De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermdOp it harspit:In pear wurden ta forklearringNei it forskinen fan myn bondeltsje gedichten Fan wjerklank en bisinnen haw ik in pear oardielen fan letterkundigen dêroer lêzen of heard dêr't ik jerne, as de redaksje it goed fynt, hjir hwat oer sizze woe. It wie allegear hwat to moai, mar dêr sil ik it hjir net oer hawwe. Ik woe allinne hwat sizze mei bitrekking ta de fragminten fan de Heliand, dy't yn dat boekje stean. Dr. Poortinga yn de Ljouwerter Krante en dr. Wadman troch de radio hawwe beide, woe ik sizze, myn forbounens mei dy poëzij hwat to leech oanslein. Poortinga seit derf an: It sil foaral de historikus yn Postma west hawwe, dy't him hjir ta oanlutsen fielde.' Né, siz ik, dat hat wol de dichter west. Mei de eagen en it fielen fan ús foarfaers haw ik, foarsafier as dat giet, dat epos bilibbe. En dan foaral de beide fragminten dy't hjir opnomd binne. En noch as ik it boekje yn 'e hannen krij lês ik iderkear wer b.g. de wurden dy't Zacharias tsjin de ingel spriek:
‘Hwant wy hien' oan jierren
krekt tweintich
winters yn dizze wrâld,
ear't ta my kaem 't wiif.
Doe wien' wy togearre
oan winters noch sawntich
to bank en to bêd
sûnt ik har ta breid keas,
sa't wy yn ús jonkheit
forkrije net mochten
dat wy in erfwacht
hawwe koenen
op to bringen op telleflier.’ Ensf.
Of út de Krúsgong:
‘Hjitten doe in kroane
fan skerpe doarnen
wûnderlik to winen
en de wâldende Kristus setten
hja sels dy op 'e holle.‘ Ensf.
Soe sa eat ek net de âlde Friezen meinomd hawwe? Tsjin Wadman haw ik in oar biswier. Hy tinkt oan de mooglikheit | |
[pagina 61]
| |
dat myn wurden yn it ‘Wurd foarôf’ eat as in ‘kleine reprimande’ foar de âlde Friezen wêze koenen dy't sa dom wienen dat hja sokke âlderwetske poëzij hawwe woenen. Mar as wy sjogge hwat ik hjir krekt sei, dan kin dat dochs helendal sa net wêze. It wie fan myn kant in earnstich meilibjen foarsafier as dat kin. As men woe, soe men noch wol in bân lizze kinne tusken de Heliand en de âlde Friezen. Der wurdt tocht dat dit heldendicht ûntstien is yn de 9e ieu yn de omjowing fan it kleaster Werden oan de Roer. Dat kleaster is stifte fan de Fryske preker Liudger en it hie frijhwat bisittingen yn Fryske streken. Fan Liudger is bikend dat er op in reis troch Fryslân de sjonger Bernlef moete; dat sil om 800 hinne west hawwe. It wie to Helwerd yn Grinslân. Fan dy Bernlef wurdt sein dat er fan syn buorren tige heechsteld waerd omdat er it forstie de dieden fan de foarfaers en de krigen fan de keningen troch syn sjongen folkkundich to meitsjen. Mar dêr is neat fan biwarre bleaun. Dat Helwerd is in gehucht bisuden Uskwerd en it heart ta dat doarp. Ik haw der ris west; it wie doe in moai hege terp, dêr't lykwols midden út in stik fan ôfgroeven wie. Der stienen gjin huzen, mar twa pleatsen stienen oan in ein wei dat heal om de terp hinne roun. Dy sille earder wol op de terp stien hawwe; en yn Bernlef's tiid wennen hja grif op dy terp. O. POSTMA | |
Tamminga en de husfaderGa naar voetnoot*)Dagen lang kin men somtiden troch de wrâld rinne sûnder dat der eat bart, omdat alles hwat der bart, de oare dagen, doe't der ek al neat barde, krekt lyk sa barde. Men soe wol skriuwe wolle, mar men woe dat juster ek al en earjuster barde der faeks wol hwat, mar der oer skriuwe, men kin it better gewurde litte, hwant moarn... en oaremoarn... Folle net genôch, it giet de minske as De Tsjerne, dy't hjoed forskynt en oare moanne wer útkomt en dêr't eltse moanne itselde yn bart, sa't