De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 174]
| |
H.T.J. Miedema:
| |
[pagina 175]
| |
Friezelieten steane deryn, it ûnechte en ek it echte, it liet dus dat Hermann Allmers dichte en op muzyk brocht hat. Allmers hat it yn 1892 skreaun as bounsliet foar de Rüstringer Heimatbund. It is frijhwat oerdreaun en ik wol net leauwe dat der ien is, dy't der heech mei rint. Dochs waerd it doedestiids faek songen, ek yn Noardfryslân. Doe't Sipma yn it bigjin fan dizze ieu de Noardfryske stambruorren opsocht, waerd it liet op har Friezedagen û.o. yn 1905 en 1909 songen en by hat it doe by ús bikend makke yn Forjit my net fan 1908 en 1910: Ihr Freunde stimmt an unser Friesenlied,
singt das Lied nun vom Heimathlande,
dass freudiger Stolz unser Herz durchzieht
und sich inniger knüpfen die Bande.
Wer die Heimath nicht liebt und die Heimath nicht ehrt,
ist ein Lump und des Glücks in der Heimath nicht werth.
Frisia Cantat jowt in Noardfryske oersetting fan Nis Albrecht Johannsen, in Eastfrysken fan Wilhelmine Siefkes en ien yn ús Frysk fan Marten Sikkema. Dy fan Wilhelmine Siefkes is frij letterlik, mar opmerklik is, dat hja it slot fan it liet hwat omwurke hat. Dêr't Allmers seit: Ja wir wollen uns freu'n, dass wir Friesen sind....
Doch am heiligsten halten das Herzensband,
dass uns fesselt ans grössere Vaterland.
skriuwt hja yn de lêste rigels: Un hillig ok hollen dat Hartensband,
dat uns knüppt an dat grotere Freesenland.
It is dúdlik dat hja it net mei Allmers' Heechdútske ynstelling iens is, mar it mei Great-Fryslân hâldt. Dat jildt noch mear foar Johannsen en Sikkema, dy't in frije biwurking joegen. Fan Kl. Dykstra hearde ik dat ek Douwe Kalma al tweintich jier earder in oersetting makke hat, yn it Frysk-nasionale moanneblêd Us Striid fan desimber 1934. It is net ûnaerdich dy beide forfryskingen njonken elkoar to lizzen. Men sjocht dan, hoe't Kalma en Sikkema it liet fan Allmers net allinne neffens de tael, mar noch mear neffens de geast forfryske hawwe. It kearfers fan de earste strofe waerd by Kalma: Hwa't om Fryslân net jowt en syn Fryslân forjit,
Is in smjunt en net wirch det er Fries mear hjit.
En Sikkema hat yn syn Liet fan Greatfryslân: Hwa't syn Fryslân net leavet, syn Fryslân net ken,
hat syn rjocht op de âldfryske frijdom forlern.
| |
[pagina 176]
| |
Nijsgjirriger is it de tredde strofe to forgelykjen. Allmers hat: Du mein wogenumrauschtes, mein Friesenland,
keine Macht in der Welt soll uns scheiden.
Von Niederlands Küste bis Dänemarks Strand
Segen den Saaten und Weiden!
Heil dir, o Heimath, mit Weib und Kind,
hurrah hoch, wir sind stolz, dass wir Friesen sind!
D. Kalma: Dû fen weagen omrûze, dû djûr Frysk lân,
Hokfor macht scoe dyn bern fen dy skiede?
Fen âld Starums kontrei ta it Sölring strân,
Seine dyn aljaende ierde!
Heil den, dû heitelân, heil, dû folk,
Yn bloei ús in blidens, yn need yet nolk!
M. Sikkema: Myn weagenbispiele, greatfryslân, myn lân,
nea gjin macht fan 'e wrâld sil ús skiede;
fan Nederlâns iggen ta Denemarks strân
sil gjin strider dyn wêzen forriede.
Eala, Fryslân, wês moedich, wês lokkich, wês frij,
Eala, folk fan de frijdom, wy hearre ta dy.
