Krityk yn it koart:
Tsien repetysjes
Mei de Pinne helle, de tsien bêste sketsen út de Priisfraech 1955 fan it Rely Jorritsma Founs.
Utjefte Brandenburgh & Co, Snits. De Fryske Bibletheek LXXXIV.
In koart forhael skriuwe is yn fryslân it folgjende ta nedich. In oankundiging yn de krante, dat it jild fan rely jorritsma wer ompart wurde sil. Dan de binearjende fraech: Hoe skriuw ik in koart forhael? Of mei it kanarje-boekje: How do I become a writer? Hoe bring ik it ta in persoanlikheit?
Wolnou, fantasearje jin in persoanlikheit. Gjin fûgel, mearkesamler of skriuwer, dy't slypmasyntsjes stelt, sa't dy gekke jo smit soks oanpakt, né, in echte persoanlikheit. Ien mei problemen, as 't kin. Fan libben en dea.
Op itselde stuit dat men de lêzer mei dy persoanlikheit yn de kunde bringt, lit men him ek fuortendaliks oan syn probleem tinke. Jeuzelje oer tafallichheden is der yn fryslân net by. Ta de saek. Ane Jousma, dy't biwize wol dat men der mei tinken allinne net komt, hwat foar it tinken fan de skriuwer sûnder mis opgiet, lit in atoomgelearde syn potlead dellizze, de eagen fan de formules ôfkeare, troch it finster stoarje en fuortendaliks oan fryslân tinke. Sa't dat in atoomgelearde fan frysk komôf past. Yn it forhael fan dam jaersma mei de nijsgjirrige titel It kaem sa't it komme moast gûlt de wyn meiiens al as ‘in lyts bern dat kleijend om syn mem ropt’. Dat is goed. Men is daliks medias in res. Al hat de haedpersoan yn earsten allinne noch mar in brief krige fan in freon mei in útnoeging foar in bisyk, it needlot galmet al troch de skoarstien en alles kin komme, sa't it komme moast. It is forkeard en hâld foar de lêzer forrassingen yn petto. Hy moat daliks witte, hwer't er oan ta is.
Itselde ûnlijige waer yn De Treppen fan jehannes rienstra en Yn 'e Binearing fan s. de haan, hwant ek dit moat eltse skriuwer fan koarte forhalen goed foar it forstân ha: lit Jou problematyske persoanlikheit him nea ta de teannen út formeitsje, wylst it min waer is en soargje derfoar, dat er him nea biroerd fielt, as de sinne skynt. Hollywood docht it krekt sa. Holy feelings in a holy wood.
Hjirút folget logysk it folgjende prinsipe: Lit it tusken man en frou nea ta in werklike moeting komme, mar hâld de sfear broeisk. Soargje der foar, dat de temperatuer, dy't it lichem eins forlitte moat, tusken de klean sitten bliuwt krekt as yn de bioskoop by in waerme, mar troch de censuer goedkarde film. Doch as inne de jong yn Yntermezzo en jow jins held in fikse poarsje forkrongen seksualiteit mei. Hy wurdt nammersto ynbanniger. Set foar him oer in lichtsinnich famke, dat fansels út de stêd komt, en it tafriel is kompleet.
K. haakma en piter terpstra hawwe har oan dat lêste prinsipe net hâlden. Hja litte it wol ta leafde komme, mar skriuwe gelokkich noch min genôch om it brodzige en broeiske elemint ta syn rjocht komme to litten. ‘Dit is myn hillichdom. Hjir libje ik my út’, forklearret de jonge dokter fan haakma koart en krêftich oan de frou