| |
| |
| |
Freark Dam:
Kaei op in adellik slot
It earste hwat ik dien ha is it meitsje litten fan in kaei op Abbingawâld, Sjoerd van der Schaaf syn 250 troch Brandenburgh & Co biprinte Sweachster skandesiden. Foaryn, op it skutblêd, haw ik yn myn dúdlikste hânskrift foar de neiteam fêstlein: Hylke Berga is..........; dominé Douwes Dekker is ..........; Saepke Berga is ..........; baron Tinnegieter is .......... Ensafuorthinne ensafuort. As myn neiteam likefolle nocht oan ûnnocht hat kinne hja har alteast rêdde. Hwant hwat hat men, as men tominsten net Sweachster is fan âlder op âlder, oan in kaeiroman sûnder kaei?
En it lot fan De Sweach liket nou ienris to wêzen, as objekt oftowol ‘lijend foarwerp’ to tsjinjen foar yn romantysk of novellistysk waes biwuolle chroniques scandaleuses. Ik haw lang genôch yn en om De Sweach forkeard om soks sêft sein oannimlik to achtsjen. Oan de oare kant sit der hwat yn fan in litteraire tradysje: tink oan Slauerhoff's Waar de levensvreugde vandaan komt, oan Sjoerd Leiker's Drie Getuigen, De Voorspelling, oan Sjoerd van der Schaaf's Abbingawâld, De wûndere simmer fan Jurrit Jongema en gâns koarte forhalen. Om fan de klonjedrinkende en ek yn oare opsichten spirituéle autochtone bifis Willem Vrijburg silger noch mar to swijen.
Dy litteraire tradysje is op grandioaze wize de grounslach foar lein troch in fierders earber en dêrom faeks alhiel forgetten Nederlânsk auteur: Albert Jan ten Brink - nimmen yn de Fryske lettertún hat ea fan him heard. Slimmer noch: Albert Jan ten Brink wurdt sels troch de meast wiidweidige Hollânske hânboeken op letterkundich mêd deaswijd. Hy is dan ek dea, hoewol...., mar dêr aenst oer. En ás er noch neamd wurdt, by nou en by dan (ik soe net witte hwerre en troch hwa, nammers), dan sil er foar it neist foar syn forneamde professorale broer Jan ten Brink forsliten wurde en is der greater skande tinkber? Binammen foar de earsuchtige, heechfleanderige, himelbistoarmjende jongfeint dy't Albert Jan nettsjinsteande syn prozayske foarnamme west hawwe moat of alteast wêze woe. Hy hat op De Sweach al jong learjild bitelje moatten - krektlyk as letter Sjoerd van der Schaaf en Jan Slauerhoff, nim ik oan. En as Sjoerd Leiker? Mar né, dat liket my net immen ta om learjild op sá'n wize to forrekkenjen.
| |
| |
Albert Jan ten Brink die dat wol, oant yn de titel fan syn Sweachster kaeiroman: Willem van Harpen's leerjaren. Een beeld van modernen levensstrijd (Enkhuizen, 1871), dêr't er yn ôfweefde mei de dream en de smert en de toloarstelling fan syn Sturm-und-Drangtiid. Doe't er dêr oer gear kaem wied er al direkteur fan de krekt oprjochte HBS yn it noardhollânske suderséstedtsje. In achtber man, fan (en mei) achtbere famylje. Mar dochs noch net sa deadlike achtber dat er it litte koe en set de batske Sweachster boere-adel, de Van Harinxma thoe Slootens yn it foarste plak en yn ien sike ek de hiele komkak om harren hinne, foar hiele letterleavjend Nederlân to kyk. Wól soarchfâldich forskûle efter riedselige romannammen, mar dochs foar de insiders ryklik trochsichtich. En hwa leaut net dat Albert Jan ten Brink alle war dien hat dat it tal insiders sa great mooglik waerd?
En sa moat Willem van Harpen's leerjaren ek al ridlilk gau yn Fryslân op in biskate namme to lizzen komd wêze. Al fóár 1871 wie it boek nammers al yn - yllustrearre! - forfolgen opnommen yn de blomlêzing Nederland (Amsterdam 1867). Op in kwea namme kaem it uteraerd by alle oanhingers fan de famylje Van Sloothen tot Hardinxveld, de famylje Van Seuren, ds. Zalvinga, dokter Vos. Om koart to kriemen: by elkenien dy't doedestiids yn Hazelbeek (Beetstersweach) de foet ûnder allemans tafel hie. Dat wol sizze: ûnder adellike tafels, oare tafels telden doe noch net mei.