dat blykber foeget foar in litterair tydskrift dat syn namme warber en mei eare draecht. Doe't D.A. Tamminga it essay fan Fokke Sierksma yn it earste en faeks ek it lêste litteraire nûmer fan Der Clercke Cronike lies, barde der hwat. Yn him wol to forstean, yn him bigounen twa ljochtsjes to brânnen, by krige kontakt op twa telefoannûmers tagelyk. Soks mei jin net alle dagen barre en D. A Tamminga taestte hastich nei it earste tastel. It tastel foar warbere saken, ‘tinkskriften, litteraire jounen, jubilea, huldigingen en priisútdielingen’ en sa. Doe't er it boadskip - S.O.S. Hjir Fokke Sierksma S.O.S. - oannommen hie, wist er, dit moat yn De Tsjerne, dit sil iepenbier en foardat er it sels opmurk, skreau syn pinne, dizze seismograef fan de geest: ‘Hwant Fokke Sierksma, doch nou bliken, hat net allinne de theology, mar ek de litteratuer de rêch takeard. En alle klerken sille it witte.’ Ja, en alle Tsjerne-lêzers ek, al hat de pinne dat sels faeks net yn de rekken, omdat seismografen mar ien ierdskodding tagelyk notearje en dan noch it leafst dy yn Japan en Leiden ynsté fan dy yn Fryslân en Ysbrechtum. In nijtsje, it is suver to moai om wier to wêzen (‘docht nou bliken’), in nijtsje foar al dyjingen | |
[pagina 62]
| |
dy't litteraire jounen en priisútdielings bisykje, dêr't de namme fan Sierksma net, mar de anekdote óér him al populair is. Undertusken rinkelt it op it oare nûmer, dat it in leafhabberij is. ‘It is de lêste kear dat ik my ynterlokael trochforbine lit en alle litteratuer is sjipsop’, sûzelet it suver metafysysk boadskip fan Fokke Sierksma troch de loften en komt, o wonder, by D.A. Tamminga via it tastel foar earbere saken ta de keamer yn. Leave sei, hwat is dit? ‘Tolstoj, Vestdijk, Dante’, it mei hinnebruije, fakentiden kompensearren hja har ‘erotomany op nonaktyf’ mei litteratuer, mar ‘in Salomo, in Vondel, in Verwey, in Thomas Mann?’ freget Tamminga forwûndere en skriuwt syn lêste rigel op: ‘Earbere en warbere húsfaders allegearre.’ Jawol jawol jawol, hy bringt it lytse ynstrumint, dat allinne gefoelich is foar hwat op gréáte ôfstân bart, ta stilstean en leit de hoarn op it tastel. In nuver swart ding, in telefoan. Hy skillet net troch, as men de hoarn delleit, ek al hat men de oare net iens útprate litten, him mar foar in part forstien of neat antwurde. En boppedat, swart of wyt, der binne tastellen dy't net alles trochlitte en foar boadskippen út de fierte minder gaedlik binne as it him by lokale petearen oansjen lit. It wurk fan Thomas Mann bygelyks, de lêste yn it rychje greate bruorren dy't it foar Tamminga opnimme moatte tsjin de djiptepsychology, bifettet fan dy fiere boadskippen. Hy hat in rede hâlden oer Freud dy't ik Tamminga oanriede kin en bihalven mei syn libben ek yn de unbidige roman Dr. Faustus de steriliteit fan it hjoeddeiske kunstnerskip sjen litten (Vestdijk bringt yn in stikje oer Ter Braak dizze roman en de essays fan Sierksma meiinoar yn forbân) en boppedien ris skreaun, dat hjoeddedei as roman allinne yn de bineaming komt hwat gjin roman mear is, in útspraek dy't mear to meitsjen hat mei Sierksma syn anti-litteraire posysje as mei Tamminga syn oerflakkich, aesthétysk en sabeare ironysk forwar dêrtsjin. Mei Verwey, it spyt my, bin ik net genôch op de hichte; Vondel, dizze skoalboekjesprins ûnder de dichters, ken ik alhiel net en hoopje ik ek nea to lêzen en hwat Eksellinsje Salomo oanbilanget, doe't dy syn magistrale dichten makke, bistie der yn it foarste plak noch gjin djiptepsychology, twad