Krityk yn it koart:
De siele en Eva
Sj. van der Schaaf, De wûndere simmer fan Jurrit Jongema. Brandenburgh & Co, Snits '57.
Sjoerd van der Schaaf hat, as 't my net raer mist, de Fryske akte net. En ik soe my al slim forsinne moatte as er yn earder jierren in trou bisiker fan miene gearsitten of lid fan Bounen en Mienskippen west hat. Dêrfoar skriuwt er in Frysk dat ál to natuerlik oandocht: de idioommasters, de taelbuorkers én de litteraire stylmanierkes dêr't syn generaesje by opbrocht is skine op him gjin fet to hawwen. Soks hinget fansels ek gear mei syn persoanlike ynstelling en mei it eigen karakter fan syn litterair wurk dat der útkipt troch in tige hoedene irony. Sjoerd van der Schaaf nimt him yn alles hwat er skriuwt to wacht foar greate wurden dy't greate gefoelens suggerearje moatte. Hy notearret, typearret, suggerearret, mar fierder giet er leafst net: der moat hwat to rieden oerbliuwe en komt men mei it hoeden oantsjutten fan sfear en eftergroun faeks net fierder as mei djip dollen? By dat lêste - sa liket Sjoerd van der Schaaf to tinken - is de kâns ommers great dat men sáfolle oeral hellet dat it jin om de hannen gearrint.
De wûndere simmer fan Jurrit Jongema is foar Van der Schaaf syn skriuwerspersoanlikheit sa't dy har oant nou ta yn Fryslân iepenbiere hat wol tige typearjend. Hy siket - al wer - in haedfiguer dy't op it earste gesicht alderûnnoazelst liket: de soan fan in foech winkelmantsje op in stiif greiddoarp. Steil orthodoks ek noch wol en hielendal gjin heechfleaner. Jurrit Jongema giet it greate avontûr fan syn libben ek net oan earne yn de greate-stêdmei-al-syn-forliedingen, mar fytst deabidaerd nei de Wâlden om ris hwat oars as oars to bilibjen. Nou, neffens syn greidhoekeforstân liicht it der ek net om hwat him dêr op De Sweach, as tydlik túnfeint by by de túnman fan jonker Gemme, allegear wjerfart. Mar yn wêzen bart der al in blindersk bytsje: inkelde moetingen mei minsken en tastânnen dy't nou wol net hielendal gewoan, mar dochs ek wer net sá bjusterbaerlik binne. Nou ja, en dan syn skarreljen mei Eva Dykman fansels, iennichst dochter fan in fanatyk Mormoan en hja is mei itselde sop oergetten. Van der Schaaf hat fan de 138 bledsiden yn syn forhael mar in stikmennich alinea's nedich om de leafde tusken Jurrit en Eva stal to jaen - de tagediene lêzers fan ús Fryske folksromans komme fan dat oangeande wol oan de krapperein. Alle lyryk, alle melodramatyk en alle kraeljend-bloed-erotyk à la Burgy misse hjir folslein. En dochs hat de skriuwer my like folslein oertsjûge fan dy ûnneambere dingen dy't fan bigjin ôf oan Jurrit en Eva oan elkoar bine. Likegoed as er de lytse en greate akkefytsjes yn en om De Sweach oannimlik wit to brûken om, it ien mei it oar, Jurrit Jongema, in jongkeardel sahwat tusken jenever en koarstekoeke, min ofte mear ta man to meitsjen. In man dy't, wiser and sadder weromtraepjend nei de greiden, al safier is dat er syn siele, of hwat dat dan ek wêze mei, rekkenet by de stikmennich
dingen dêr't men sunich op wêze moat yn it libben.
Dat allegearre bart dus mei de sobere, soms suver hwat skrael oandwaende middels dêr't Van der Schaaf it as skriuwer mei dwaen moat, alteast mei docht. De fornuvering of leaver sein de biwûndering is der, by my alteast, namsto greater om.
FREARK DAM