Der is, tinkt my, gâns forskil tusken it mear trochlibbe idéalisme fan ús dichters en de greate en greatske wurden fan Allmers. De Dútsker wie al in goede sawntich jier âld, doe't er it liet makke. Hy wie yn 1821 berne yn Rechtenfleth boppe Bremen oan de rjochterigge fan de Wezer. Syn berteplak leit yn Osterstade en it is tige de fraech, oft it yn de iere Midsieuwen ea Frysk west hat, oars as bygelyks it lân Wursten, dat noardliker leit en dat yndie Aldfrysk gebiet is, al leit it ek rjochts fan de Wezer. Om de eftergrounen fan Allmers' wurk to bigripen moat men hwat fan syn komôf en syn libben witte. Syn heit wie in rike boer út Rechtenfleth, ien fan de greatsten út de omkriten, in deïst en frijmitseler, dy't foar de twade kear troud wie oan in dominysdochter. Mei de bern út it earste houlik wie altyd Platdútsk praet, mar de jonge Hermann waerd alhiel yn it Heechdútsk opbrocht, - doe noch hwat ûngewoans dêrre, mar hy wie der letter tige greatsk op. Dat hat sûnder mis gâns ynfloed hawn. Hy gyng der fan út, in gast moat him oanpasse by de gewoanten fan it hûs, mar hy easke dêrom fan elk, dy't by him kaem en Heechdútsk koe, dat er dat ek praette. Hy koe ek mar min forneare dat in famyljelid in foarleafde hie foar it Platdútsk. Allmers achte it ûnmooglik yn it ‘wurdearme’ Platdútsk in heger petear to hawwen. Dochs hie er wol in goed ynsjoch yn de taelforhâldin- | |
[pagina 177]
| |
gen, doe't er it frisia non cantat forklearre mei dat de Friezen Heechdútsk lêze, skriuwe en sjonge moatte, wylst hja Platdútsk tinke. Likegoed bisocht er rounom it Heechdútsk ûnderwiis en lêzen en dêrtroch de ‘biskaving’ to bifoarderjen. Sels hat er net op skoalle west, mar hy krige ûnderrjocht fan hûsûnderwizers. Letter wie er winterdeis ornaris yn Bremen yn de kost en naem dêr allerhanne lessen. Hy dweepte mei muzyk en poëzij, foaral mei Uhland, mar ek mei de frijheitsstriid fan de Griken en Poalen. Yn de kwestje Sleeswyk-Holstein wie er tige pro-Dútsk. Binammen yn 1848 hat er him ward om de swier to rissen bifolking fan de Wezerklaei yn biweging to krijen en net sûnder sukses. Doe't syn heit yn 1849 forstoar, naem er dy syn wurk en funksjes oer. Underwilens hie er yn 1845 syn earste greate reis makke, û.o. nei Turnvater Jahn yn Freiburg, nei Eastenryk en Noard-Itaelje. Sûnt 1847 wie er dwaende mei it skriuwen fan syn Marschenbuch, in geakunde fan de klaeistrekenGa naar voetnoot*) tusken Wezer en Elbe. Op syn reizen oer de bergen hie it him bliken dien, hwat in misbigripen der by de minsken yn it suden bistiene oer lân en folk fan de Nordseemarschen, dêr't dochs ek har bruorren wennen: ‘Mitgenossen eines grossen heiligen Vaterlandes’! Earst yn 1857 forskynde it boek. It jowt in boeijend biskreaun oersjoch fan aerd en skiednis fan de fette klaeistreken by de kust en lit him nou noch like goed lêze as doe. Allmers waerd forneamd as de man fan it Marschenbuch, dat gâns minsken, eigen en frjemd, de eagen iepene hat foar de skientme fan dy dizige oarden oan de sé. It wurk wist er yn de hannen fan bitroud folk, dat hy gyng gauris op reis, as it him wer oanfleach. Yn Tübingen socht er Uhland op, dy't doe al sawntich jier wie. Op 12 july 1859 kaem er yn Napels yn de kunde mei, lykas er sels fortelt, ‘zwei West-friesen, dem alten Halbertsma, einem namhaften klassischen Philologen, and seinem Sohn’ en hy reizge mei harren nei Puzzuoli oan de golf fan Napels en letter nei Caserta, mear it binnenlân yn. Dat moat Joast Halbertsma west hawwe, mei foar it neist syn soan Tsjalling Justus, de lettere Grinzer heechlearaer. Fan mear bitsjutting wie lykwols, dat Allmers doe ek mei Ernst Haeckel yn de kunde kaem. Dy jonge biolooch waerd in freon foar it libben. Haeckel die yn dy jierren de ûndersikingen, dy't him forneamd meitsje soene. Yn syn boeken hat er syn materialistyske opfettings propagearre en sa hat er gâns | |
[pagina 178]
| |
