De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 226]
| |
Y. Poortinga:
| |
[pagina 227]
| |
Net om 'e gunst,
'k Sjong foar de kunst.
Kenners dy dwane my rjocht.
It geastichste is hjirby it motto dat der boppe stiet: Rik-kik-kik-kik
Rik-kik-kik-kik
Rik-kik-kik-kik-kik-koaak.
Ald Froskeliet.
Nettsjinsteande syn puntdichten wie Hjerre Gerryts van der Veen as dichter noch al swier op 'e hân. Dat bliuwt er ek as er it ris oars bisiket, krekt as yn it fers Luftich (Swanneblummen 1855); it bigjint oars noch al skaplik: Lizze yn 't boaze ús hiele wrâld,
Leauwe, dy't it leauwe -
Dy't fan 't wrâldske libben hâldt,
Moat it swiet hjir priuwe.
In bytsje de kant út dêr't wy it leafst sykje wolle kin it drinkliet gean. Dat is yndied it gefal by in dichter dy't oars ornaris noch al heech sweeft, hwannear't er him alteast net mei opsetsin delbûcht ta it folksaerdige. Hjir docht er gjinien fan beiden. As it ús net mist, is dat liet (út Iduna 1846), mei syn licht spotske toan en syn ‘omkearing fan wearden’ net yn Harmen Sytstra syn blomlêzing opnommen: Wetter en wyn
Hwa het it kostlik wetter
Sa suver en sa klear,
It leave wetter makke?
Dat die ús leaven hear.
En hwa makke ús de swiete,
De geastnju-jaende wyn?
Dat die de snoade minske;
Skink yn! skink yn! skink yn!
It wetter komt fan boppen
En spielt omleech oer 't lân;
It wetter is dus himelsk:
It komt fan heger hân.
De minske parse út fruchten
It lekk're sop, de wyn;
De wyn is dêrom minsklik;
Skink yn! skink yn! skink yn!
| |
[pagina 228]
| |
Ja! Godlik is it wetter
En 'k stel it my ta 'n wet,
Ta lof dêrfan to sjongen,
Mar drinke doch ik 't net.
'k Wol leaver needrich wêze
En drinke ienfâldich wyn:
Dat 's minsklik, ik bin minske;
Skink yn! skink yn! skink yn!
De aerdichheit leit foar in part yn 'e sabeare logika. By it folgjende ‘drinklietsje’ fan Gerben Postma - oars al sa'n dreech man - leit dy foaral yn de fariearring dy't elke strofe bringt. It fers is út Forjit my net 1882: Taepje ris yn!
Taepje yn - sa'n fleurich snjitsje;
'k Haw hwat kjeld skipe op 'e maech,
En al bliuw ik by myn mjitsje,
'k Mei sa'n fûgelgleske graech.
Jit ris yn - myn wiif, myn Jantsje,
Och, hwat rûkt dyn kofje skoan
En hwat jowst my 'n aerdich pantsje
Bern! dat stiet my danich oan!
Pomp ris yn - de boer wol meane,
Swylje. Blastich moat it nou.
Fuort dan! Brimt er, tige fleane!
Pomp it liif him tsjok en grou.
Skink ris yn - foarnaem! ynfieren!
Doomnys juffrou gyng foarby,
'k Hearde lange rokken slieren,
't Stiet der aldernuv'richst by!
Fan de trias dy't men maklik mei de lichte muze yn de wide sin dêr't wy der noch altyd yn oer prate forbynt, to witten: Wein, Weib und Gesang, ha wy nou de earste en de lêste al bihannele, as men alteast oannimt dat de lichte muze sels foar de sang soarget. Oer it Weib ha de dichters ek genôch yn 'e lichte toan praet, mar nimmen sa charmant as Piter Jelles. Wy wolle lykwols in oanhael dwaen út in fers, dêr't de Snitser notaris Fennema, ûnder de skûlnamme Suminona, Piter Jelles suver in bytsje mei foargiet. Oer it tútsjen (Iduna 1864): In tútsje mei dêryn wol lykje op it jild,
Dat elts er om reizgje wol, rounom yn 't fjild.
| |
[pagina 229]
| |
Mar wit jimme, hweryn't er net mei oerienkomt?
