De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 275] [p. 275] Mieke van Someren: Op 'e ein Ik bin Herodes, dy't dy socht to deijen; gjin bern, gjin frou is oan myn swurd ûntkaem. Ik bin as Kajafas, bigear dyn lijen en haw nei koart birie dyn libben naem. Faeks wie ik earst noch Judas, dy't dy patte en doe syn ein forriederslibben koarte om 't bloed, dat oan syn hannen klibbe. Ik ha forret, 'k ha patte, moarde, libbe, ja, libbe, o, wol hûndert, tûzen kear. - Dat ik net âlder bin! - 'k Wit nou de ein hiel tichteby. Sûnt juster stean de trije krusen leech. Dejinge, dy't it measte hâldt fan my slaen 'k earst oan 't krús omheech, - Him die ik altyd 't measte sear - dan God oan bar en dan stean 'k selme klear. 'k Slaen him oan 't krús, hy my de oare kear. Hwant oant myn lêste amerij sil ik net oars mear kinne: Herodes, Judas, Kajafas yn my foriene binne. Mar lit Jo, God, op 'e ein bilêze: lit my dan Goede Moardner wêze. Vorige Volgende