G.N. Visser:
Fjouwer Sudamerikaenske folksfersen
Doe't de Spaenske bisetters fan Paraguay yn it twadde en tredde fearn fan de sechtsjinde ieu guon ekspedysjes ûndernamen en dêrby ek nei it easten teagen, founen hja yn de kriten fan de greate Guaíra-wetterfallen yn de Paraná-rivier minsken, Yndianen dy't, sa seit it forhael, sterker en feardiger wiene as de stammen dêr't hja earder mei yn de kunde kamen. De greater geastlike en fysike krêft fan dizze Yndianen waerd troch de conquistadores ringen yn forbân brocht mei de folksdrank, to witten de mate, setsel fan in hulstsoarte (Ilex paraguayensis), dy't dêr wyld yn de bosken foarkaem. Dat de Yndianen dat sels ek dienen, fan de drank yn alle gefallen tige heech opjoegen, docht kleare bliken út de leginden, hweryn't de oarsprong derfan forhelle wurdt: de mate wie har fan in god, de god Tupá, skonken! It seit himsels, dat de saek yn de eagen fan de fûl Roomske conquistadores dêrtroch net better waerd; krekt oarsom: de clerus bigoun in fûle kampanje tsjin it duvelsdrinken, dat om forskate redenen - it tokoart oan goed wetter bygelyks - ûnder de Spaenske kolonisten al moai gau tige wurdearre waerd. Doe't dizze kampanje lykwols folslein mislearre, foroaren hja fan taktyk. De mate wie net mear in duvelsdrank mar in heilsum drinken, net fan in ûngod, mar de minsken fan Kristlike hilligen skonken. De earste romance, hjirefter ôfprinte, jowt yn dit stik de bireizge apostel Sint Tomas de eare, mar ek oare hilligen waerden wol bringers fan it Paraguay-krûd neamd.
De twadde romance hat de dea fan de conquistador Nuño de Chaves ta ûnderwerp, bihannelt dus in histoaryske stoffe. Hokker kriichsman dy De Chaves krekt is haw ik net neigean kinnen en ik doar him dus net samar identyk to forklearjen oan in figuer mei deselde skaeinamme, dy't frijhwat in rol yn de skiednis fan Paraguay spile hat, oan Ñuflo de Chaves, ien fan de pommeranten ûnder de conquistadores, dy't ek nei Perú teach om dêr Karel V syn folmacht La Gasca de stipe fan syn chef, de gouverneur Irala, oan to bieden. Mar by dy tocht alteast rêdde er it libben derôf....
Beide romances hearre ta it litteraire mandegoed fan it Paraguayske folk. Sûnder mis falt de lêzer de nijsgjirrige foarm op. Hy sjocht dat de even fersrigels assonearje, dat wol sizze yn de einwurden altyd deselde klank hawwe, wylst de ûneven rigels dat klankrym misse. By oersetting en origineel beide is dat yn beide gefallen de klinker a, dy't ik dus yn de Fryske versy bihâlde koe, ik hoopje sûnder tofolle forsearring, dy't ommers alhiel net strike soe mei de simpele tael en de naïve geast fan dizze twa stikken.
It tredde en fjirde fers, De Klok en It Douke, komme efo. út Ecuador en Uruguay. It earste hoecht hjir neat fan sein to wurden, it fortelt âld nijs, al bart dat op in bisûndere - en in bisûnder effektive - wize, by it oare moat it wurd dat hjir hieltyd as refrein weromkomt forklearre wurde. Vidalitá is, sizze de wurdboeken, in tryste leafdesang, dy't yn de La Platalânnen by de guitarre songen wurdt.