De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 152] [p. 152] Sjoerd Spanninga: It trochsicht It deistich bistean seit kwek-kwek sit fol einekroas mar jouns dan wurdt alles oars sa liket it wol de dingen dy blêdzje tobek sordino spilet ta broas forwar in lûdleas liet fan sinne-bylden dit suvert de longen hja sykhelje wer nei it wêzen hinne sokke tiden dochs sil it barre kinne soms sjocht men samar in fiver driuwen de minsken bigjinne to blinken ûnder de beammen sulverich soeijende stilljochtsjende wettenplanten rize en sinke hja mei it libbene goud op 'e siden roeijende reafinne fisken en dat doalt mar yn hoalen en hernen dy't letter it dize moannefjûr groeije litte grienglânzjend moas hwer't noch eat fan it oer oan hinget allinne de sé en de wieren witte fan alles hwat berne de gongen wylst jowt it de dieren in trochsicht tusken de eagen.... Vorige Volgende