gnúfd hawwe en ek neitiid hat der fan de kant fan de skriuwers amper in bisykjen west om yn dit soarte hwat to bringen. Dat is opmerklik, hwant sawol yn de ynternasionale toaniellitteratuer, alteast foarsafier't it Nederlânske biropstoaniel ús dêrmei yn de kunde bringt, as yn de Nederlânske kar fan stikken foar it amateurtoaniel nimt de thriller in great plak yn. Hein Groeneveld syn earste bisykjen dy kant út wie in jiermannich forlyn it stik Om de wierheit, dat binammen toanieltechnysk net sa bisûnder slagge en dat aldergeloks nou omwurke is en takomme hjerst yn in oare foarm op it Fryske toaniel weromkomt.
Moard yn pension Erica is in gâns knapper wurkstik; it is in goed bisykjen om de thriller in psychologyske fordjipping to jaen en it skrillet der net foar werom om de persoanen, dy't der yn spylje sa skerp mooglik to biljochtsjen troch har problemen en libbensfragen yn it stik nei foaren to bringen. It is de fraech, oft dat net mei in bytsje minder neidruklikens, mei in oantsjutten ta kinnen hie. Dy fraech is yn alle earnst diskutabel en dat is al in biwiis, dat wy hjir mei in forantwurde en weardefol stik to meitsjen hawwe.
Net alle ploegen, dy't oer dat stik gear west hawwe, brochten der like folle fan to lânne. De première yn Harns wie min en dat wie fan dy gefolgen, dat ek it stik net út de ferve kaem. Binammen it earste bidriuw like ús doe slim langtriedderich ta, in miening, dy't wy wizigje moasten doe't wy letter de opfiering fan it kritetoaniel fan Ljouwert seagen. Op de slútjoun fan it Boun fan Fryske Toanielselskippen hat in ploech, gearstald út toanielgroepen dy't dit stik spile hawwe, noch ris in opfiering jown; in skoander bisykjen, dat lykwols in lang en tige earnstich repetearjen freget om ta in resultaet fan bitsjutting to kommen.
Fan de oare nije Fryske stikken - in stikmannich binne yn eardere toanielkroniken al bisprutsen - wolle wy noch neame it yn de priisfraech fan it Kristlik Frysk Selskip mei in earste priis bikroande stik De seinekeapman fan Ype Poortinga en Barend van der Veen. It spilet yn de tiid, dat yn Fryslân it Kristendom krekt hwat trochbriek en dy histoaryske eftergroun is troch de beide skriuwers knap oantsjut. Ek it forhael is suggestyf en sprekkend en ek reëler as fan in stik, dat as forbyldingsspul oankundige is, forwachte wurde kin. It giet oer twa bruorren dy't om in stik lân, dat har forstoarne heit har neilitten hat, hurdmeane moatte. De minste meaner keapet in wûnderseine fan de seinekeapman en forslacht syn broer; de broer kin, as er dy seine yn de hân nimt, it ding net mear baes bliuwe en slacht der syn broer mei dea.
It is hwat spitich, dat it dramatyske hichtepunt him efter de koulizen ôfspilet; it liket wol dat in protte Fryske toanielskriuwers noch net moedich genôch binne en bring by need àlles mar op it toaniel. Toaniel wol ‘toane’, sjen litte - dat wurdt noch to faek forgetten.
De première fan De seinekeapman yn de Prinsetún wie, hwat it spyljen oanbilanget, nou just gjin forbjusterjend sukses. De regisseur Pyt van der Zee, dy't sels de seinekeapman spile en him dêrby tige oerdiedich en ûndubieus smynkt en klaeid hie as de baerlike duvel sels, brocht it dizze kear net fierder as in oantsjutten, of leaver sein: diskutabel stellen fan hoe't it wêze kin. Ek dat is lykwols fan wearde, weardefoller faeks as it ‘omraek spyljen’ dêr't guon kritebistjûrders en de iverige foarsitters fan toanielklubs oan de ein an dit winterskoft wer sa wiis mei binne.
PITER TERPSTRA