Memmetael, mar gjin heitelan
‘Hoenear forskynt de Fryske roman dy't yn Hongkong, Grand Rapids of Adelaide spilet?’ Dizze fraech fan D.A. Tamminga (sjoch De Tsjerne febr. '58) hat de skriuwer Marten Apperloo opfette as in stille wink. Hy is dwaende mei it skriuwen fan in Fryske roman dy't de hjirboppe sitearre rigel ta motto hawwe sil. Apperloo, berne yn Ouwsterhaule, publisearre foar de oarloch al mei in oare ‘outsider’, B. Runia, in Fryske taelmethoade De memmetael yn it heitelân, destiids útjown by Van Gorcum. Sûnt hat er gâns romans yn it Hollânsk skreaun, gauris spyljend op it plattelân yn de Fryske súdeast- of súdwesthoeke (Als de heide bloeit, De nieuwe aarde, Marcus Ketsebol), foar in part mei itselde boobytrap-effekt fan Sjoerd van der Schaaf's Abbingawâld. Apperloo, dy't de lêste jierren yn Australië tahâlden hat yn opdracht fan it Nederlânsk regear, hat him nou wer yn Fryslân nei wenjen set. Syn earste Fryske roman sil yn Australië spylje, yn Frysk emigranteformidden.