eagen. ‘Pyt jonge, dou hast de earmtakke hielendal troch de jas. Dat kin sa net.’
‘Dy hat Douwe sa krekt stikken skuord. Dy doerak soe my fan 'e sokken lichte.’
‘Ik wit wol rie. Hjir is de kleanôfdieling. Dou moatst fuort mar in nije jas ha. - Juffer, hwer hingje de jongesjaskes? - Hoe liket dit? Sille wy dy ris passe?’
‘O né mem, ik wol sa graech ien ha mei in kape mei fan dat sachte wite poeskeguod fan binnen!’
Hwat kaem dat pittige smelle kopke moai út yn dy nije jas! Pyt moast fansels efkes sjen, hoe't it like - en hoe't it fielde! - as de kape mei teddybear fan binnen op wie.
‘Sil ik him fuort mar oanhâlde, mem?’
‘Ja, dat is bêst, Pyt. De âlde mar efkes ynpakke, juffer.’
‘Moat er bisoarge wurde, mefrou?’
‘O, ik kin him bêst ûnder 'e earm ha, mem.’
Ek goed. Dêr gyng it wer hinne.
‘Nou geane wy nei de boartersguodôfdieling, jonge.’
‘Meije wy mei de lift? Dat fyn ik altyd sa fijn!’
‘Fansels mei dat.’
Yn 'e portyk bij V. en D. hie Gabe al in hiel skoft omlongere. Hy wie mei Douwe op stap gien. Togearre wiene hja der in set lyn al ris yn glûpt. Gau nei de boartersguodôfdieling! Ja, dat mienden se al, mar in fint fan 'e saek hie har sa mar op 'e kuer hawn en noch gauwer hiene se wer oan 'e oare kant fan 'e doar stien. Hja kiene der oer tsierd, hwa syn skuld as 't wie, dat dy keardel har sa gau yn 'e rekken krige hie.
‘Dou hiest efter dy kleanrommel lâns moatten.’
‘Lychste! Dat joech neat. Dou hiest efter dat dikke wiif bliuwe moatten.’
Op 't lêst wie 't bargebiten wurden. Gabe soe Douwe in skonk lichte, mar dy pakte Gabe syn jas noch krekt beet. De earmtakke gyng oan flarden.
Mem hie noch wol warskôge: ‘Tink der om, hy kin net wèr makke!’ It soe der strak wol raer by stean.
Dêrnei wie Douwe syn mem kommen en doe mocht Douwe mei nei binnen. Gabe hie der him by oanslute wollen, mar dat hie se ôfkitst.
Allinne hoegde er it net to bisykjen; se seagen jin op 't heden by de doar al oankommen. Boppedat, mei dy stikkene mouwe seach er der út as in skoaijersjonge. Op 'e boartersguodôfdieling wie it oars moai. Ienkear doe't se dêr omstrúnd