| |
| |
| |
Jo Smit:
Dea wasseh-haenn
II
Yn 'e gong fan it hotel wie it binearjender noch as de middeis en dizkear wit ik foar wier, dat ik yn de sydgonkjes grousumheden eange. As der fan 'e souder ien hongen hie, soe dat as earste réaksje in biskaet gefoel fan foldwaning by my oproppen hawwe: ‘Dêr is it dus - ik wist it wol’, hwant it wie gjin binaudens hwat my dwerssiet, earder in fielen fan in like ûnkearbere as ûndraechlike fataliteit, dat troch it fait accompli inkeld forlichte wurde kin. Mar der wie neat en noch bûten de doar fan 'e keamer, doe't wy de gonkjes ien kear efter ús hiene, liken dy drôchbylden wol gjin earnst west to hawwen, mar mear de mallichheit fan bluisterige fakânsjereizgers. Wy slaggen op bêd en sliepten al gau as roazen.
Gedroan fan klokken makke ús de sneintomoarns wekker - njoggen ûre. Tsientallen klokken skynden der to wêzen; lege swiere slaggen wiene de paedsljochters, mar hieltyd hegere kamen dêr boppe út, hieltyd hegere... as dienen se mei yn in wedstriid, as bisocht de iene klok de oare ôf to troevjen. In orgy fan klokken wie it. ‘Hwat bliksem...’ sei Adriaen dy't troch it earste gewelt hinne sliept hie en nou mei knipperjende eagen op 'e earmtakken oerein kaem, ‘hwat sil dit?’ Mar it hâldde ynienen wer op. Eerst de heechste en doe sa op it rychje ôf, oant op it lêst de lege, swiere bom noch wifkjend efteroan kaem en doe wie it stil. Adriaen gie rjocht oerein sitten, knikte in pear kear stom mei de holle en stiek doe rislút de skonken bûten it bêd. ‘Hwat sil dat?’ frege ik op myn bar. ‘Tsjerke’, sei er somber, ‘giest’ mei?’ ‘Ik rêd it net mear’, andere ik, ‘om healwei tsienen moatte wy der al wêze - ik moast my ek noch skeare. Boppedat wol 'k noch hwat sliepe.’ ‘Ik moat my ek skeare’, sei Adriaen, ynienen folle fleuriger, ‘kin ik yn fiif minuten. Skearwetter haw’ wy yn elts gefal.’ Mei strampele er al nei de kraen, mei syn skeargerei yn 'e hân. Hy draeide oan 'e kraen, doe oan 'e oare.... ‘'t Is kâld’, hearde ik him roppen, ‘allebeide. Nou't men skearwetter hawwe moet!’ ‘Ik soe it mar even rinne litte’, treastge ik, ‘it wurdt fansels wol waerm.’ Wylst Adriaen hwat klean oandie hearde ik de kranen runnen, mar doe't er der wer bykaem, joegen se beide noch kâld wetter. ‘Moaije boel mei de Wasserhahn’, sei er smeulsk. ‘Hawar, dan skear ik my net.’
| |
| |
Doe't Adriaen de doar út wie, die ik gau de eagen wer ticht, net allinne omt ik slûch wie, mar ek omt de hingsnor my sa mankelyk oanseach, út syn krolderige, opgulde list. Minder as twa minuten brochten my wer yn it grinsgebiet fan weitsjen en sliepen, mar doe gie de doar wer iepen en Adriaen stie jitris by my foar 't bêd.
‘Hja fregen my hoe't ik sliept hie’, sei er rêd en mei eat fan it útdaegjende fan in skuldige skoaljonge. ‘Zea sjlegjt’, sei ik en hja wiene der alhiel ôf. Hoe't dat sa wie, woene hja doe witte en ik andere: dea wàsseh-haenn!.... Nou goeije, ik gean nei tsjerke. Hwa wit... Sliep mar lekker!’ Ik hie skraech gelegenheit hwat werom to grommeljen, doe wie er de keamer al wer út.