It sukses wie great foar Albert Jan ten Brink. Net yn it foarste plak yn litterair opsicht, wol ik hawwe. As men op guon pagina's hjir en dêr wierliken galle priuwt is er ek nou noch wol lêsber. Mar troch de bank hat de auteur mei syn hertebloed folstien en dat is fansels de leffe kant neist. Né, it sukses moat lein hawwe yn de forwoedene iver dêr't binammen de Van Sloothen tot Hardinxvelds (of is it: Van Sloothens tot Hardinxveld?) war mei dien hawwe om alle eksimplaren fan dizze chronique scandaleuse út de merk to nimmen. Net troch it fieren fan in proses fanwegen oantaesting fan de goede namme of sokssahwat. Prosessen fierde men, as Sweachster adel, om deade of libbene kninen en hazzen, net om biprinte papier. Hja diene dus war om safolle mooglik en leafst álle eksimplaren op to keapjen. Opkeapje lítte fansels, hwant oeral hiene hja har mantsjes foar. Dat liket moai aerdich slagge to wêzen. Men mei dus oannimme dat Albert Jan ten Brink bihoarlik goed oan syn royalty kommen is, lykas de útjower oan syn produksjekosten.
| |
| |
It gefolch fan ien en oar hat lykwols west dat men eksimplaren fan Willem van Harpen's leerjaren mei in lantearntsje sykje moat. En dan skeelt it noch in bult hokfoar lantearntsje men ta jins foldwaen hat. Us amper folpriizge Kânselarij bygelyks kin it jin net biskikke - net omdat it net méi, mar omdat hja it net hawwe. En dochs moat, neffens sizzen (mar de minsken sizze sa'n bult) de âld-kommissaris mr. P.A.V. ensfh. silger oan dr. G.A. Wumkes silger de wink jown hawwe, de kâns net slûpe to litten as er ea in eksimplaer fan ‘it’ boek bimasterje koe....
Willem van Harpen's leerjaren fordwoun yn de dize. Al skimeriger waerden de forhalen fan in net neijer bineamde chronique scandaleuse oer de Sweachster adel. Al dizeniger waerden de oantsjuttings oangeande de auteur dy't troch ien of oare mystifikaesje faek sûnder neijer namme of tanamme as ‘Jan Gouverneur’ oantsjut waerd. Ofsjoen dêrfan: Prikkebeen is, as ik earlik bin, frij en frijhwat lêsberder as de roman fan Albert Jan ten Brink dy't dêryn sels as haedpersoan en dus as gouverneur figurearret. Dêrfandinne foar it neist dat guon minsken dy't wol earne in klokje lieden heard hiene de auteur fan Willem van Harpen's leerjaren foar J.J.A. Gouverneur forslieten....
Albertus Jan ten Brink waerd de 30e jannewaris 1836 berne yn Appingedam. Syn heit, Barend ten Brink, wie dêrre rektor fan de Latynske skoalle. Nei syn stúudzje û.o. yn de théology hat Albert Jan earst in skoft gouverneur west by adellike famyljes. Foarsafier't ik neigean koe, kaem er as sadanich yn 1859, as jongkeardel fan 23 jier dus, by de famylje Van Harinxma thoe Slooten op De Sweach yn tsjinst. It bifolkingsregister jowt as tydstip fan forfarren 24 oktober 1862. Hy hat doe blykber earst ek noch yn Sassenheim in soartgelikense funksje hawn foar't er, yn 1868, bineamd waerd ta waernimmend rektor fan de Latynske skoalle yn Ootmarsum. Twa jier letter wurdt er direkteur fan de Inkhuzer HBS, wer acht jier letter, yn 1878, set er nei de Oast, as learaer oan de HBS to Semarang. Dy skoalle forwikselt er nei in skoft wer foar it gymnasium Willem III yn Batavia. Yn 1893 kriget er pinsioen, mar oanstriid om nei it heitelân werom liket er net hawn to hawwen. Yn Meester Cornelis set er him nei wenjen. Neffens âlde útjeften fan it Nederlands Biografisch Woordenboek (meidieling fan A.L. Söteman) is by dêr ek ‘waarschijnlijk overleden’....
