| |
| |
| |
Jo Smit:
Detective-story
As it mei soe ik graech it forhael - ‘it tragysk barren’ skreauwen de blêdden doedestiids, mar kranten binne nou ienris net altyd like krekt yn har wurdkar - it forhael dus, dwaen wolle oer de Fryske skriuwer. Stean my ta dat ik gjin nammen neam en oer de haedpersoan praet as de Fryske skriuwer, oer it doarp dêr't er wenne as it doarp en oer it frommis dat har rol hjir yn spilet, as it frommis. Mei it bitinken fan skûlnammen hâld ik my net op. Hwat hat dat ek foar doel? It giet ús ommers om de feiten yn har logyske gearhing en nearne oars om.
It wie op in freedtojoun. Ik mei der even op wize dat ik alles fortel hwat my wichtich foarkomt, mar ik wol der net op ferge wurde dat alles like wichtich ì s. Faeks dat it soun forstân oan 'e ein ta de konklúzje komt, dat it fan gjin bilang wie mei to dielen dat it freed wie en dat it ek op eltse oare dei barre kinnen hie. Mar dan bin ik sa frij in fraechteken to setten. Ik soe ék net forklearje kinne hwat ynfloed de freed nou krekt hawn hat, mar dêr stiet foar oer dat Fryslân in by útstek agrarysk lân is en dat de freed mear as gewoane bitsjutting hat. Mar hwerom jier en datum dan net to neamen? Dêr wol ik dan op anderje, dat ik dêr myn reden foar haw en ek, dat ik neat hawwe moat fan astrology. Mar sa sjitte wy fansels net op, dat ik steur my fierders nearne oan by myn forslach.
It wie op in freedtojoun en, it mei wol sein wurde, in tige tsjustere freedtojoun. Gjin moanne, gâns wolken dy't de stjerren gjin kâns joegen, en dan meije wy net forjitte dat it doarp nou just net sa'n bulte lantearnen hie, al wie Pleatslik Bilang ek tige warber. Kâld wie it lykwols net en yn 'e foarjoun stie de Fryske skriuwer gâns in skoft foar it iepen finster nei bûten to stoarjen, yn dat tsjuster, dat neigeraden syn eagen der mear ta biwenden, dochs noch hwat fan ljocht oer him hie en dêrtroch de ynspiraesje fan de skriuwer minder tsjinne as er forwachte hie. Wol sei it him even hwat, doe't er yn 'e fierte in rige ljochtsjes troch it lân krûpen seach, in soarte fan glimwjirm dat wier in wjirm wie: in lang kronkeljend ding - en dêr't er fan wist dat it de trein nei Ljouwert wie. Sa'n trein dy't troch de nacht glydt - de skriuwer tocht nacht, al wie it noch mar healwei njoggenen - dêr ride
| |
| |
gâns minsken yn mei; allegearre mei in eigen bistean en in eigen rounte fan kunden en sibben, dêr't dan wer allerhande tûkelteammen oan fêst sitte, dy't litterair forarbeide wurde kinne. Sels foarme him hiel efkes, en ek tige dizich, in dichtrigel yn 'e holle fan de skriuwer, dy't yn it foarige ek wol fersen skreaun hie, mar him sûnt lang mear op it proaza útlein hie, dêr't, hoe't men it ek draeide, mear sleet yn siet as yn gedichten.
De ljochtsjende wjirm wie weiwurden en dêrmei de ynspiraesje ek. Dat feit lykwols joech de skriuwer likegoed stoffe ta oertinking en dêrom bleau er noch efkes by it iepen finster stean, dat er in hoart lyn oars al tichtdwaen wollen hie, krekt foar't de trein yn syn gesichtsfjild kaem. Dat er it dichtsjen der oan jown hie like him in goed ding. Folle sukses hied er dêr net mei hawn en in Gysbertpriis soe it nea wurden hawwe. Foar proaza wiisde dat nammers ek net sa oeribele bêst, as men de gearstalling fan de advyskommisje, hieltyd weroan, yn acht naem.
Syn lêste boek wie der oars yn gien as slaed; trettjin hûndert goune hie him dat nou al opsmiten. De krityk hie ek goed west oer 't generael. Oer 't generael, op dy wurden haffele er yn tinzen noch hwat om en die doe reslút it finster ticht. De burolampe kaem op, de oergerdinen loek er nei inoar ta; hy gie der by sitten en stoarre foar him út. Lofts op it buro leine se, de greate pljimzen papier, dy't er wer folskriuwe woe. Rjochts lei in hânfol poatleaden, allegearre mei moaije, fine, masinael draeide punten. Hwant dat wie sa in eigenaerdichheit fan him, hy skreau syn manuskripten altyd mei poatlead, mar as er ienkear los wie woed er net ophâlden wurde troch de needsaek puntslypje to moatten en dêrom leine der op syn minst in stik of tsien ré. Hy mocht graech puntsje-slypje, mei it masyntsje dat oan 'e rânne fan it buro klamme siet. Eartiids, op skoalle, hiene hja sa'n ding en it hie him al syn skoallejierren troch yn 'e bisnijing hawn. Syn longerjen wie mar in kearmannich yn al dy jierren bifredige, hwant master woe meastentiids net lije dat de jonges der mei de fingers oan sieten. Dy skea koe er nou lykwols dei oan dei ynhelje, mei't er sûnt in jiermannich sels in masyntsje hie.