noch gjin ûnbiwuste en yn it trêdde plak binne de fersen fan dizze earbere húsfader pas sûnt fyftich jier foar guon minsken ‘litteratuer’. Oer de forhâlding fan djiptepsychology en litteratuer is hjirmei likemin eat sein as oer Sierksma syn telefoanysk boadskip. Oer it earste is nammers net folle los to meitsjen, salang't it húsfaderskip as ûnnimber bolwurk fungearret en hwat it twade oanbilanget, dêryn giet it primair net oer djiptepsychology mar oer hwat oars. Boppedien fungearret it houlik yn dit essay net as stopsein, sa't Tamminga suggerearret en sa't dat faeks by mannich dichter it gefal is, mar de litteratuer. Denn das Schöne ist alles Schrecklichen Anfang, sei Rilke as it my net mist. Foar dy lykwols stie ‘it reade flikkerljocht’, dêr't Tamminga it oer hat, yndied nêst it houliksbêd ynsté fan op de skriuwtafel. LOLLE NAUTA | |
Nauta en de tuzenpoatDoe't Lolle Nauta myn stikje lies oer Sierksma's ôfskiedswurd yn De Clercke, barde der hwat. Né, der wie neat stikken, mar hy baernde him justjes. Ik hie ommers dat gleon-gefaerlike wurd ‘djipte- | |
[pagina 63]
| |
psychologysk’ falle litten. En as men - net fan 't fak - dat wurd, al is it freegjenderwize en yn in luftich kommentaerke der út flapt, wurdt men oer soks langer al waernommen, lyk as brûkte men in sacrosancte namme op idele wize. Lit my dêrom earst mei de finger oan de pet forklearje dat ik neat op de djiptepsychology tsjin haw en foar de bioefeners fan dy wittenskip it greatste respekt opbringe kin, al wie it allinne mar om't ik my mank dizze mentale mynbou-ingenieurs altyd in speléolooch fan de kâlde groun fiel. Nauta, al sprekt er dan ta my yn gelikenissen, achtet Sierksma dúdlikerwize troch my to koart dien. Ik haw a) syn bidoelingen korrupt werjown, b) him net alhiel bigrepen hawn, c) gjin eigen miening tsjinoer sines set. Hwat a) oangiet moat ik yn it forset komme. Al bliuwt it ornaris nuodlik immens biwearingen ynkoarte wer to jaen sûnder it forbân to skeinen, hjir is my dat slagge. Ik haw S. syn eigen gearfetting brûkt en him yn syn lêste claus sels oan it wurd litten. Hwat c) oanbilanget: it hat by my gjin sin, noch ‘voorwaarts mars!’ to roppen tsjin de deserteur dy't al ûnderdûkt is yn Nimmenslân. Fokke Sierksma is nou ienkear in tûzenpoat dy't út eigen wil bigoun is to poattellen en nou de sin fan it poatforsetten net mear ynsjocht. Is dat in algemien foarkommend forskynsel by in biskaet slach yntellektuélen, dat Nauta my dêr tsjin yn it gewear hawwe wol? Lit de tûzenpoaten dan har tûzenpoaten bigrave. Of lit har trochgean mei poattellen. Biswier b) stiet it lykwols oars mei. Yndied hat Nauta gelyk hwannear't er seit dat ik Sierksma misforstien haw, as ik suggerearje dat by it houlik opjowt as reden foar syn forlitten fan de litteraire frontliny. Dat is net sa en it is ek út myn gearfetsjende werjefte fan Sierksma's essay to lêzen dat dat net bidoeld wie. It is yndied de litteratuer sèls dy't him ta dizze deserty brocht hat. En by it duël mei himsels dat er nou fierders ‘libje’ en net ‘skriuwe’ sil, wurde út it houliksbêd wei de spulregels jown, alteast waerboarge. It houlik dus net as litterair stopsein, mar as sekondant of surveillant by it duël dat op hannen is. Ik sil mei spanning de resultaten fan dit troch houliksmienskip reglemintearre en garandearre twagefjocht ôfwachtsje. Tankjewol, Nauta, foar de korreksje! Us ûngelikense wurdearring fan de yn myn stikje as kroantsjûgen opneamde skriuwers kinne wy nou eins wol oer swije. Allinne noch dit. Thomas Mann syn kultuerturf Doktor Faustus sil foar my wol in sletten boek bliuwe, mar syn rede oer Freud, dy't Nauta my oanrekommandearret, hoopje ik to lêzen. Op dit bitingst lykwols, dat Nauta Vondel lêst, om sa ôf to reitsjen fan syn skoalboekjesfoar-oardiel tsjin dizze earbere en warbere húsfader dy't tagelyk in great barokdichter wie. D.A. TAMMINGA | |
