Alle bern repten har der hinne. Dy mei de krintebôlle yn de smoarge fûst foarop. Doarus en Hil bleauwen lizzen en lieten har net steure fan in bloedsûger. Se fordreamden de joun efterhûs oant it tsjuster waerd. Hil gyng oerein: ‘Wy sille wol ris op bêd moatte.’ Har lûd bearde oer de pôlle nei de bern by de sleat of hwer't se dan ek tahâlde mochten. Trije, fjouwer streuperts kamen dêr op ta. De oaren dienen har dingen.
‘Helje dy bern ris yn 'e hûs, Doarus, hja jowe wer net om sizzen.’
Doarus sloech yn syn machtige hannen: ‘Allé, allé.’ Noch roppend en tsierend kamen se fan alle kanten en waerden wei yn 'e hûs, dêr't Hil mei har rêdde.
Doarus riek him út, de sterke earmen heech boppe de holle. Hy gappe. It soe wol wêze moatte. Hy koe de hiele nacht net bêst baten bliuwe. Tsjin Hil sei er noch ris dat it wol opbroeije soe, der sieten gleone koppen yn it suden.
‘Sil 'k noch ljocht meitsje, Doarus?’
‘Neat gjin forlet fan, wy komme sa wol op bêd.’
Doarus foarsizzing oer opbroeijen kaem yn safier nei, dat it yn 'e iere moarntiid, fier om súd, hwat flikkere en rommele.
Mar likegoed kaem der om in ûre as fiif in boadskipper yn 'e buorren, dat Doarus glêzewasker syn hûs yn 'e brân stie.
Dat wie de smid der út, om't er brânmaster wie, en de weinmakker, dy't der ek by hearde, en al de spuitgasten der út, en dat wie mei staesje en mei de brânspuit de dyk út, nei Doarus glêzewasker.
Fansels spuiten se dêr doe noch, oars hienen se wol thúsbliuwe kind, mar it hie net mear hoegd. De platsleine sjipfetten leinen, brún en blau bleakere, yn 'e gleone jiske. Hjir en dêr rikke noch in swartbaernde balke, en dat wie alles hwat der noch fan Doarus glêzewasker syn hûs oer wie.
Doarus stoep net al to mismoedich by de púnfallen om. Hil stie mei twa bern oan 'e hân efter op 'e pôlle. De oaren dounsen as wylden om 'e rikjende jiskebult, wylst hja, ûnder great jûchhei, bisochten it wetter fan de spuit yn 'e hannen to heinen.
‘Hoe is dit komd, Doarus?’ frege de smid.
Sahwat guodlik seach Doarus op 'e man del, as woe er sizze: Nou freegje jo nei de bikende wei. Hy loek oan syn brede skouders en gyng op 'e fraech net yn. ‘Hjir moat ried skaft wurde’, sei er, ‘wy kinne net ûnder de bleate loft forkeare.’
‘Dêr sil wol hwat op foun wurde, mar hoe is 't komd?’