Op 'e nij treau ik de holle yn it kjessen, ré om it tokoart oan sliep to foreffenjen. Mar ik krige de jachtweide foar my, mei de frou - soe dy der al by west hawwe? Faeks net, mar it slagge my net har earne rêstich sliepe to litten - de ober en it streekjejaske. Ik seach ûntsetting yn har eagen, nei't de gast forklearre hie dat er zea sjlegjt sliept hie fanwegen de wàsseh-haenn. Tryst en dimmen preuvelen hja nou tsjin inoar oer de Wasserhahn, mar dat monotone getsjânsel, dat oars better as hokker widzelietsje jin yn 'e sliep sangerje moast, hie in folslein forkearde útwurking op my. Ik waerd hwat langer hwat helderder, oant ik klear wekker wie. Mar doe't ik de eagen opdie, seach ik wer de snor, of leaver hy seach nei my. Ik bisocht it ris op 'e oare side, mar dat wie alhiel ûnfordraechlik, mei de frou, de ober en it streekjejaske noch aloan yn har dompich petear en de stoarjende snor yn myn rêch. Dat ik wrotte wer oarsom en die de eagen ticht. Mar de eagen to sluten wylst men gjin sliepen yn 't sin hat falt net ta, hwant dan knypt men ornaris to stiif. Fjurrige stippen forskynden, read en giel en grien, mar út al dy stippen - dy't boppedat in eigenaerdige douns útfierden, mei fêste figueren en de nedige fariaesjes dêrop - seach de snordragende Dútsker my oan, lyts, mar folslein klear as byld, lyk as men in ding sjocht troch in omkearde fierrekiker.
Hoelang 't ik myn bisykjen om jitris de sliep to krijen trochsette wit ik net krekt, it sil in heal ûre, tweintich minuten west hawwe foar 't neist. Doe joech ik it oer, sloech de tekkens op en plante de fuotten op 'e flier. Mei waerd der kloppe en op 't selde stuit waerd de doar ek opdien en in frommiske sette de keamer yn. Hja seach net yn myn rjochting, mar yn dy fan de waskbak, wylst hja frege oft hjir etwas wie mei de Wasserhahn. ‘Jô, jô’, wie al hwat ik wist to sizzen, ‘gewisz’, en
| |
| |
ik klaude hastich wer ûnder de tekkens, yn in pynlik trapearre fielen, dat alhiel net nedich wie, hwant ik hie in kreaze pyama oan en myn fuotten wiene skjin.
It fanke, hwant dat wie it seach ik nou, in keamerkatsje mei in wyt skelkje foar en heech opstutsen hier, liet de kranen rinne. ‘Kalt’, sei hja, mar hja heakke dêr oan ta dat de iene winliken waerm wêze moast. Yn myn bêste Dútsk fortelde ik har dat ik soks ek tige wurdearje soe, omt ik my skeare woe. Hja lake my freonlik oan en klongele doe hwat oan 'e moer om. Dat wie blykber pour acquit de conscience, hwant ta sichtbere ynspanning liet hja har net forliede. ‘It bêste sil wêze’, sei hja doe earnstich, ‘dat Jo hwat waerm wetter krije.’ Dat like my ek de bêste oplossing en ik sei har dat in lyts kûmke mei hjit wetter alle swierrichheden út 'e wei romje soe. Hja lake jitris freonlik, in bytsje coquet ek wol, en sette doe ôf.
Ik bleau mar op bêd, hwant ik wie bang dat hja my wer oer it mad komme soe, krekt as ik dwaende wie my yn of út 'e klean to strûpen, mar it duorre in hiel skoft. Grif wol in heal ûre, en doe waerd der wer kloppe. Ik hâldde my stil, yndachtich oan 'e hastigens, dêr't hja de earste kear mei ynkommen wie.