Albert Jan ten Brink wie in man mei litteraire oanliz en grif
| |
| |
mei litteraire pretinsjes. Syn Sturm-und-Drangtiid moat er op De Sweach, as jongkeardel fan in jier as 23, bilibbe hawwe. Dêr skreau er, foarsafier't ik neigean koe, de Twaalf Gedichten dy't er yn 1862 by de firma Monssen en Blom yn Utert publisearre hat. It bundeltsje iepenet mei in fers oer De Dichtkunst, Een blik op haren toestand in de tweede helft onzer eeuw en kin al min as in ljochtpunt yn dy tiid fan rhetoryk en kunstmjittigens biskôge wurde. Syn romantysk libbensgefoel (foarleafde foar Byron, Schiller, Goethe, Longfellow: oer de lêste publisearre er yn 1873 in ‘bloemlezing en waardeering’) hat Ten Brink blykber sawol yn syn poëtysk as yn syn deistich bistean dwers sitten. Dêrfandinne de romantyske forhâlding dy't him oanwreaun wurdt troch de folksmûle. In forhâlding of in bisykjen dêrta mei ien fan de Van Harinxma-dochters soe him de kraech koste hawwe as gouverneur op De Sweach. Om wraek to nimmen skreau er doe syn kaeiroman, syn byld fan ‘modernen levensstrijd’. Albert Jan ten Brink hat yn dat boek alle Sweachster greaten yn it lyts himd sette wold: de forneamde Van Harinxma's yn it foarste plak, mar ek de Opsterlânske boargemaster Lycklama à Nijeholt, de rike, mar nuvere Van Teijens mei harren liifarts de slûchslimme dokter Tonckens, dominy Van Herwerden mei syn sleauwe dochters. Né, it wie perfoarst net folle moais hwat Ten Brink oan syn ‘learjierren’ tobek tinkend, foar de bûtewacht fêstlein hat. Guon figueren dy't min ofte mear yn 't skaed bliuwe, komme der noch ridlik knap foarwei en de famylje Van Boelens fan Olterterp docht jin sels - en hwa sil sizze to'n ûnrjochte? - sympathyk oan, lykas de dominysfamylje Roozenburg. De famylje Roozenburg nammers is in slot dêr't yn dizze kaeiroman gjin inkelde Sweachster loper op past. Alde Sweachsters
hawwe my sein dat dizze Van Roozenburgs, krektlyk as oare figueren en feiten dy't ta de franje hearre, inkeld en allinne oan Ten Brinks fantasy to tankjen binne. Wylst it yn de roman de dominysdochter Marie Rozenburg is foar hwa't de gouverneur yn fjûr en flam rekket en Marie har suster Anna in mésalliance mei in jonker hat, soe yn werklikheit Albert Jan séls mei de foreale holle stomp roun wêze tsjin de adellike muorre. Yn dát opsicht sit der yn Willem van Harpen's leerjaren dus mear as in kromke fordichting. Tominsten.. as yn de rin fan de jierren Albert Jan syn ûngelokkige leafde net ta stân kommen is yn de fantasy fan de Sweachster boargers, dy't jouns as de blinen feilich sletten wiene faeks ûnder elkoar wol de wyldste dingen lústere hawwe...
| |
| |
Hwa sil it sizze hoe't de stoarje har nou krekt tadroegen hat? Om dat oan de weet to kommen soene der archiven en papieren tagonklik wêze moatte dy't tonearsten noch wol efter slot bliuwe sille. Sa wichtich is dat ek net, heechstens nijsgjirrich en hwat pynlik, hwat ‘shocking’ tagelyk. It stiet foar my yn elk gefal wol fêst dat Albert Jan syn relaes ûntstien is út persoanlike en grif rjochtfeardige rankune. Syn boek jowt lykwols mar in tige biskieden bydrage ta de foarming fan in byld fan eardere, sterk féodael stimpele forhâldingen yn de Fryske Wâlden dêr't wy hjoeddedei de wjerpine noch fan fiele. Né, hwat dat oanbilanget is Ten Brink syn boek noch net folle mear as foarmeanen. En sa't it nou liket sil der tonearsten gjin auteur komme om ús wól to jaen hwer't wy krekt nei it lêzen fan Willem van Harpen's leerjaren op longerje: in klear byld fan in féodale mienskip dêr't alle yntimens en alle ûnrjocht bleatlein wurdt op litterair forantwurde wize.
Ik meitsje my sterk dat mannich Sweachster hjoeddedei Willem van Harpen's leerjaren skraechwurk sûnder gapjen útlêze kin, ek al hat er de treflike ‘hantlieding’, opmakke troch de artistike Sweachster timmerman-toanielskriuwer-doarpsdichter-rebel Willem Vrijburg ta syn foldwaen. Vrijburg hat nammentlik op in listke de nammen fan álle dramatis personae delkwattele, mei de wiere nammen der efter. De neiteam hat dêr gâns genot fan hawn. Vrijburg hie gelyk, hwant de pikante forklearring, de ‘kaei’, èn de leginde dy't der om dit boek hinne sa njonkenlytsen ûntstien is moatte der ál by, sil men jin troch dizze fierders tige âldfrinzige turf hinne wrakselje.
