De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 161]
| |
[pagina 162]
| |
- -
fersen skriuwe is leffens
bitterheitskristal fan
miste kânsen
ûnkundich libjen
in ivich to let
iensidich bisykjen
ta kompensaesje
sûnder slagjen
en sûnder nut
skyngreatheit yn
net oplosbre som
reed sûnder werom
net iens startbaen
breklik
genifel mei
wurden om
byfal
ja
om
byfal
| |
[pagina 163]
| |
- -
alles hwat fansels spriek
sprekt net mear it stimt net
tobeksjen helpt neat
it eigene is frjemd wurden
dêrtroch neijer faeks
dit is de rekken
earm op paed gean
sûnder it doel to witten
fan in nije bistimming
in krom langstme
as ballêst
in paed gean en kieze
stadich riker wurde
mar it net witte
sûnder stilstean
men giet
altiten
| |
[pagina 164]
| |
- -
dat fan de hope neat wier wurdt
forwachtings sûnder boaijem blike
en wurden neat jowe
alle dagen wurdend
eltse dei bitterder
der is gjin útkomst mear
gjin ûntwiken mear
sûnder sizbere wjerfarrings
de dingen neame en kinne
bisykje mei net
bisykje mei net mear
hanneljend gean
to lef om stean to bliuwen
eangstich om to gean
neat neat witte
folwoechsen wurde
hwa wit wol hoe
en hwerom hwa wit it
allinne bitter bitter
earnst seit men
|
|