Mar nou waerd it tikjen herhelle, dat ik stjitte dochs mar in gelûd út. Earst gie de doar iepen, it duorre even en forheard seach ik doe dat it net it keamerkatsje wie, mar de frou sels, yn in sneinske jûpe - alteast in oaren ien as de foarige jouns - en mei in ûnbidich greate kûm mei siedend wetter. Dy sette hja del, healwei de keamer, en bleau doe forwachtingsfol stean. Dat is sa net krekt genôch sein; as soks mooglik is soe ik sizze moatte: it wie de forwachting fan dy't neat mear to forwachtsjen hawwe. Har antlit wie dat fan de folsleine desyllusy - de eigenaerdige eagen koene dêr neat oan foroarje, of leaver aksintuearren dat noch. It iennichste sprekkende - as ik alteast it duorsum desyllusionnearre fan it gesicht as net sprekkend, net diskursyf sprekkend winliken, útskeakelje mei - wie har hâlding. In lyts, himpen wyfke dat yn skouders en rêch witte liet dat hja de slach tsjin it libben net alhiel forlern hie en ré wie har to skoar to setten. Krekt dat lykwols joech hwat bisûnder tragysks, as woe it jin ynskune dat de minsklike foarm noch warber wêze koe as it moast, mar dat it minsklike sels - dreame oer it libben, ynkear, siele.... - alle funksionearjen ôflein hie. Tsjin dy hâlding fan forwachting fan it lichem - moat ik noch sizze dat dit neat mei it flesk, mei it erotyske út to stean hie - bigoun ik in petear. Ik bitanke foar - omtrint hie ik sein: foar it skearwetter, mar dat
| |
| |
beart al to mâl by dy tobbe - foar har goede soargen dan mar; ik sei dat it in moaije romme keamer wie en dat ik bêst sliept hie. Dat lêste om goed to meitsjen hwat Adriaen misdien hie, dy't ik op dit stuit allinne sjen koe as in greate sadist. ‘It hat grif net altiten sliepkeamer west’, ornearre ik, hwat hja mei har flakke, mar dochs alhiel net toanleaze stimme tajoech. Earder hie it de wenkeamer west, fornijde hja, en ik murk op dat ik soks al tocht hie en hwat in moaije kast mei boeken hja dêr hie to stean. De ljochtbrune eagen skampten even oer de glêzen doarkes. Ik forfette dat ik forskate fan dy boeken ek lêzen hie en graech bisitte soe as ik it jild hie, al hoegde ik dan net al dy boeken fan Wassermann, en oft hja in soad fan lêzen hâldde. Hja net, fortelde hja, mar har man, dat hie in great lêzer west. Oft er al lang wei wie, frege ik en hja andere dat dat tsien jier waerd. ‘Dus yn 'e oarloch’, konstatearre ik lûdop. ‘Ek troch de oarloch?’ Ja knikte hja, mar se sei: ‘né... né.’
‘Zivilist?’ frege ik en dêr folge in rêdde, senuweftige biweging fan 'e holle op, dy't sawol ja as né bitsjutte koe, mar meiïens seach ik dat hja gûlde, sûnder lûd. Har eagen waerden read, triennen rôllen del en doe kaem der ek in heech en snokkerjend kriten, as fan in bern, in ienlik, forlitten bern. Ienkear miende ik tusken twa snikken troch jitris it wurd Wasserhahn to forstean. Ik preuvele sokssahwat as ‘Verzeihung’, mar hja hearde it net en yn gûlkrampen stoarrele hja nei de doar, dy't yn it tsjier stean bleaun wie. Midden oer de flier stie de tobbe to dampen. Ik forflokte my sels, forûntskuldige my doe wer, woe de humor fan dy tobbe ynsjen, snij de my by it skearen en bisocht hurdhertich to tinken oer sentimintele Dútske widdouwen, dy't nei tsien jier hystearyske gûlbuijen krigen by útlânske hotelgasten.
Mar by dat alles wie ik hastich, ik woe hjir wei. Fuort út dat hotel mei syn ûntromme wenkeamer, mei syn snorren yn gouden listen, syn snokkerjende froulju, streekjejaskes en jins yntimiteit forsteurende keamerfammen, dat rothotel mei syn stikkene kranen, syn gong as in deakiste en syn bybihearrende spoekegonkjes dêr't men liken forwachte. Krekt doe't ik klear wie, de brot yn 'e koffer hie en stie to sjen nei mooglik forgetten dingen, kaem Adriaen der yn.
‘Hwat hastou?’ sei ik kjel, hwant hy seach bleek en hâldde in bûsdoek tsjin syn gesicht en ik fornaem dat er blette. ‘Zea sjlegt’, andere er sa'n bytsje gysgobjend. Mar, om my gerêst to meitsjen kaem der fuort efteroan, mei in biweging fan de doek: ‘Dat hat neat to bitsjutten, ju, myn noas bliedt’.
| |
| |
‘Hoe komst’ dêroan?’ woe ik witte, ‘hast oan 't fjochtsjen west?’ Ik sei it winliken samar; hy knikte lykwols stadich fan ja en sei jitris: ‘zea sjlegjt... Tinkt dy dat ik in oanklacht yntsjinje moat?’
