De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 170] [p. 170] Sjoerd Spanninga: De blauwe ingel Aha ek foar saken op reis sa let oan 'e klok hwant langer hat elk syn gelikens lâns it perron nou saken saken... my yn tsjerke sjoen né dêr moatte jo mis mei wêze myn broer miskien ja kâld foar de tiid fan 't jier baba bilkstiender heart dat fanke by jo man hoe kin men dan noch prate fan kjeld en jeuzelje oer oare dingen mei 't fjûr op side en de flam yn it bigearlik bloed de godstsjinst wurdt njonkelytsen wol sa âld en krebintich dat alle waermte is der suver út forballe en hja hat dóchs it ivige libben soks kinne jo en ik har fuortdaelks noch net neisizze wis de blauwe ingel hat de gong der mar stevich yn it is in lust sa deugdlik as it lân der hinne leit dit is it eigene hjir hat de boer deselde stap noch as de kij en de sinne dy makket in bêste deihier de fjilden fleane jin foarby mar de skilderstikken bliuwe hingjen wylst de tsjillen oer de raljes rôlje soa heart dat skoandere skepsel... tsjonge noch ta gouvernante woe 'k ha nou ik mocht lije dat it mines wie sa'n ien dat liket der op by 't fragelearen jonge jonge hwat in foarkommen en in pear kostlike earmen en fuotten [pagina 171] [p. 171] dêr sille de studinten noch wille oan bilibje né ik kin der mar net oer út sjedêr ik wist net dat jo ek wolris in wiksel omsloegen en op dûbeld spoar rieden sa tusken jountiid en moarnsdage hwer dangelt aenst de deugd op ierde nou't sokke pylders wankelje en de hilligen as sprinkhoannen delploffe yn ús earbere kontreijen dat der gjin faem mear feilich is foar de griene frijers mei men fan tinken wol ha o dus de hân op 't sydsulver dit is gjin bûtensprong mar jo dogge it inkeld út ropping ja houris ik bin net fan de sedepelysje hear dy is bikwaem genôch yn de sûnde en oars wiist de duvel jo de wei wol mar kin ik se net fan jo oernimme yn 't fatsoenlike dan fansels elk skot is op 't lêst gjin einfûgel ek al hat men in dûbelloopsk jachtgewear ta jins foldwaen mar it bern hat hwat dat my haget en se is to goed om strak op 'e dwingel salang as der noch rjochtskepen knibbels binne dy't in bytsje yn 'e bocht wolle hwatsei pokerface ikke o dy fint dêr ja leaver loai as wurch hwat om 'e stûke springe en dan ha jo 't hawn mei sok folk mar in táél minsken men soe jin bisauwe krekt - ha jo 't bigrepen wês altyd hear net allinnich yn 't forkear evolúsje - dat is 't wiere wurd fan de smoarge bom komt de skjinne bom neffens de learden welné man dêr hawwe sokke lju gjin harsens foar [pagina 172] [p. 172] as dy mar frette en sûpe kinne dan leit de wrâld harren wol sljocht allegear famylje fan lûke lûke dy steun is in pest bin 'k folslein mei jo iens it potfet is in fetpot wurden sont de gloarjetiid fan it earmhús en de krotwenningen lit se arbeidzje en de bealich brûke wy ha ek moatten yn ús jonge jierren of net soms jo tominsten as strykjildskriuwer en mei in kroade fol effekten ik bin der gelokkich altyd noch al knap foarwei skarrele mar dêrom gun ik in oar wol hwat bûten myn bankrekken forhip it stasjon dêr ha wy ljouwert al nou fanke hâld dy mar tige by tige en hoedzje dyn hert en dyn lea a'k dy bidde mei it libben is mar in ritsige rite tusken fallen en opstean krasse de gekken op 'e finsterbanken kom - ús leavenhear kloppet de pipe al wer út tsjin de nacht dat de fonken dy stouwe de himel oer hjir - in appeltsje fan oranje foar de toarst yn elke bûse ien yt se mar lekker se komme fris fan lissabon. [pagina 173] [p. 173] Brulloft Sjoch de loper leit read oer it weagjende wiid de dei giet it boask oan mei de nacht mar 't hert docht jin wé de iene dy seit tsjin de oare hawar al roppe de fûgels hja miene 't elkoar dat inkeld de wyn dy hat wille wylst dounset de sé lâns de westerkym dan reizget it breidspear mei 't wigende reau troch pulverjend ljocht op in herberge ta kalkene wulk fan rûzing biwenne wylst dounset de sé lâns de westerkym kin men har bêdzje? dievelantearne makket har kjel skilige kop dy noeget har yn ah! - moannefearren! hja tille de wrine fan skom en stjerren op himel en ierde en jowe har del yn ién omearming. Vorige Volgende