Yn 1862, doe't Ten Brink syn earste fersen publisearre, nei't er 15 maert 1861 syn oersetting fan Sophocles' drama Antigone rémakke hie, frege er de lêzer sa goed to wêzen, net salyk de ‘gekozen stoffe’, mar ‘hare behandeling’ yn omtinken to nimmen. Om de foar it neist forstoarne en yn elk gefal forgetten Albert Jan ten Brink posthúm rjocht to dwaen lit ik hjir ta bislút ien fan de draechlikste fragminten út Willem van Harpen's leerjaren folgje. Dêr komt jin sá dúdlik de moassigens fan in âld-adellik doarp tomjitte dat men fuortdaliks de âld-Sweachster rook yn de noasters kriget:
‘Het was zondag en even als in andere dorpen werd ook te Hazelbeek deze dag door zijn eigenaardige vervelendheid gekenmerkt. Op andere dagen had de dorpsstraat reeds vroegtijdig een vrolijk aanzien door de troepjes van werklieden, die zich voor het merendeel in blijde stemming naar hun dagelijkschen arbeid begaven. Iets later deed de melkboer met zijn onverstoorbaar bedaarden stap zijn
| |
| |
gewonen omgang bij de huizen der aanzienlijkste ingezetenen, die het beneden zich rekenden om er zelf hunne koeien op na te houden, terwijl spoedig daarop het doffe en telkens ophoudende geratel van de aschkar de nog slapende dorpelingen uit hun aangename morgensluimering wekte. En wie zich dan den slaap uit de ogen wreef en een blik uit zijn venster sloeg, zag gewoonlijk den brievenbesteller haastig zijn morgenwandeling doen en 'n bakker- of slagersknecht, die het niet te vroeg rekende om met de knappe dienstmeisjes een verliefd praatje te houden.
Vervolgens werd de straat nog levendiger door het rumoer der schoolkinderen, die er een groot genoegen in vonden, om achter aan de hollende en hotsende boerenwagens te gaan hangen of wel om in hunnen euvelmoed steenen te gooien naar de lakeien, welke hoog op de jachtwagens gezeten de vurige paarden moesten afrijden en moeite genoeg hadden om de weelderige dieren een kalmen tred te doen houden.
Niets van dit alles was des zondags te zien. Alles, wat voor huiselijke behoeften noodig was, moest op den zaterdag bezorgd zijn, en schoon thans het morgenuur reeds vrij gevorderd was, kon men toch aan geen der huizen bemerken, dat de bewoners reeds een nieuwen dag aangevangen hadden. Het eenige levende wezen, dat op de straat gezien werd, was de koster, die met den kerksleutel rammelde en reeds in het zondagspak gestoken op waardige wijze de deuren der kerk ging openen en, toen de klok zijn acht slagen had doen hooren, spoedig daarna door het eentoonig gelui aan de dorpsbewoners bekend maakte, dat over een uur den geloovigen de gelegenheid zou aangeboden worden om ter kerke te gaan. Op den bepaalden tijd maakte ook een groot deel der inwoners hiervan gebruik en nadat de deur achter den laatsten kerkganger gesloten was, heerschte er weder voor den tijd van twee uren een ademlooze stilte in de straat, slechts een ogenblik afgebroken door het woedende geblaf van een hond, die een kat in een boom gejaagd had en vruchtelooze moeite deed om haar naar beneden te lokken.
Eindelijk kwam de plechtstatige stroom der dorpelingen, zoo goed gesticht als dit geschieden kon door een predikant, dien zij gedurende vijfentwintig jaren alle zondagen hadden kunnen hooren, uit de kerk en haastten allen zich om hunne verdroogde keelen aan een warme kop koffie te laven, terwijl de straat al spoedig weer even uitgestorven scheen als kort te voren. Langzamerhand werd het echter levendiger en zag men verschillende leden der fatsoenlijke wereld langs de straat gaan om beleefdheidsbezoeken af te leggen, en voor de deuren der burgerluidjes verzamelden zich net gekleede groepen, die spraken, voor zoo ver zij daartoe stof hadden, en uitzagen of er ook iets te zien was.
Zoo vervolgde de zondag zijn eentoonigen gang. Nog eenmaal een dof gebrom der torenklok en een nieuwe stroom van kerkgangers, hoewel thans hoofdzakelijk uit een minder publiek bestaande. Dan weder de oude stilte en na den kerktijd niets meer te zien dan de pratende groepjes voor de deuren en enkele wandelaars met vervelend langzamen tred.’
|
|