docht dy dêr, hwat se wol’.
Mem, dy't efter ‘enen ollandsen borrel’ noch drokker praette en noch minder tocht as ornaris, fearre nei my omheech, as wie it har jierdei, joech my it fiat en ik strykte der út mei de faem.
Hja hie moaije lytse fuotten en socht moaije lytse skuon; ik socht moedich mei om it bêste, hwat Brabân yn dit stik op-