De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 244]
| |
Nei de moanne
Maantje tuurt, maantje gluurt
Al doohoor de vèhensterruiten
Zijn de kindertjes al naar bed
Of spelen ze nu nog buiten....
Sa songen wy yn ús bernetiid
Fan 't moantsje, dat heech oan de himel stiet
Lykme allinne yn goudene pracht,
Ljochtsjende keningin fan de nacht.
Good old uncle Sam krig' in bêst idé
En hat hjoed of moarn al in kunstmoanne ré,
'n Sek of hwat dollars smyt hy der tsjin oan.
Berntsjes, o berntsjes, hwat liket it skoan.
En hoe is 't nou mooglik seit elkenien
Krekt 't selde idé is yn 't Kremlin ûntstien,
'n Sek of hwat roebels, en fêst komt it klear.
Berntsjes, o berntsjes, hwat wol jimm' noch mear.
De kunstmoantsjes jeije har baentsjes strak roun
Dat ha Sam en Iwan doch net sa gek foun.
Iwan bisjocht sa de Westlike kant
Sam tinkt om it Eastlike blok navenant.
Moantsje fljocht, moantsje sjocht
Op hwa sil wy aenstouns ris sjitte
Leit lytse Iwan al lekker op bêd
Rint lytse Sam noch op strjitte?
O, hwat is de minsk fornimstich,
Hy wit rie foar elk gefal,
Altyd kin hy mear presteare,
Eltse krêft sil hy regeare
Hy oermastert it hielal.
| |
[pagina 245]
| |
Ien draei oan 't forkearde knopke
En dan fleane, dat 's moai flikt,
Ierdbol, minskdom, 't hiele swikje
Nei de moanne! 't Doel birikt!
| |
De amtners
Lokkich bûge Heit en Mem
Oer 't smûk biwenne widske del,
De lytse kraeit, graeit mei syn hantsjes
Wurdt dan ynienen skriklik kjel.
Heit sjocht syn blauwe eachjes freegjen:
Hwat moat dat skaed dêr op 't bihang?
‘O jonkje, dêr moatst noch oan wenne,
't Sit wier wol goed, wês mar net bang!
Dat skaed is fan d'ûnmisb're amtner,
Tonei giet 't nea wer by dy wei,
Hwatstou ek wolst of silst yn 't libben,
Dat skaed fynst altyd op dyn wei.
Elk minsk draecht as moderne pleach
In dikke amtner op syn rêch....
Moatstou letter 'n baentsje sykje,
Wolst yn sé mei 'n nij febrykje,
Wolst in pas ha? Skoanfamylje?
Mei 'n oargel yn de strjitten spylje?
Kearsang:
Krekt, jo hawwe it al ret, efkes mei nel in loket,
Fan tsien oant fiif, leafst net op sneon,
De amtner is jins bêste freon.
Wolle jo faeks emigreare,
Woll' jo 't strjitlawaei nachts keare,
Woll' jo bouwe, woll' jo brekke
Of jou útkearing hwat rekke?
Kearsang: ........
Moat jo 'n pokkebriefke helje,
Premie AOW bitelje,
Moat jo by ‘menhearke’ komme,
Op in motorbakfyts bromme?
| |
[pagina 246]
| |
Kearsang: ........
Wolle jo mei ysco fintsje,
Woll' jo sliepe yn in tintsje,
Woll' jo skiede, woll' jo trouwe,
Wolle jo 'n nij húske bouwe?
Kearsang:
Krekt, jo hawwe it al ret, efkes mei nei in loket,
Fan tsien oant fiif, leafst net op sneon,
De amtner is jins bêste freon.
Wy wenje yn in paradyske,
Bilesting giet hjir nea omheech.
By 't spoor, de P.T.T., Rykstsjinsten
Gean de tariven stees omleech.
Hoe 't komt, kin elk lyts bern bigripe,
It feit leit dúd'lik, foar de hân:
Hwat hal de brave boargerman dochs
In protte freonen yn dit lân.
| |
De oaljeman
De oaljeman wie eartiids in lytse hannelsman,
Mar nou giet it by fetsjes, dêr wit jim alles fan,
Sadwaende bin ik woeksen ta 'n oaljeman-magnaet
Dy't oer Saoed en Nasser as oer femylje praet.