‘Silst’ it der wol nei makke hawwe’ sei ik nofteren. Adriaen stie him to birieden. ‘Faeks al’, mompele er, ‘ja, dat sil 't wol.’ Hy swijde efkes. ‘Mar de lju moatte net oerdriuwe; sa kidelich hoege hja nou ek net to wêzen op it stik fan it leauwe. Boppedat’, - Adriaen bigoun him op to winen - ‘ik haw nest sein, neat fan it leauwe, neat oer de tsjerke. As ik net agressyf bin hoecht in oar ek net agressyf to wurden. Hja0 lykje hjir wol net wiis!’
‘Dat bin hja ek net’, folle ik mei oertsjûging oan, ‘mar fortel leaver ris hwat der bard is. Hwa hat dy to nei west?’
En doe krige ik dan einlings it hiele forhael. Adriaen wie út tsjerke weromkommen en hie yn 'e jachtweide in deabiddersstimming oantroffen. De frou hie reade eagen, as hie hja gûld, it streekjejaske siet mei ûlige eagen to sjen, de ober stie mei in stúmske troanje rjochtop by de gongsdoar en dan wie der noch in fanke dat forwoeden op it koperguod ompoetste. Adriaen hie dêrom mar hwat ekstra luftich sein dat it sok sierlik moai waer wie; der wie hwat weromsein, en doe hied er forteld dat er yn tsjerke west hie. Hja wachten suver op inoar hwa't hwat sizze soe, fortelde Adriaen, mar doe hie immen - hy leaude de frou, né, it wie it streekjejaske, frege yn hokker tsjerke as er west hie en dat hied er doe úttsjutten. En doe hie de frou, ja, de frou dizkear, dêr wied er wis fan, frege oft it him foldien hie. Dêrop hie Adriaen útkreame, dat er in noflik plakje hawn hie en aerdich sliept hie, en dat hy it harren tige oanrikkemedearje koe. De ober wie doe op him takommen; Adriaen hie noch fleurich sein: ‘Jô, jô, Sie auch’, en doe hie dy ober him foar de snút slein.
‘Wie dat oars net in tige ûnskuldich grapke?’ frege Adriaen by wize fan kommintaer. ‘Moatte dy lju dêr nou... Hwat tinkt dy, moat ik in oanklacht yntsjinje?’
Ik woe graech sa gau mooglik fuort út it hotel, dat ik sei fuortendaliks mar: ‘Né, dat moatst net dwaen’, omt it dêr dochs op útdraeije moast, hwant Adriaen is alhiel gjin man fan oanklachten. Ek dat er de ober net in reis werom forkoft hie, hearde alhiel by Adriaen. Hy is wier gjin deadeling en hyn ofte nei net binaud, ek net foar fysyk gewelt, en foar syn freonen sil er fjochtsje oant de bittere ein, mar ik wit krekt hoe't dat gien is by dy ûnforhoedse oanfal. Syn earste réaksje is forheardens: hea, hwerom docht dy man sa... soe ik hwat
| |
| |
missein hawwe? Hwant Adriaen bigeart alhiel net ien op 't sear to kommen, mar de erfaring hat him leard dat soks gauris bart. ‘O heden’, moast him troch de holle sketten wêze, ‘ik haw my de mûle foarbypraet, ik haw har kronken yn it leauwe’. Dêrom hat er net fochten, al mei it dan wier wêze dat de oaren der fuortdaliks tuskenkamen en om ‘Verzeihung’ fregen, lyk as Adriaen fortelde. Mar dat de ober godstsjinstige biswieren hie - it kin wier wêze fansels - mar ik tocht dêr mines fan en dat doch ik noch.
‘Hwat dogge wy dan?’ frege Adriaen, doe't ik it idé fan in oanklacht ôfwiisde. ‘Wy geane fuort’, sei ik. ‘Op slach.’ En dêr wie myn maet it alhiel mei iens.
Sûnder folle wurden rekkenen wy ôf mei de frou. Elts bisykjen om jitris oer it ynsidint to bigjinnen warden wy ôf en it wie har sa ek wol goed, leau ik, al wie it mear in akkoart gean út birêsting en wanhope as út oertsjûging.
