De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 273] [p. 273] J. Kroes: Steande bliuwe Moat men jins libben dan mar slite as hjerremyt om to ûntkommen oan 't ivich oardiel en fordommen fan 't sljochte folk, dy skiere smite? Of moat men om jins siel to rêdden allinnich mar it wurd tapasse - neutrael bitsjinjend oan de kassa -: sûp mei de fleurigen, skriem mei de mêdden? Ik jow dy to rieden, freon, sykje de wierheit aldermeast. Dy is it folk, dy hel, wol treast. Sa binn' de bêsten steande bleaun. [pagina 274] [p. 274] Ik kom ta jo Ik kom ta Jo yn dizze stoune en liz myn holle op Jins blok. De wylde wjukken fan myn moune, de lûde tiktak fan myn klok. Untsjoch dit hert noch tsienris, Hear, en sprek syn skurvens dochs net oan, dat it neat hawwe as leafde mear en alle twivel is ûntstoarn. Ik kom ta Jo, ik wit net better. Mar hwat kin better wêze ea as 't toevjen oan Jins djippe wetter en 't iten fan Jins suorre brea? Vorige Volgende