Foar in krante, dêr't er doe wolris hwat los wurk foar die, hied er in forslach meitsje moatten fan de offisiéle iepening fan de forboude skoalle, earne yn Fryslân. Nei de taspraken hie it offisiéle selskip, mei de journalistyk yn it sok, de fornijde skoalle bisjoen en yn ien fan de lokalen siet oan 'e lessener sa'n puntesliper. Unforskillich gie it selskip der oan
| |
| |
foarby, mar foar de skriuwer wie al it oare weifallen. Hy seach allinne it masyntsje en mei magyske krêft waerd er der ta oanlutsen. Hy hie de ‘autoriteiten en bilangstellenden’ stil gean litten om in puntsje oan syn poatlead slypje to kinnen. Yn ien fan syn bûsen foun er nóch in eintsje en doe't er dêr ek in kreas roun, hierskerp tarinnend puntsje oan hie, oan twa kanten noch wol, wie it selskip al in pear lokalen fierder. En doe hied er bidaerd it ding losskroefd en yn 'e bûse stutsen. Hy hie sels forheard west oer syn kalm trochtaesten en it útbliuwen fan de moanjende stimme fan it gewisse.
Ik mei wol sizze, it hiele foarfal wie him fuort letter folslein forgetten en it kaem him sels net ienris yn it sin as er it, tsjin in tafallich bisiker, hie oer ‘myn masyntsje’.
Faeks is it net oerstallich to sizzen dat it papier en de poatleaden gewoan, mei ynskeakeling fan ús jimmer warbere hanneldriuwende middenstân, yn syn bisit kommen wiene.
It tafriel, as ik even gearfetsje mei, wie dus dit: in buro, mei dêrop in lampe, papier, poatleaden en in slypmasyntsje; dêrefter in man, in skriuwer, stoarjend fan it ljocht ôf yn de tsjustere fierten fan de keamer, om better neitinke to kinnen. Hwant de skriuwer hie foar him nommen in detective-story to skriuwen, in polysjeroman lyk as er it ek wol neamde. Hwerom't dat sa wie hoege wy ús net yn to fordjipjen, al hoe nijsgjirrich sa'n frage wêze mei foar psychologen en oare lju dy't neat betters to dwaen hawwe. Wichtich foar ús binne de tinzen fan de skriuwer op it stuit dat wy nou biskriuwe en dy't fansels de konsepsje fan de roman oanbilangen. Yn dy roman soe in misdied barre, de polysje soe der oan to pas komme, mar der kop noch sturt oan fine kinne; dan soe der in gewoan mantsje komme dy't troch skerp en liep redenearjen de saek ta klearrichheit brocht en de dieder oanwiisde. Oant safier hie de skriuwer alles goed yn 'e holle, mar dêr siet er ek mei-iens yn de swierrichheden en by biklage him suver dat er Frysk skriuwer wie. Né, dat is net wier, tocht er doe, it is krekt in oanfitering foar my om it klear to krijen. Fryslân wie in handicap, dat grif, hwant de misdie dijt dêr net sa bêst. Dêr wurde gjin pearelstringen stellen, gjin diamanten smokkele, der is gjin gedoch mei atoomgeheimen en spionnaezje, der binne gjin adellike titels to ervjen as men inoar kâld makket, der binne gjin geheime skatten bigroeven, neat fan soks. Nou ja, der wurdt wolris stellen, fansels, en soms geane de lju inoar op it libben, mar dan komt de polysje en dy berget de bidriuwers fan it kwea op yn Ljouwert - dêr komt gjin detective oan to pas.
| |
| |
De skriuwer siet der mei en dat is gjin wûnder. Lykwols kin ik koart wêze en hoech ik net de hûnderten idéën dy't yn him opkamen, dy't er hifke en wer forsmiet, nei foaren to bringen, om't it each fan de skriuwer ynienen op it poatlead-masyntsje foel en hy mei in skok wist hwat er to dwaen hie. It is nuver, mar ynienen wist er skerp dat er it stellen hie. Hy sei it wurd heal-lûdop foar him út en it makke him net kjel, it die him neat. Nou wist er ek dat er sterk genôch wie om, as de misdie yn Fryslân dan ûnfoldwaende oanwêzich wie, sels dat brekme to forhelpen. Hy moast sels in misdie dwaen, dat wie de oplossing. Hy bisleat sûnder folle omballingen ta in moart en alwer wied er forheard, dat er dêr sa kalm ûnder bleau. De figuer dy't niis, doe't er by it finster stie to mimerjen en wylst bitocht dat de kritisi oer it generael goede wurden foar syn boek oerhawn hiene, gjin stal krije kinnen hie, stie nou ynienen foar him. Dy iene kritikus dy't him húnjend útlitten hie oer syn boek, en dy't er wol forgrieme koe.
