De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 264] [p. 264] Tjitte Piebenga: Fjouwer vokalises Lex eterna sjoch myn boarsten nachtlik sté wetterblauwe wrinkelingen oan myn hûd ta bûgen ré yn de farske beakeningen wikselwurking mei de sé skulfers fan in myld petear drage euvelmoed en weagen oer de fluezen fan myn ear nei de bylden yn myn eagen wachtsjend op in godlik mear wit in hoeden lange trêd brekkeldeade skimeroarde och to stadich en to mêd lâns in wyt en reade koarde oer de fêsting fan it bêd fiel de bekkens fan myn bloed oan myn ljisken is it goed Joke achnatone soargeleaze en geselle kimich gleonjen dat ûntstiet oan in teare akwarelle narsis fan in wurdend liet sé de flagge en piraet iggen fan de rynske marren en de wurgens yn har klaed witte fan in dûnker barren lâns de rânnen fan it skaed litte alle hannen wêze oer in alt fan symfoanij sille wûnderlik genêze as ik puere bylden snij en in steile wetterfal oer it spyljen fan it al [pagina 265] [p. 265] Serenade oan dit rút oan dat rút foelen al har klaeisels út yn har blankens sa fol toan ik as de forlerne soan yngoe wite skittertosk ach de lêste pallisade efter bûk en walmebosk eagenblikken sêft biskade en de pearen yn it lân skriuwe mei in hân mei jade teare tekens yn it sân ûnbimoede net to neamen lizze skouderkes to dreamen dizze lippen dizze lea en in flecht yn waerme dea Emil y Capri hiterbân en nachtplewier slingers yn it wetterhier om in klank to rôvjen oan de toetsen fan in floed alle sinnen út to dôvjen yn de koaren fan it bloed hân fan blau en ryk fortún al dyn roken haw ik nommen sier it ljocht en klear alún alle winsken dy't forstommen kein bifris'le oan dyn húd fike ik in byld fan blommen oan de knoppen fan dyn lûd Vorige Volgende