Net unaerdich
It Sintrael Bureau foar de Statistyk hat, eksklusyf foar Frysk en Frij in oersjoch jown fan de stiging fan it wolfeartspeil fan de Fryske skriuwers. Dêrút doch bliken dat yn de lêste fiif jier trije (3) fan harren in nije twaddehâns skriuwmasine oanskaffe kind hawwe (P.A. to M., Pr. to H. en Y.P. to M.), wylst fjouwer om it oare jier mei de húshâlding nei in fakânsjeoarde (C-klasse) op Skylge koene foar oardel wike (E.B.F., sûnder fêst wenplak, O.P. to Lj., H.F.F. to 't H. en Lolle N. to Gr.). Trettjin skriuwers hawwe by machte west, de earste stoarting (ad f 600) to dwaen foar in boukaswente (wy neame dêrfan A.W. to Sn., D.A. . to Sn. en juff. T.A. te Ea. - it SBfdS skriuwt abusivelik ‘to Ae’, mar it moat fansels ‘Ea’ wêze).
Dizze dúdlike stiging fan de soasiale status steane lykwols oare symptomen foar oer. Sa hat ien skriuwer (F.S. to 't H.) der ta oergean moatten en freegje in abonnemint oan by de Spoarwegen foar heale priis. Oaren hawwe, om autoride to kinnen, har produksje ta trije romans jiers of oare schnabbels forheegje moatten (P.T. to Ljouwert, S.J. v. d. M. to Dr.).
Opfallend is dat de jongere skriuwers, dy't har forienigje om it (forivige) tydskrift Quatrebras hinne, gjin meiwurking oan it ûndersyk fan it bureau forliene woene. De litterair-ekonomysk adviseur fan it Bureau skriuwt dit ta oan it feit, dat hja tsjin elke priis foarkomme wolle de yndruk to meitsjen dat hja ea jild oannommen hawwe foar har wurk, lykas dat by de arrivearre auteurs wol it gefal blykt to wêzen.