It is faeks net to forûntskuldigjen, mar dochs wol to bigripen, dat syn tinzen dêr nei útgiene by de kar fan it slachtoffer. Lykwols, dat tinkbyld forsmiet er fuortdaelk wer. De man wenne wit hoe fier ôf en boppedat moast er de saek net fortroebelje troch der persoanlike dingen yn to biheljen. Troch de yndividuéle emoasje der bûten to litten, sa formulearre de skriuwer it foar himsels, komt men earst ta de folmakke misdie: klear yn syn feitlikheit, forbjusterjend yn de ôfwêzigens fan motiven.
Hy tocht oan it eigen doarp. Dit deade gat, wie der wol moaijer entouraezje foar in heimsinnige, ûnbirekkenbere moart? Net ien dy't deadsfijannen hawwe koe yn dizze negerij, gjinien dus dy't oanlieding joech om slachtoffer to wurden, net ien dy't yn 'e bineaming kaem foar dieder. Mar moarn soene hja allegearre fortochten wêze, hwant dêr't nimmen it dien hawwe kin komt elts likefolle yn 'e bineaming... allegearre fortochten, op ien nei: it slachtoffer.
Koelbloedich gie er it rychje lâns. In man allinne like him it bêste ta, hwant de skriuwer wie in sêftsedich man, en hwerom froulju en bern fortriet oan to dwaen as it net nedich wie? Gauke ferver skeakele er fuort út, hwant dêr hied er noch in rekken stean en âlde Wybren, dy't nochal hwat opljeppen wie en gauris yn tsjok waer siet mei dizze en jinge, kaem likemin yn 'e bineaming. Dat der bleau winliken oars nimmen oer as Hessel de Post, de pinsionearre brieverinder, dy't de freonlikheit sels wie en dy't gjin minske yn 'e wei
| |
| |
libbe. It muoide de skriuwer suver in bytsje om Hessel, mar hy makke him foaral de oare kant klear biwust. De man hie nou al in mennich moaije jierren fan syn pinsioen genoaten en hwat koe sa'n ien better bigeare as in rêdde, pynleaze dea. It moast der op it lêst dochs ris ien kear fan komme en hwa wit hoelang sa'n âld siel oars noch omgammelje moast. Faeks bleau him sa gâns lijen bisparre. Ien hael mei it mes, en...
De reden dat ik hjir ûnderbrek, is dat de skriuwer sels ûnderbrutsen waerd yn syn tinzen, omt der immen by de doar wie. It wie in frommis út 'e stêd, dêr't er hwat gedoente mei hawn hie, mar dy't er mear as in jier lyn al oan kant set hie. Hja kaem deryn stappen, noch foar't er har útnoegje kinnen hie en yn 'e keamer foel hja del yn in stoel.
‘Hwat sil dit?’ frege de skriuwer. ‘Hoe bist sa let op in paed? Hwat hast hjir by my to sykjen?’ Hy sei it noartsk, fijannich suver, hwant hwat er yn it forline ek field hawwe mocht foar it frommis, it wie sûnt moannen dea, en it weromsjen rôp gjin sêfte gefoelens by him to wekker, mar earder wearze en hate. Op âld iis friest it fûl, seit it sprekwurd, mar dêr is dizkear allinne dizze learing mar út to lûken, dat sprekwurden ek net altyd gelyk hawwe.
It frommis lake, mar it wie gjin fleurige laits. ‘Ik woe myn diel wol hawwe’, sei hja.
‘Myn diel?’ De skriuwer wie earlik forstuivere.
‘Myn diel, ja. Dou hast in boek skreaun en dêr hast fansels in soad oan fortsjinne. Ik haw it lêzen. Ik seach dyn namme stean en ik tocht: lit my ris sjen hwat dy moaije mynhear allegearre to fortellen hat. Nou, dat haw ik sjoen.’
‘En?’ sei de skriuwer, hwant hja swei.
‘En? Fregest dat noch? Dat frommis, hoe neamst har, dy Antsje, dat bin ik. Ik bin net gek! Dou hast my biskreaun en nou wol ik ek myn part.’
