Filmkronyk:
Omar Khayyam
As de Amerikaenske filmyndustry al jierren yn 't foar mei great tam-tam oankundiget, dat der in spektakulaire film fan Omar Khayyàm komme sil, dêr't miljoenen dollars by opset wurde, hâldt men jin de lea wurch. De film, dy't yn goede hannen ta de sublymste prestaesjes yn steat is, kin, forwurden ta útslutend jild- en hannelsobjekt, in dwylsinnich karikatuer fan de moaiste dingen meitsje. Hwat de managers biweegd hat, om Omar fan de berchtoppen fan syn klassike en ivich aktuéle wysheit, dy't de ieuwen oerlibbet, mar jimmer allinne in lytse rounte boeije sil, del to heljen yn in show-spul foar de massa? Foar it neiste sille hja tocht hawwe: it wie in greate, wylde tiid, de ieu fan Omar, en dan in man, dy't sa dryst fan wyn en fammen sjonge doarst, dêr sit hwat yn, dêr is munt út to slaen. Dat hawwe hja dan ek bisocht en sa hawwe wy in banale, bluodrige love-story krige mei in happy ending. De greate Pers spilet in haedrol op dounsfeesten, yn komplotten en op it slachfjild. Hy is de helt, dy't hynsteride kin tsjin de bêste, dy't biret de goede kant fan it biwâld kiest en mei syn skerp forstân en wittenskip de Assasynske moardnersbinde útroeget. As bileanning kriget er Sharein, syn leafste, dy't de Shah him earst ûntfytmanne hie.
Lossjoen fan de mishanneling fan de greate dichter, binne der wol in pear bihoarlike figueren yn de film. Ben Hassan, ‘de âld man út de bergen’, de skrik fan de Shah en de krúsfarders, docht it goed mei syn markante kop en slûchslimme eagen. Yaffa, Omar syn slavinne, is bislist sympathyk. Hoewol, ek as spektakelstik mei easterske gloede, hertstocht en wredens, bliuwt it ûnder de mjitte, dy't de massa stelt en de munt, dêr't it om to rêdden is, sil der grif net út slein wurde.
Men klaut jin lykwols de bûsen út, as men ûnder de goedkeape, sensasionéle bidriuwen troch Cornel Wilde, dy't de rol fan Omar spilet, de forneamde kwatrinen opsizzen heart as in ulo-learling. Omar stiet yn dit forhaeltsje altyd en oeral klear mei in kwatryn, op 'e merk, oan it hof, yn de slach en op syn avontûrlik frijerspaed. Soms, as er ferge wurdt, kriget er efkes de tearen yn de foarholle, mar der rûgelet him sûnder missen in fers fan Fitz Gerald oer de lippen.
‘Hwat soest nou it leafst ha wolle?’ freget Sharein op in krityk stuit, as hja elkoarren yn libbensgefaer ûnder de palmen moetsje. ‘In bondel fersen’, lústeret Omar en dan flapt er it prachtige kwatryn der út:
Here with a loaf of bread beneath the bough,
A flashe of wine, a book of verse - and thou
Beside me, singing in the wilderness
And wilderness is Paradise enow.
De Shah, dy't in gedicht fan him easket, as er oan it hof forskynt, kriget mei deadsforachting to hearren:
Think, in this batter'd caravanserai
Whose portals are alternate night and day,
How sulta'n after sulta'n with his pomp
Abode his destined hour and went his way.