Op it harspit:
Nuver forsin
Immen, dy't sûnder ljocht fytst, komt net as dief of as moardner foar de rjochter. Douwe Tamminga liket lykwols in polysjeman to wêzen, dy't soks al sa hawwe wol.
Der Clercke Cronike frege my, oft ik in stikje foar in spesiael nûmer skriuwe woe. As âld-redakteur fan ús Grinzer studinteblêd koe ik uteraerd net wegerje. Ik skreau in lyts stikje, sûnder pretinsjes, dêr't ik yn bisocht dúdlik to meitsjen, hoe't ik ôfskie nommen haw fan de polemyk. It stikje hie as titel Polemiek. Oan de ein tsjutte ik hiel efkes oan, dat it libbenspetear, dat houlik hjit, in faktor wêze kin, dy't de strideraesjes yn kranten en tydskriften oerstallich makket.
It hiele stikje gie dus oer myn foroare forhâlding mei de polemyk. Douwe Tamminga skreau yn De Tsjerne lykwols in stikje Fokke Sierksma en it houlik. Hy hat op in stuit blykber min lêze kind, hwant hy wol hawwe, dat neffens my de produksje fan kunst net past by in lokkich houlik. Dêr haw ik fansels net oer prakkeseard. En de lêzers fan De Tsjerne, dy't - nim ik oan - net geregeld in studintetydskrift lêze, woe ik dêrom graech efkes meidiele, dat Tamminga fan myn simpel stikje neat bigrepen hat. Ik bin ryklik let mei myn korreksje, mar de dichter hat my fan syn oanfal net in oerdrukje stjûrd, dat ik krige it yn de Peaskefakânsje yn Grins tafallich ûnder eagen. En Tamminga woe ik graech sizze, sûnder polemyk, mar as dúdlike meidieling, dat ús houlik allinnich myn frou en my oangiet en dat wy it togearre bêst rêdde kinne sûnder advys fan dichterlike houliksadvysbureaus. Fierders mei hy, hwat my oanbilanget, oer ûnderskreaune en de polemyk (dêr't ik oer skreaun haw) en oer ûnderskreaune en de kunst (dêr't ik net oer skreaun haw) safolle skriuwe as hy wol. Persoanlik hoopje ik, dat hy net de polemyk yn it plak fan de poëzij komme lit.
F. SIERKSMA