Har beider krantefoto's dy hingje oan ús lewant,
Har eachjes sjogge freonlik nei my: har bêste klant.
De wrâld moat har hwat mije: hja ha sa'n stive kop,
Hwant as it dêr ris mis giet, haw ik in greate strop!!
(Dêrom):
Lang libje Nasser en like lang Saoed,
As hja mar boarje litte, is alles my wol goed.
Troch protten oaljekachels haw ik in ryk bistean,
Kin 'k ek ris mei in Fordtsje nei de Rivièra gean.
Soe ik har ea ris moetsje, dan lichtsje ik de hoed:
Lang libje Nasser en like lang Saoed!
| |
[pagina 247]
| |
Dêr yn it midden-Easten is Ibn Saoed de baes,
By it Kanael fan Suez klinkt Nasser syn geraes.
I t binne beide hearskers oer libben en oer dea
Dêrby biroerde buorlju, wit Isr'el ta syn skea.
Har h8lden en har dragen is eink in great skandael ... (tja)
Saoed sit op 'e oalje, en Nasser op 't kanael.
Hwat stean 'k hjir eins to kletsen, myn breawinning giet foor,
De frou en bern moatt' ite, dus sjonge wy yn koar:
Lang libje Nasser en like lang Saoed,
As hja mar boarje liite, is alles my wol goed.
Troch protten oaljekachels, haw ik in ryk bistean,
Kin 'k ek ris mei in Fordtsje nel de Rivièra gean.
Soe ik har ca ris moetsje, dan lichtsje ik de hoed:
Lang libje Nasser en like lang Saoed!
| |
Wy bin it lokkich al hast wer forgetten
Wy bin it lokkich al hast wer forgetten,
It sakket stadich út ús tinzen wei:
De Bear en Bloedhoun ha de grins wer sletten,
Wy libj' ús libbentsje fan elke dei.
In tel of hwat ha alle frije minsken
It beest sjoen efter 't izeren gerdyn.
Wy rekk'nje nou wer mei ús eigen winsken,
't Is ommers langer as in healjier lyn...
Mar yn it fjemde lân tinkt Lajos Veros
faek oan syn âlde mem. Hoe soe 't har gean?
Hwa soe har helpe by de swiere wurkjes?
Fan hwa bart hja nou sneons it lean?
't Hongaerske drama hat de wrâld forbjustre,
Sa'n massaflecht de frjemde frijdom yn...
Dat 's nou wer oer, 't is wer forgoed fortsjust're,
De mitrailleur slút stevich it gerdyn.
De boalen hingje, as de bazen winke,
In tweintichjierrich famke yn in strop...
Mar gau forjitte, minsken, net oan tinke,
't Wie lokkich ommers net ús eigen kop!
| |
[pagina 248]
| |
Mar Ers-beths âlden sil it nea forjitte,
Har herten skrieme om dit bern, mar tja,
sa skrieme tûzenen Hongaerske herten;
hwat docht ien sa'n gefal derta?
De wrâld brânt nou wol wer op oare plakken,
Dat Hongarije wie mar 'n insidint.
Wy kinne nou wer 'n bioskoopke pakke
en bin by elk forsetsje wer presint.
Wy ha, 't moat sein, nei bêste krêften holpen,
En dêrmei ha wy doe ús plicht wol dien.
Mar as wy alles nou mar wer forjitte,
Ha wy dit boadskip dan wol goed forstien?
De grins is ticht. Terreur en ûnrjocht hearskje.
De Steatspolysje hat in iizren hân!
En wy, by thé, segaer en sûkelaedtsje,
Bikleije braef 't Hongarelân.
Tuzenen, tûzenen minsken swalkj' yn de frjemdte roun,
En wy ha, moarns al by 't brochje, 'n bilestingbiljetsje foun.
Tûzenen, tûzenen minsken krij' fierstomin iten deis,
En wy krije, hwer moat it hinne, alwer in stûr by it fleis.
Tûzenen, tûzenen minsken hawwe gjin takomst mear...
En ús komt in snipperdei minder ôfgryslik op it sear...
|
|