Oertsjûging, ik brûk it wurd nou, mar wie dy by ús, by mysels?
Op 'e strjitte seach ik noch ienris efterom en myn each foel wer op it úthingboerd mei syn deutsche Bär; goedmoedich, brút, mar tagelyk ûnsizber demonysk dizkear.
By in goed glês fan it lokale bier, yn it healtsjustere, smûke sealtsje fan Das rote Herz, kamen wy oan 'e praet mei in biwenner fan it stedtsje, de iennichste klant dy't dêr siet op dat stuit. Doe't er hearde dat wy út Fryslân kamen, groeide er. ‘Ljouwert’, sei er, ‘Ljouwert, dêr haw ik west. Moaije stêd.’ ‘Yn 'e oarloch fansels’, sei ik húnjend, hwant ik wit dy forhalen, en ik dronk fuort myn bier op, omt ik hjir ek net langer sitte woe. Mar Adriaen wie minder hastich en dat joech de man de gelegenheit to fortellen, heal forûntskuldigjend, dat er forpleger west hie, by it Reade Krús. Net by de fjochterij, dat moasten wy goed foar it forstân hawwe, en noch folle minder by S.S., S.D. of sokssahwat. Oarloch wie forskrikkelik, en der rekken ek altiten lju woune - de bombardeminten fan de Ingelsken en Amerikanen, dat hie ek ôfgryslik west - en de slachtoffers moasten dochs holpen wurde. Dêr wie it Reade Krús foar, en sa hied er Ljouwert kennen leard. Prachtige stêd; aerdige minsken ek. Mar ja, oarloch, dat wie net bêst fansels. Dy oarloch hie de Dútskers net folle goeds brocht. ‘En ús ek net’, fortelde ik grimmitich, mar Adriaen sei mei hwat fan greatskens, dat wy it al wer aerdich to boppe wiene. Hjir wie it noch net earlik sa fier, heakke ik dêrop yn, hjir rounen noch aggressive lju om dy't jin yn in hotel samar oan 'e kop sloegen.
| |
| |
Hwer't dat wie, woe de man doe fansels witte, mar doe't er hearde dat wy yn 'e Dútske bear west hiene, forgeat er de hiele oanlieding en rekke op 'e tekst oer de lju fan 'e bear. Of winlik foaral oer de eardere eigener fan de bear, dy't nou dea wie, mar dy't in goekunde, of sels in freon fan him west hie. ‘In bêste man’, sei er, ‘tige oppassend, mar grübelnd, och sa grübelnd.’ Ienkear hie hy, de freon, him forsind. Ienkear yn syn libben ek mar, en dat kaem dan noch omt er drank op hie. Tragysk wie dat, en it hie sa'n bêst houlik west. De man seach ús hjirby heal útdaegjend oan, sa fan haw it hert net my tsjin to sprekken.
Schnaps, al kamen wy dan út Nederlân, wie neat wurdich. Dêr kaem greate illinde fan. Der Heinrich - dat moast de namme wêze fan de eigener fan de bear - foun it net ienris lekker. Hied er him mar by it pleatslik brousel hâlden. Jô, jô.
Mar hawar, dat hied er net en hy wie siik wurden. Oft wy wolris fan Wassermannréaksje heard hiene? Ja? Nou, dat hie forkeard west, mei Heinrich. Syphilist, as ús dat mear sei. Doe hiel er him foroardiele field, hy wie sljocht wurden - hie Wassermann, dêr't er neat fan wist - yn alle toanen forflokt en de ein hie west dat er him ophongen hie.
Under it forhael hie it my tige ûnnoflik west, as siet ik nei forbeane dingen to harkjen, in biskamsume ynbrek to meitsjen op de yntimiteit fan in oar, mar by de lêste meidieling, dy't de Dútsker heal achtleas die, loeken alle spieren yn it ûnderliif sa hommels gear as krige ik in skop yn 'e mage: forheftige liiflike delslach op hwat dochs in gewoan - nou ja, hwat is gewoan? - forhael fan minsklik barren wie.
‘Yn 'e gong’, lústere ik út in droege en hjitte kiel.
‘Né’, sei de man, wylst er my hast forbaesd op en del oanseach, ‘yn 'e wenkeamer’.
|
|