útjown: ‘Les consolations des misères de ma vie, ou receuil d'airs, romances et duos’, in samling sjongstikken. Rousseau ‘song út earmoed’, sa't wolris sein wurdt. Fan in oare earmoed song yn de 16e ieu kening Ludwig XXII, dy't net sjonge koe, mar oan syn hof-komponist Josquin Després - in tige forneamde - frege om in stik to skriuwen, dêr't de kening yn meisjonge koe. Dat is oangien: Ludwig baltte op ien toan yn lange noaten ‘Hélas’, twa koarjonges songen dêrtsjinyn in kanon oer fjouwer noaten, jimmeroan itselde en J. Després foarme de bas troch oan ien stik wei deselde twa noaten hearre to litten. It gehiel is dochs in oannimlik stikje muzyk en dat is it gefal mei alle âlde ‘amusemintsmuzyk’. Jannequin komponearre in fjildslach foar fjouwerstimmich koar; J. Kuhnau skreau in klaviersonate oer David en Goliath's strideraesjes; men heart de stien út 'e slinger sûzen. (18e ieu); Fr. Couperin komponearre bannen fol klaviermuzyk mei nammen fan froulju, oantsjuttingen fan forhâldingen en yntime foarfallen boppe de stikken; in tige lichte muze, mar nei foarm en muzikale ynhâld net ôfwikend fan b.g. J.S. Bach's Frânske Suites (sûnder boppeskriften). Dit is allegearre klinkkleare muzyk; foar us, dy't de galantery fan Couperin's opskriften net bigripe, riist syn muzyk yn folle waeksdom en skientme op.
Yn muzyk-kolleezjes, muzykherbergen, op gearsitten en binammen thús wurdt yn de 16e, 17e, 18e en 19e ieu musisearre; hja sjonge en spylje, mar dogge dat sels; oant djip yn de 19e ieu hat men muzykselskippen, dy't wolris inkelde gasten yn harren formidden hawwe en inkeld ris in útfiering hâlde, mar de klam leit op it persoanlik en meielkoar spyljen en sjongen. Model-eksekúsjes sa as wy dy noutiids kenne, hawwe it net west, mar de miene muzikant koe eartiids frijhwat mear; better lêze en spylje en sjonge; dat sjocht men oan de katalogi fan âlde muzyk-selskippen en biskriuwingen fan útfieringen.
Nei ús opfetting wie de muzyk âldtiids yn haedsaek amusemintsmuzyk, ek al musisearren de lju mei earnst; de lichte muzyk dy't wy kenne wie - bihalven in tal lieten en de folksmuzyk - us foarâlden út de 16e, 17e en 18e ieu net hiem. Wol wie der muzyk fan in licht karakter, dy't wy as sadanich nou net mear oanfiele yn de letterlike bitsjutting.
By it musisearjen fan hjoed de dei binne der syktmen, dy't in gefaer foar de muzyk-kultuer opleverje. Komponisten en útjowers bringe klisjé-produkten op 'e merk, dêr't de namme muzyk allinne uterlik mei forboun is; der wurdt allinne frege nei brûkberens foar de ponge; men kin fan tinken wol ha -