minsken fan it kristendom forfrjemde. Ek Allmers seach gjin kâns leauwe en wittenskip to kombinearjen. Hy wie gjin materialist, mar mear in pantheïst of agnostikus. Hy moast yn elk gefal net folle fan de tsjerke hawwe, al spriek de roomske earetsjinst gefoel en forbylding fan de romantikus Allmers tige oan. Hy hie syn eigen godstsjinst, is der wolris sein. Yn syn forneamde Römische Schlendertage hat Allmers in prachtige biskriuwing jown fan syn ûnderfiningen yn de ivige stêd. Syn bilangstelling gyng foaral út nei de minsken en nei de kunstskatten. Dat hat syn hiele libben sa west. Yn syn hûs yn Rechtenfleth ûntfong er as in soarte fan Maecenas jonge kunstners, dy't er oanmoedige en opdrachten joech. Dêr kamen ek syn ‘Wahlneffen’ útfanhûs yn har fakânsje en songen dêr syn lieten. Sûnt 1876 wie de jonge gymnasiast Theodor Siebs út Bremen ien fan harren. Syn âlden kamen wol út Wangerlân, mar syn leafde foar it Frysk hat er grif earst by Allmers opdien. Yn 1884 makken hja togearre in fuotreis nei Sealterlân en yn itselde jier bistudearre de jonge studint it útstjerrende Frysk fan it eilân Wangereach. Allmers wie nochal wiis mei himsels en ek hwat oerdreaun yn syn idéen en uteringen. By syn libben hiene guon him al ris to fiter. Hy noege ris in greate groep kunstners en gelearden út Bremen nei Rechtenfleth, dêr't in hunebêd útgroeven wurde soe. Der wie noch mar efkes yn de groun omdold, of der kaem al in stien foar it ljocht mei in oerâlde ynskripsje, sa't it like. Fuortendaliks bisochten hja de rune-eftige tekens to lêzen. Der stie: ‘Wer dat ingroaben hett, dat is 'n rechten FlättGa naar voetnoot*)’. Allmers naem him dizze grap tige nei. Syn hûs mei gâns bylden en skilderijen is nou in museum. Yn de foarige ieu hawwe syn persoan en syn wurk in greate ynfloed hawn, mar nou is de namme Allmers allinne noch bikend troch it Marschenbuch, inkelde studintelieten en in pear stimmingsfersen, lykas syn Feldeinsamkeit, dat fan Brahms op muzyk brocht is. It Friezeliet heart net by syn bêste wurk. Dan wol ik noch neame Die Stedinger, dat de krústocht tsjin de Stedingers bisjongt, mar dat nea klear kommen is. Hy wie ienkear in man, dy't allinne hwat skriuwe koe en woe, as de geast him dreau, dat sa is it by fragminten bleaun. Hy hat der om 1855 hinne oan arbeide. Yn 1856 droech er Uhland in stik foar. Dy wie frijhwat twivelich, hoe't it him oankomme soe, dat Allmers de Stedingers Platdútsk prate lit yn in Heechdútsk heltedicht. Mar Allmers forklearre dat er syn rouwe klanten mei sin dy platte tael prate liet, en doe't Uhland | |
[pagina 179]
| |
de foardracht heard hie, wie er tige op it snjit en trúnde de dichter oan om fuort to farren. Yn de Stedinger krústocht loeken Allmers binammen de skildereftige en dramatyske tafrielen oan. Hy achte himsels in Fries en seach ek yn de Stedingers Friezen, al is it lêste noch minder wierskynlik as it earste. Har gebiet lei tusken Bremen en Oldenburg, biwesten de Wezer. It is net útsletten dat har lân mei fan Friezen oanmakke is, likegoed as ieuwen letter by ús it Bildt, mar de Stedinger kolonisten foarmen yn elk gefal in net-Frysk mingfolk. Dat Allmers har foar Friezen naem, giet miskien tobek op in forzûnderstelling fan Ubbo Emmius, dy't foldwaende wjerlein is. Better to bigripen is de sympathy fan de dichter foar de Stedingers, dy't yn 1234 yn de slach by Altenesch fan in krúsleger útroege waerden, foarsafier't hja net nei de Friezen yn Rjustringen flechtsje koene. De misse tastannen yn de Midsieuske tsjerke sille elkenien leed wêze, likegoed as it optreden fan de foarst-biskop fan Bremen. Dat de ekonomyske polityk ek doe hast alle forhâldingen bihearske, wurdt jin dúdlik, as men bygelyks yn de stúdzje fan Robert Allmers oer Die Unfreiheit der Friesen zwischen Weser und Jade lêst, hoe't it om 1250 hinne de Rjustringer Friezen slagge de hannel fan Bremen, de stêd dy't doe yn opkomst wie, folslein stil to lizzen, mei't hja fan de Bremer skippen op de Wezer tol easken of namen. Dat wie yn de tiid dat de Friezen der noch net sa min foar stiene en mei elkoar kontakt hâldden by de Upstalbeam. Noch yn 1368 wisten de Rjustringer Friezen de Bremers en Oldenburgers to forslaen. Nei dy tiid kaem lykwols de delgong, doe't har haedlingen it biwâld yn hannen krigen en it net mei elkoar iens wiene. My tinkt, hwat ús sympathy hawwe kin, is foaral de moed fan de Stedingers by har frijheitsstriid tsjin de oermacht. Fan dat oangeande hiene de Drintske boeren yn 1227, in pear jier foar de slach by Altenesch, mear sukses hawn, doe't hja de legers fan de Uterske biskop forsloegen yn de slach by Ane, lang foar de Flaemske Goudenspoareslach en de slach by Warns. Allmers lit ek syn foarfaers, Stedingers fan Osterstade, meidwaen yn de striid fan in alvetûzen boeren tsjin it ridderleger fan fjirtich tûzen man: Dumpf klirrend zogen sie nun heran,
Wohl an die vierzigtausend Mann.
