De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 257] [p. 257] [Nummer 9] G.N. Visser: Striidsang Faek bineare ús de bitterheit, Wie der wanhoop yn ús jonge herten. As hjoeddeis in frjemdling Fryslân seit Klinke spotske snaren, elk dy't net in Slûgenien is heart it, net de kloft Al to gau fan id'le wurden treaste, Mar hjoed is der frissens oan 'e loft: Swakkens, hwer kearste? Wis, minmachtich is it lytse team, Mar hwaem wurde greater krêften skonken As dy't winke lit him fan in dream, As dy't fiere fisioenen wonken? Elk fan uzen hat de wanhoop kend Mar dy is fordwoun en hjoed formearje Wy in sterk en dapper regimint: Eala, marsjearje! Och ús rétors net, dy wolle wy Nimmer haegje, slach har ûnbigryplik Glimkjen yn de jamkste fâlde, swij, Hoe biheind bin hja en hoe bihyplik Is har lytse geast, hwat jowt it dat Ald en staf him fûtrjend tsjin ús dream stelt? 't Is in oar, dy't oer ús glimkje moat: Redbad, ús dreamhelt. Strak marsjearje wy; koel is de moarn, Nofter 't ljocht, de kimen bin forgrize Gjin lûd koper fiert ús rigen oan Gjin fanfaerje, mar in fiere wize Wjokket oer ús hert, it wurdt in sang, 't Is in ied, hy komt út sterke kielen: ‘Sawn sélannen sûnder frjemde twang’, Bidde ús sielen. [pagina 258] [p. 258] Heevje heech de fane, ús idéael, Al is 't net fan dizze botte snuorje, Hâld it heech, o draech ús yntegrael Nasionalisme yn syn folle gloarje Greatsk, yn it gesicht fan 't ûnforstân - Dat de Deaden witte - nei de strannen, Nei 't Reaklif, op, op nei Gasterlân: Warns wachtet, mannen! Vorige Volgende