Dat jild stees by 't tal giet en faek wurdt to lien nomd.
In tútsje, och, dat jowt me golhertich mar wei,
En jowt me ien to folle, dêr sjocht me net nei.
Wy neamden oan it bigjin Kees Wielsma, winterjounenochter op en út, mar dan ien fan de twadde winterjounenochtgeneraesje. In man dy't folslein frij fan moralisme wie en in greate komyske krêft ta syn foldwaen hie. Hy hie ek in foarmkrêft en in taelbihearsking, dy't him ta in dichter fan formaet meitsje kinnen hiene, hie syn geast oars rjochte west; mar sawol it lyryske as it demonyske ûntbrieken alhiel. It is net oan de man to fornimmen, dat er dêr leedzje oer hawn hat. Men treft komselden in letterkundige dy't sa folslein represintant fan syn formidden is as hy fan it Grouster doarpslibben. As men him mei de Halbertsma's forgelykje wol, komt er dêryn, lyk as yn syn hwat rûch réalisme en syn libbenens oerien mei de Tsjalling fan Kom, Sets-leaf, keamerop! en net mei Eeltsje, dy't der aloan oer prakkesearre om út Grou wei. Mienskiplik hawwe alle trije de nocht oan de Grouster merke. Yn D. Kalma syn Fryske Skriftekennisse III kin men in pear parodyen fan Wielsma lêze. Wy jowe hjir in stik oer de Grouster merke, dat yn ien fan de earste jiergongen fan it Friesch Volksblad stiet. Men kin der oan sjen, hwat er fan in gelegenheitsfers op in doarpsbarren meitsje koe: | |
GroustermerkeIn toast, útsprutsen by de priisútdieling fan ‘Frisia’ to Grou. Dêr wie de Grouster merke wer
Mei al syn wille en lijen,
Mei bearenburch en beijersk bier,
Mei dounsjen en mei frijen,
Mei matinées en strjittesang,
Sa'n trije fjouwer dagen lang.
Hwat wie der faek hwat moais to sjen
En raers op Grouster merke;
As: grouwe manlju 'n froulju, 'n den
Wer 'n lytse, flugge sterke;
Nêst draverijen foar in sint
In hin mei 'n dûbeld fundemintGa naar voetnoot1).
Ek moarderijen - op in kleed
Godtank! -; in swarte spegel,
In levend sprekend mensenhoofd,
| |
[pagina 230]
| |
HurkuikGa naar voetnoot2), en yn 'e regel
In malmoune ek en soms dêr by
In mes- en degenswolgerij.
Hwat bringt sa'n Grouster merke doch
In bulte jin to binnen.
It gyng soms heil om seil der troch,
Mei mâlle wylde sinnen;
Wol fiers to bryk en al to rou.
Hwat hien' we dan in bok oan 't tou!
Hwat seagen wy sa foar en nei
Ek wearlichs frjemde lopen.
Soms lju, ôfkearich fan de drank,
Sa kardinael bisopen
As Noach, doe 'r probearre hie
Hwat wurking sop fan druven die.
En âlde feinten, dy't men tocht
Dat nei gjin froulju taelden,
Dy seach men soms as se efterom
Mei 'n faem op side dwaelden.
En dan wist faek sa'n âlde fint
Net hoe 'r him hâlde moast omtrint.
Ek mannich feint skreau foar de merk
In flaei'rich minnebriefke,
En gong mei 'n famke keamer op. -
Dy makke er ta syn wyfke
Nei ien, twa, trije jier gefrij,
En krige er frij hwat jongfolk by.
‘Ik kaem mei 't dounsjen by myn wiif’,
Seit ien. ‘Ik op 'e strjitte’,
Seit wer in oar, ‘dêr kaem it sloof
Mei 'n smite my tomjitte.
Wy merken, frijden, wy binn’ troud,
En 't hat oant nou ta ús net roud.’ -
In tredde seit: 'k Woun Grouster merk
Faek prizen mei myn skipke.
Soms wie 't in hele route foar
En soms wie 't krekt op 't hipke.
Dan tocht ik: diker! hoe komt dat?
Mar 'k woun 't - al foel der skot op skot.