Das gab ein grausiges Gedresch
Dort auf dem Felde bei Altenesch,
Das ward ein Kampf so wild und heiss,
Wie keinen man zu denken weiss.
| |
[pagina 180]
| |
Foarsafier't my bikend is, hat Allmers net witten, dat yn dyselde tiid ek Harmen Sytstra en Tiede Dykstra sa'n bilangstelling hiene foar de ‘Fryske’ Stedingers. Njonken it Fryske seagen hja faeks ek it antiklerikale elemint yn har striid. Dykstra hat yn 1859 yn Iduna in wiidweidich stik skreaun oer de Stedingers en syn freon D. Bouma Nieuwenhuis hie, neffens Piebenga syn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse (2e pr.), al yn 1856 de Dútske folksroman De Stedingers fan Bernd von Guseck yn it Nederlânsk oerset. Wierskynlik hawwe dizze mannen ek gjin witten hawn fan Allmers. Dykstra syn learling Johan Winkler krige lykwols yn 1870 fan Allmers in oersetting fan de parabel fan de forlerne soan yn it dialekt fan Rechtenfleth, dy't er yn syn Dialecticon opnaem, likegoed as de oersettingen, dy't de Platdútske skriuwers Klaus Groth en Fritz Reuter foar him makke hiene. Yn 1882 joech De Tijdspiegel in artikel fan Winkler: Friezen over de grenzen. Hy bisprekt ek de ‘Wezer-Friezen’ en nimt inkelde forhalen oer út it Marschenbuch fan Allmers, dat er tige heech set. Ien derfan is de skiednis fan de Stedingers. De Tijdspiegel waerd blykber ek yn de Minahassa op Celebes lêzen. Alteast Winkler syn stik hat noch yn 1882 de sindeling en Multatuli-bistrider J.N. Wiersma ynspirearre ta in birime Krjustocht tsjin de Friezen, dy't yn Swanneblommen 1885 opnommen waerd en letter ek yn Wumkes' Frysk Rymsnoer. Fansels wiene hjir de Stedingers wer Friezen, likegoed as by Allmers sels. Wiersma is grif ûnder de yndruk kommen fan de tragyk fan de striders tsjin it biskoplike twangbiwâld. Wylst by Sytstra, Dykstra en Bouma Nieuwenhuis it Frysk nasionalisme in antiklerikale ynslach hat, kin men by Wiersma mear in anti-roomsk forset fine. Sa is it nijsgjirrich to sjen, hoe't yn de foarige ieu Allmers' Stedingers by ús wjerklank founen en hoe't yn dizze ieu syn Friezeliet oersetters krige út alle Fryslannen. Sa'n sukses hat Allmers nea net ealgje kinnen. Of soene wy net better prate kinne fan it sukses fan de Fryske idé, dy't opbloeid is, mei troch Allmers syn wurden? Dy hat ek Wiersma ynspirearre dêr op it fiere Celebes: Ik wol fen dy Stedinger Friezen hjir telle,
Mûlk fjûrret it yette de iver hwet oan
Fen 't Friezene slachte, fen âlden en jongen,
For 't eabele stânfrysk, nou bynei forstoarn. -
Hja fochten for hjar hillich rjucht,
Hja stoaren frij, dy braven;
Hjar dea wier 't segel op hjar wird:
‘Yet ljeaver dead as slaven’.
O, ha wy yet in fonkjen oer
Fen 't fjûr, det hjar bisiele,
Us frijdom, stean w' as hja dêr foar!
Dy moat nin ien forniele!
|
|