Sa leit it lan netYn syn kibich boekje ‘Guirlandes om de boekenkast’ Acht gesprekken voor de vuist weg over boeken van onze eigen schrijvers' komt de skriuwer C.J. Kelk ek effen op de litteratuer yn Fryslân. Hy seit dêr in pear positive dingen oer, al is syn typearring fan Fryslân as ‘een naar de geest nauwelijks nog Nederlands gewest’ der ynsafier by troch, dat it bigryp ‘Nederlands’ hjir dúdlikerwize wer ris rem- | |
[pagina 64]
| |
plasant stiet foar it bigryp ‘Hollands’, in tinkflater dy't Hollanners gauris meitsje, wend as hja binne oan de situaesje fan kulturele hegemony en litterair monopoalje fan de Rânnestêd, mar dy't men foar de doar fan de linige en skerpsinnige Kelk alderlêst socht hawwe soe. Bûnter makket dizze foar-de-fûst-wei sprekker it lykwols, as er de reden bisiket oan to wizen, hwerom't yn Fryslân berne skriuwers as Slauerhoff, Vestdijk en Theun de Vries it Nederlânsk en net it Frysk foar kar namen. ‘Is Noord-Brabant, zuidelijk geörienteerd, meer verwant met het land van de Belg dan met dat benoorden de grote rivieren, naar de geest nauwelijks nog een Nederlands gewest, Friesland is dat nog veel minder. Dit deel van ons land draagt nu eenmaal van oudsher het stempel van een zelfstandig landelijk bestaan, met een eigen taal, waarin ook een eigen letterkunde bestaat en waarin vooral de laatste tijd belangrijke werken geschreven worden. Dit neemt niet weg, dat opmerkelijke figuren als Slauerhoff (uit Leeuwarden), Vestdijk (uit Harlingen), Theun de Vries (uit Veenwouden), willekeurig of onwillekeurig geen Fries maar Nederlands schreven, omdat het fries-nationale in het geheel niet strookte met hun aandacht voor grotere verschijnselen dan binnen de perken van het geboorteland te situeren vielen. Van deze schrijvers is het voornamelijk Theun de Vries, die als romanschrijver telkens van Friese motieven is uitgegaan.’ Yn dit fleis sit noch al ris in bonkje. Alderearst docht bliken dat de hear Kelk gjin skerpe foarstelling hat fan de taelsituaesje yn Fryslân, der fan útgeande dat elke skriuwer dy't tusken Fly en Lauwers to wrâld komt, ek yn steat is it Frysk as (memme)tael to hantearjen. Allinne in frjemdling yn it Fryske Jeruzalem sil yn dizzen de trije neamde skriuwers oer ien kaem kjimme. Twa fan harren, Slauerhoff en Vestdijk, kamen ommers fuort út in net-frysktalich formidden. Fan in ‘kar’ tusken Frysk en Hollânsk hat by harren alhiel gjin sprake west. Allinne Theun de Vries, wòl frysktalich fan hûs út, hie Kelk's motivearring foar opgean kinnen, as er de reden fan syn ‘oergong’ op it Hollânsk mear de kommersiële kant út socht hie. In reden dy't nammersto mear hâld kriget as men (mei Kelk) bitinkt dat De Vries syn forhalen gauris yn Fryslân situearret. Is fierders immen dy't Frysk skriuwt, in casu forheljend proaza, boun oan stof ûntliend oan situaesjes ‘binnen de perken van het geboorteland’? Is it oeuvre fan in Slauerhoff, in Vestdijk yn it Frysk ûntinkber? Yn ‘technyske’ sin ommers net! De skriuwer Kelk suggerearret hjir in âld en taei misforstân, dat hast ris út de tiid moat. Hoenear forskynt de Fryske roman dy't yn Hongkong, Grand Rapids of Adelaide spilet? D.A.T. |