It bliuwt mar wier, hurdsilers-dei
Is fan de merke 't wiere,
Hwat moai gesicht, as dêr sa'n fiif-
Entweintich seilen swiere
En krielje en kriigje troch elkoar
Om 't wichtich fraechstik: Hwa sil foar?
| |
[pagina 231]
| |
En dan de priisútdielderij
Jowt skepnetfollen toasten;
Oer waer en wyn, oer earlikheit,
Oer eftersten en foarsten,
Direksje, mannen fan 't gewearGa naar voetnoot3);
Oer âld en nij en folle mear,
Dat ik hjir lang net neame koe,
Al praette 'k ek in ûre.
Men swetst sa lang oer stjûren dat
Men kin jin sels net stjûre.
En set men dan, nei al 't plesier
Op hûs ta, - och, hwat sylt it swier!
't Lavearret frjemd de strjitten lâns
Mei hoarten en mei skuorren.
Nei ‘Efter 't tsjerkhôf'Ga naar voetnoot4) giet it paed
Op 't moaist troch Lytsebuorren;Ga naar voetnoot5)
En Lytsebuorsters driuwt de wyn
Mei steande seilen Dútsklân ynGa naar voetnoot6).
Dat jowt de moarns knap pine yn 't hier
En droege skrokke kielen,
En mannich tinkt mei bearenburch
Dy kwalen wei to spielen;
Mar dan (mar dat is oars to gek!)
Falt sa'n pasjint licht wer tobek.
In wachtwurd fan de hele merk
Is jildútjaen en priuwen.
Dy 'r SneintomoarnGa naar voetnoot7) in proef mei naem,
Seach mannich jildpong driuwen;
Hwant dan is grif by âld en jong
De holle folder as de pong.
Hjir sill' we joun it rimen, tinkt
My, mar by bliuwe litte.
Til nou, hwa't wol, it glês ris op:
Ik winskje dy't hjir sitte
In echt plesierge merke ta,
En sil dy, hoopje 'k, sels ek ha.
Tichter by in biskaet soarte fan moderne kabaretkunst stiet hjir en dêr it wurk fan P. Bleeksma. Wy komme hjir neijer oan de ûnderwrâld fan de dichtkunst; dêrre hwer't de dichter fan magiër gûchelder wurden is. Yn syn grinsgefallen ynteressant genôch, mar dêr ûnder wol tige problematysk, Foaral | |
[pagina 232]
| |
hwer't de pretinsje fan dichter to wêzen bistean bliuwt, lyk as by de aertsplagiator Bleeksma it gefal wie. Ik bin der dan ek alhiel net wis fan, oft datjinge hwat by him moai ticht by it saneamde ‘libbenslietsje’ komt, ek gjin plagiaet is. Mei Moderne leafde liket my dat bygelyks wol it gefal ta. It docht to ûnfrysk oan: Dêr sit juffer Ka oan it finster,
Mei 'n tournure, o sa brutael!
Dêr kuijert hear Jan op 'e strjitte,
Hoe spitich! hy het nin kaptael.
Syn burd is sa swart en sa glânzich,
Syn lokken, wel, kunststikken binn' 't;
Hy spilet biljert jin de bêste;
Och! hied er mar 'n goed traktemint.
Hwat sit him de spanbroek ûtmuntend,
Hwat slút him syn jas om 'e lea!
Mar och! net in byt kin er erve;
Nin byt, al stoar alles ek dea.
‘Hja het him sa leaf’, om al de boppeneamde treflike eigenskippen, mar as der in stammerige rintenier mei in bulte jild om har komt, jowt se hastich tawurd. Dat libbenslietsje-eftige hat ek Polityk yn 't boask. Wy kinne mei ien strofe folstean: Hear B. neamt men mei rjocht markys,
Syn wyfke, in âld en snibbich ding,
Sjocht swart as hy de faem ris aeit
En neamt sok ding heechst sonderling,
In tsjinstfaem! seit se, en in markys!
't Is skande! mar hja fynt nin baet,
Och! frou! seit hy, jo fetsje it net,
Ik bin by wilen Demokraet.
Sûnder sabeare moralisme, net yn ‘hûndertste fortinning’ en yn syn rymnocht folle aerdiger is It dwarse wiif: Wol hy swiet, dan wol ik sûr;
Wol hy wetter, ik wol fjûr;
Ropt hy hou, dan rop ik ha!
