poëzijgefoeligen forwachtsje mei, knap alteast yn forhâlding ta formiddens fan technisi of wiskundigen. Dochs is it tige to hoopjen, dat ek litteratuerkonsuminten sûnder direkt eksamendoel op in boek as ditte oanfalle sille, net allinne om sleet yn de oplage to krijen (en de sloai der út to hâlden), mar ek fanwegen de kwaliteiten dy't it wurk as sadanich hat.
Oan de titel al docht bliken dat Wadman hjir net it hiele gebiet fan de litteraire stilistyk yn kaert bringe wollen hat. It proaza bygelyks - forheljend, essayistysk of dramatysk - lit er bitsjen. Hy hâldt him, om in âldstilige term to brûken, by de ‘boune rede’, de poëzij dus, al wurdt dit terrein hjir ek mar wer foar in diel forkavele en kartearre. Underskiedingen fan genres neffens de twaienheit foarm-ynhâld (lyryk, epyk, didaktyk, dramatyk) of neffens de ‘strekking’ fan it gedicht (natûrpoëzij, religieus fers, leafdeliet, sosiael dicht ensfh.) jowt de skriuwer him hjir net yn. Sadwaende wol dizze fersleare hoegenamt net, lyk as guodden lykje to mienen, in forbettere útjefte wêze fan Th. de Vries' Fryske Stilistyk út 1937. Yn dat wiirkje ommers, dat de hiele Fryske skriftekennisse fan nei 1800 oereidet en dus ek it proaza der yn bihellet, wurdt de lear fan it fers yn in Taheakke bihannele, d.w.s. tige globael. Wadman's stúdzje kin men byneed sjen as in útwurking fan De Vries syn fragmintaryske gearfetting, mar bislist net as in ta ús tiid bywurke plakforfanger. Earder noch kin men dizze útjefte sjen as de forlette réalisearring fan in plan út de tritiger jierren, doe't fan D. Kalma yn de rige De Fryske Librije ris in stúdzje oankundige is ûnder de titel Fryske Poëtyk, dêr't lykwols nea hwat fan op de hispel kaem.
As men it systeem neigiet dêr't Wadman syn boek neffens yndield hat, it skelet dus dat it lichem steun jowt, dan docht it bliken, syn systematyk ûntrint op bipaelde punten dy fan sok slach wurken yn it Nederlânsk. Hy hat syn stof ûnderdak brocht yn twa ôfdielingen: 1) Algemiene Fersleare en 2) Stylforskynsels, de lêste dan wer ûnderfordield yn a) byldspraekforskynsels en b) syntaktyske forskynsels. Rinnende oer beide ôfdielingen is it oersjoch forpart yn XXII haedstikken, elk mei in apart thema, yn de titels oanjown. Sa to sjen is dy yndieling net ûntstien út in foaropset théoretysk skema, dêr't alles mei ham en gram yn gearparse wurde moast. De yndieling liket earder in efterneikonstruksje to wêzen, pas opboud doe't kwantum en soarte fan de sammele en to forarbeidzjen stof ienkear bikend wiene. Mei foarmen en forskynsels dy't yn it Frysk fersmateriael net of amper foarkomme, hâldt it boek him sa koart mooglik op of lit dy wêze. By oare, dêr't it yn hjoeddeiske Fryske poëzij fan optilt, stiet de skriuwer folle wiidweidiger stil, foaral troch de wei fan in dracht sitaten. Uteraerd komt dizze wurkwize yn ôfdieling II sterkst nei foaren, mar hast it hiele boek troch kin men as lêzer de frekwinsje fan in foarm of forskynsel suver út it tal sitaten neimjitte. Dat út de romte (of út de krapte) oanheljen fan fersrigels en strofen as it der om to rêdden is in fenomeen konkreet ta to ljochtsjen, jowt dizze fersthéoretyske forhanneling in greate lêsberens. Sa jowt it boek op bleds. 134/135 net minder as 27 sitaten út 10 dichters, allinne om it forskynsel polysyndeton dúdlik to meitsjen.
Dochs kin men, by alle oerfloed fan taljochtsjende foarbylden dy't Wadman jin foarset, de stof dy't er biarbeide hat net oars as biheind neame. Hy hat him ntl. prinsepeal hâlden by de bondele Fryske lyryk fan de lêste fjirtich jier.