‘Bist net wiis?’ sei de skriuwer muoilik. ‘Ik dy biskreaun? Hastou in broer dy't by de marechaussé is, hastou in bern dat mei setten oanhelle is?’
‘Fiisbek’, skelde it frommis. ‘Dat haw ik net, hwat tinkst wol? Dat hast der mar by bitocht. Mienst dat ik gjin eargefoel haw? Ik haw gjin bern en as ik al in bern hawwe soe dan hoecht it foar dyn plezier gjin setten to hawwen. En in broer by de marechaussé? Bah!’
‘Nou dan!’, de skriuwer koe neat betters bitinke, ‘nou dan!’, hwant hy wist dat hy gauris oan har tocht hie by de biskriuwing fan syn froulike haedpersoan, mar dat hja dochs folslein ûngelyk hie, omt it nea om de stoffe giet, mar om de wize
| |
| |
fan útarbeidzjen. Mar hoe dat sa'n ien yn it forstân to krijen? Dêroer to redendielen, dêr hied er wrychtich syn kunst to heech foar. ‘Nou dan!’ sei er jitris.
En doe spatte hja oerein en biet him de wurden ta: ‘Dat tútsjen, hen? sa't dat biskreaun wurdt, dat hast fan my, fiisbek, en dy wurden, en...’
Hja joech de mûle wille en it kaem de skriuwer allegearre tige pynlik oan; fral dat hja yn herhellingen forfoel en him kear op kear fiisbek neamde, gie him troch alles hinne.
‘Hâld op’, warde er ôf, ‘hâld op, of ik sil dy...’ Hwat er soe fornijde hy lykwols net, hwant hy bisocht har fêst to gripen en har de hân oer de mûle to lizzen. Hja wraksele om los to kommen en taestte om har hinne as om in wapen to finen. Har hân omklamme ynienen in boskje poatleaden en mei dy yn 'e fûst sloech hja wyld om har hinne.
Mei sa'n gewelt kaem de slach oan, krekt yn syn hals, dat de fine poatleadpunten troch it fel hinneskeaten, en doe't fuort dêrop syn greep op har losser waerd en hy fansiden wankele, spuite út syn hals waerm, read bloed. Hja seach kjel en forheard nei it reade, buorreljende bloed en doe nei de poatleaden yn har hân. Jitris seach hja nei de man, dy't dêr bleek en wêzenleas stie to blieden, smiet de poatleaden oer de flier en staette út: ‘Hearekrispes!’ Doe stau hja wyld nei de doar en spikere út.
De skriuwer koe it net langer op fuotten hâlde; hy gyng sitten, samar midden oer 'e flier. Syn hân taestte nei de woune, nei it bloed. Doe bisocht er op in leger plak op syn hals to triuwen om it blieden tsjin to gean. It gie troch en hy fielde hoe licht as er yn 'e holle waerd. ‘Ik blied dea as in baerch’, tocht er, ‘Hessel de Post sil noch hwat wachtsje moatte.’ Hessel de Post? Hwer soe dy op wachtsje moatte? Hy bisocht it andert to finen, mar it slagge him net. Doe foel de frage fan him ôf; hy sweefde der boppe út: hiel licht waerd alles en hiel ljocht. En yn dat ljocht forskynde Hessel sels, in freonlik, goed âldman. De skriuwer glimke tsjin him omt er sa goed wie, sa âld, sa freonlik.
De oare deis, en net iens sa hiele ier, waerd de skriuwer foun yn syn keamer. It wie allegearre bloed en hy wie dea, mar om syn mûle wie in fredige glim.
Ik kin fierder koart wêze. De lju dêr't er by ynwenne en dy't dy jouns fuort wiene en om tolven hinne thúskamen, binne nei de ûntdekking, de oare deis, fan de polysje geweken nommen, mar har alibi wie soun. De polysje stie foar in riedsel. Folle drokte is der net fan makke, hwant de dieder wie
| |
| |
net to finen en hwat jowt dan in hopen spul?
Dat de skriuwer yn 'e earstfolgjende húshâldlike gearkomste fan it Kunstnersboun bitocht waerd seit himsels. De foarsitter hat in mannich gefoelige wurden sprutsen en alle leden hawwe dy rjocht oerein oanheard; dat is to sizzen, alle leden dy't oanwêzich wiene, mar dat wiene dy kears mar in man of hwat.
Hjir is it winliken út, mar ik wol noch al even meidiele hoe't it mei it frommis gien is. It hie in tigen skok foar har west, dat hat elts wol foar it forstân, en hja bisleat nea wer hwat mei skriuwers en sok folk fan dwaen to hawwen. Net lang dêrnei krige hja forkearing mei in man fan boerekomôf, earne ûnder Bûrum wei, en dêr is hja doe ridlik gau mei troud. It moat in lokkich houlik wêze; hja hawwe ien bern en dat is goed soun.
|
|