hy kroep wer yn 'e prénatale hâlding, soe sa wol altyd trochride wolle. it wie sa lekker waerm en fan it gepraet fan 'e minsken hied er nei syn meneuvels mei de sjael gjin lêst mear. en it lûd fan 'e motor? o, dat joech alles in fredich kasjet.
- hwat liket it dochs moai al dy ljochtsjes fan 'e stêd. de buorman miende dat er him der op wize moast. hy skrille oerein en ûntduts efter it wazige rút nou ek de oranje bôge dy't der boppe ljouwert hong.
wer slûge er hwat. by de lekkumerdyk murk er dat der in oarenien neist him sitten gong. út de manear-hwerop woed er opmeitsje hokker soarte minske it wêze soe. allerhande fantasijen boarten 'm troch de holle. de spanning hie 'm sa yn 'e bisnijing dat er de eagen net iepen die, né, hieltyd yn jungle fan tinzen fierder doarmje woe. doe't hja by de bleek de swaei makken, hâldde er it net langer út:
in pakemantsje wie it, dy't krekt útwurke tabaksraffels efter syn brúngiele tosken wei yn in buismansbuske falle liet. stank weage him nou troch de noas - in opjage murd soe it de keardel net forbettere ha. de kjeld luts 'm oer it lofterskouderblêd (as er in goed fers lies wie dat ek sa!). fuortdaelks foun er in oar plak....
Syn sykjen helle neat út; ek net doe't de lange wizer al fier efter de folle ûre sprongen wie.
- earst mar nei it pishok -. doe stie er earne yn 'e lijte de pealtsjes mei de buordtsjes mei de einstasions der op to tellen. fan lofts nei rjochts. ien, twa, trije en fjouwer kear; hinne en werom.... werom en hinne.... en samar troch....
it reinde in bytsje; in net to sizzen melancholy krige 'm yn 'e macht.
- sil 'k de stêd yngean? né, it sei 'm neat, samar wied er kopskou wurden fan it rûzich stedsgedoch. mei deselde bus ried er werom....
Dy jouns socht er kompensaesje by rikie.
- ik wol kuijerje, oars neat as kuijerje, ûntskuldige er him.
it wie har goed - alles wie har nammers goed. se praetten oer ditten en datten en bekfochten op 't lêst oer de fraech oft de friezen al of net sentiminteel wiene. it duorre net lang, doe hied er syn nocht fan it sofistysk geëamel. hy hie al in hiel set oars neat fan har heard as sûgjende liplûden. dêrom like it him gaedlik ta en freegje oft se mei in oarsoarte bekfjochtsjen op 'e hichte wie.