altyd de toan oanjowt en de siel fan syn nei waermte en tagedienens longerjend bern yn de kjeld fan de foarein forkommerje lit? Ienkear dochs moat er de poat stiif hâlde en sizze, dat hy hjir baes is. Dat sil moatte, mar hy sjocht der tsjin oan. Hy driuwt leaver as tsjin de wyn yn. Yn it bûthús soe hy miskien in keardel útmeitsje.... mar yn de foarein regearret hja. It moat mar rinne sa't it rint.... Kom, hy sil earst syn fanke ûnder de earste kou weihelje.
- Hoe liket it, pop, bist hast klear mei dy kou? Moai sa, dou hast der al in skoan miel úthelle - nou ûnder de kou wei, fanke, dan sil heit him neimelke.
Anneke sjocht ta hoe't heit dat docht. Syn greate hannen helje it lêste der út.
- It lêste is de bûter, fanke - dou kinst de molke der al aerdich úthelje, mar de bûter noch net. Dat leart wol, moed hâlde.... en nou mar gau dy hwat forstrûpe en in bakje thé.
- Ik wachtsje op jimme.... mei wol, nou heit?
Hy seit mar neat, giet ûnder in oare kou. De arbeider melkt nou ek mei - en dy kin sa hurd....
By de arbeider biddelt hja om in forteltsje - mar de arbeider seit, dat hy moarns bitiid net fortelle kin. En dat mei ek net - it mei allinne jouns yn 'e skimer. Oerdei sil hy wol ien optinke - as hja dan joun mar wer mei melkt. Ja fansels...
De faem is earst klear. De húshâldster sil nou wol de thé ré ha en de faem hellet aenst dy thé yn it bûthús. Meiinoar op 'e bank bihimmelje hja dêr dan in stik krintebôlle by of in stik witebôlle mei tsiis. Linich en de bleate earms swaeijend rint hja nei de foarein. Klompen út foar de doar....
De arbeider sit al op 'e bank - de boer komt ek klear mei syn lêste kou en jowt him by de arbeider del. Anneke linet tsjin heite' knibbel.
- Earst smoke? freget de boer.
- Nou né, earst mar thé - of hastou sigaretten, Anneke? Sokke greate froulju dy't al mei melke, komt bûsjild ta - hwat jo, boer!
De boer laket ris, hellet Anneke oan en jowt har in tút.
De arbeider sjocht al ris nei de foareinsdoar - komt de faem nou nóch net? Dan sjocht de boer dy kant ek út - it duorret lang fan 'e moarn. Nei noch in skoft wachtsjen giet dan dochs de doar op.... en dêr ropt de faem:
- De húshâldster is fuort!! Alles is út en kâld - en hja leit net mear op bêd. Ik haw alles ôfsocht. Op 'e tafel leit in brief....
Mei lange trêdden giet de boer nei de foarein, Anneke efter him oan.... de arbeider rint ek mei. Fjouweresom steane hja