De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 193] [p. 193] [Nummer 7/8] J. Kroes: Alde maeije Sa simpel as it altyd wie sa simpel sil it altyd bliuwe, gjin dichter hoecht sa heech to kliuwen, - de swalker nammers sliept op strie. In nije maeije kaem oer 't lân, de ierde naem de nije soppen; it wie de tiid fan 't djippe roppen, dou joechste my mear as dyn hân. Dy't yn it hert in swalker is, fan eigen dreamen jimmer dreaun, wurdt by in koerts sa klear biskreaun, in paed sa sljocht, bang en ûnwis. Mar hjoed noch jildt de ieuw'ne wet; nou't dêr de guds foar 't siedreau giet, de fruchtb're ierde heint it sied, fjochtsje ik mei ûnrêst en forlet. Vorige Volgende