De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 224] [p. 224] D.A. Tamminga: Doctoranda Wierema Myn namme..? Doctoranda Wierema, Docente Botany en Physica. 't Is idéáél studearjen simmers op sa'n eilân! Hwant alle jierren wer bin ik, au fond, de spil fan 't Biologyske Stasion, as d' eilânsboeren piele en haeije yn it haeilân. Al myn fakânsjes wurkje ik hjir op Skylje, myn proefskrift oer ‘IT SE-WIER’ is noch lang net ré. It sé-wier... ja, de bearzerûchfamylje! Dat is om sa to sizzen nou myn ‘specialité’. - 'k Bimuoi my net mei èlke plant of dier, o né, myn stúdzje is en bliuwt: it wier! Ik swalkje mei myn netsje by sé of by in sleatsje, sa skep ik de geheimen op fan 't griene tekkenflaech. Ik fiel yn hert en nieren: de fuortplanting fan wieren dat is foar my al jierren lang dè greate libbensfraech. En sit ik hjir soms ûren troch lins en loup to loeren nei hwat der microkosmysk bart yn 't wetter fan ús séën, dan boeije my gjin haeijen noch hegere planteskaeijen, it binne de wieren, 't binne de po-ta-mo-ge-to-na-céën! Langlêsten op myn Famkes-H.B.S. bihanle ik ‘it Séwier’ yn myn les, ik joech in exposé fan Genus en fan Sexe. Doe lei sa 'n ding fan amper fyftjin jier harsels in krâns fan séwier om it hier en sei: ‘Ik bin de sémearmin en Juf de hekse!’ Ik joech de klas in ekstra repetysje, hwat haw ik kett're, o, ik spuide al myn gal! Dy jeugd fan hjoed-de-dei? Hat gjin ambysje, ja foar de bee-bop of - noch slimmer - foar de rock an' roll. - Dêrom haw ik op Skylje myn fortier en spesialisearje my op... 't wier! (refrein as by 1e kouplet) [pagina 225] [p. 225] Skielk as ik promovearje, en ik bof. dan wurd ik assistante by in prof, dan kin ik nei de wieren hieltyd djipper dolle. Ik sjoch my troch Europa op tourné mei lêzingen oer de Sargossa-sé... Hwat soe ik fan d y sé graech alles witte wolle. Mar mocht dat idéael foar my net wanke, dan piel ik op dy skoalle mar sa'n bytsje troch mei Heukels en mei Van der Ploeg en Franke, wol aerdich, hear! Mar och, it bliuwt skoalmasterich gedoch. - Dy blomkemannen witte net in spier oer 't sexuële libben fan it wier! Ik swalkje mei myn netsje by sé of by in sleatsje, sa skep ik de geheimen op fan 't griene tekkenflaech. Ik fiel yn hert en nieren: de fuortplanting fan wieren dat is foar my al jierren lang dè greate libbensfraech. En sit ik hjir soms ûren troch lins en loup to loeren nei hwat der microkosmysk bart yn 't wetter fan ús séën, dan boeije my gjin haeijen noch hegere planteskaeijen, it binne de po- it binne de ta- it binne de mo- it binne de ge- it binne de to- it binne de na- it binne de po-ta-mo-ge-to-na-céën, it binne de po-ta-mo-ge-to-na-céën. Vorige Volgende