Seit hy iepen, ik siz ta!
Wol hy ite, ik wol fêste,
Wol hy kuijerje, ik wol rêste;
Wol hy skean, dan gean ik rjocht,
Het hy 't lant, dan hab ik nocht;
Wol hy apels, ik sied parren;
Seit hy ja, dan siz ik né;
Wol hy kofje, 'k set dan thé;
Wol hy sus, ik wol dan sa.
| |
[pagina 233]
| |
Keap't hy koeke, 'k wol nea ha.
Wol hy piper, 'k helje sâlt,
Wol hy hjit, ik meitsje it kâld.
Seit hy hjir, dan siz ik dêr;
Slacht hy my, ik slaen him wer,
Wol hy rys, ik sied dan groat,
Hwat in wille! sakkerloat!
Dit wurk út de tachtiger jierren is to finen yn Rym en Onrym. Moaie foardrachten (De Jouwer, s.j.). In inkeld fers dat op it libbenslietsje liket, is ek to finen yn Bleeksma syn Rymkes. Ut de Rarekiek fen it Minskelibben (De Jouwer, s.j.), mar wy sille it hjirby litte.
Né, de lichte muze yn de Fryske skriftekennisse fan de foarige ieu wurket oer it algemien net mei forswijing en al dy oare stylmiddels dy't raffinemint en spitsens by dichter en publyk ûnderstelle; hja lijt der ek net oan, lyk as dat op 't heden faek it gefal is mei de rjemme fan greatestêdskabaret, dat hja om in Ingelske term to brûken ‘oversophisticated’ is, sadat men it ienfâldige goed en kwea net mear útinoar ken. Wy wolle dêrom bislute mei in ferske dat sa rjochtút as in bargesnút is en de morael net binefterhâldt. Hwa't A. to D. is haw ik net útsocht. It stiet yn Friesch Volksblad 12 nov. 1882: | |
Klachte fan in troud manWize: Wat wordt het laat, de klok slaat acht. As feint woe 'k folle wille ha
En 'k libbe great en frij;
Sa koe 'k net mei myn ynkomst ta,
Doe troude 'k mei Sofij.
Dat sloof wie frijhwat dom
En dêrby skeef en krom,
Mar hja hie jild, dat paste my,
Dêr troude 'k har ek om.
Ik seach der doe nin byt fan yn
Hwat immen sa bitrout.
Nou ha 'k twa bern en ûnderfyn
Hwat skaei sa'n houlik jowt.
Myn jonge is ezeldom,
Myn fanke skeef en krom;
As dat nou beide net sa wie
Dêr joech ik frijhwat om.
Myn buorman het in stik of sawn,
't Binn' flinke moaije bern
En kras en helder fan forstân,
| |
[pagina 234]
| |
't Is hertsear dat to sjen.
Mar hy seit: ‘Tink der om!
Wy habbe 't net to rom!
Der lâns to sparljen mei sa'n team
Dat spant der deales om.’
Dan siz ik: ‘Man, jo habbe in skat,
Dy't ik net keapje kin,
Al bea ik dêrfoar 'k wit net hwat.’ -
- En giet myn jild forlern,
Dan is myn jonge dom,
Myn dochter skeef en krom;
Hy doocht ta neat en nei sa'n faem
Sjocht net in sterfling om.
'k Wol hoopje dat it sa net rint,
Hwant sill' myn bern to plak,
Dan moatt' se er komme troch har splint.
Keal soarte, tige ûnfrom,
Dat stikket dêr faek om.
Hwat lot har dan to wachtsjen stiet,
Dêr tink ik leafst net om.
O feinten! sjoch op hwat ik siz
Mei gjin forachting del.
As 't jildbitrouwen 't haeddoel is
En leafde neat yn tel,
Dat is to bare dom,
Al draecht men dêrop rom.
It beantsje komt om 't leantsje wol,
Tink dêr mar efkes om.
Deselde opfettingen, en ek itselde nofteren réalisme, dat gjin blêd foar de mûle nimt, is it kenmerk fan Piter Jelles syn lichte muze yn Fryske Brilloftswille. It dubieuze kabaretliet mei pretinsjes - huorrekyn fan de poëzij - siket men yn de foarige ieu dus frijwol om 'e nocht. |
|