| |
| |
| |
Tiny Mulder:
Leedfordiele
In waskbear út de Kaukasus
en in pinguin fan de Poal
dy fongen flieën by elkoar
en ieten ienriedich koal.
Hja sieten togearre yn Emmen
en troch de omstannichheden
fan finzenskip en ûnwennichheit
fortelden s' inoarren har neden.
Hja langen togearre nei bergen en snie
en skriemden op inoars skouder
en skuorden elkoarren ta tiidfordriuw
moreel fan de flier op 'e souder.
| |
Wyt en swart
In wite flie út 't doarpke Ried
en 'n swartenien út Warten,
dy troffen inoar yn de autobus
op wei nei Stiennebarten.
De wite sei: O, trou mei my!
Sa dwaende foltrieken hja 't houwelik.
Ienfâldiger kin it net, hwatte?
Hja stiene lykwols raer to sjen:
hja krigen earst twa grize bern
en doe in twilling, wyt en swart.
Hoe kin dat dochs? Hoe is dat bard?
Das kriegt man von der Mendlerei,
steht auch der Mann nicht selbst dabei.
Mar ja, fansels, syn theoryën
binn' frijwol ûnbikend by flieën.
| |
| |
| |
Poppe aeltsje
Yn Terherne, yn Terherne,
is in poppe Aeltsje berne:
‘Welgeschapen dochter van
Jan en Klaaske Akkerman’.
En, 't moat sein, om sa to sjen
is 't in geef en tierich bern.
Alles sit der oan, jawisse,
mar it bern mist in gewisse.
Nou hawar, seit Akkerman,
dêr sjocht dochs gjin mins hwat fan.
hwa't sa al 't gewisse mist,
of, hwat helte slimmer is,
mei in kweaden skepen is,
hwa't der net sa krekt mei naem,
en hwat lju mei frijhwat romme
dochs yn 't libben moai fier komme...
Och, dan wie it ek al wûnder
as ús Ael 't net rêdde sûnder.
| |
Spul mei poatsjes
Keapman Houtdou, keapman Houtdou
Hat in greate, djûre auto,
Hat in prachtich hearehûs,
Hat in muoike yn Kerkwerve,
Om noch fiks hwat fan to erven,
Hat in kruser op de marren...
Alles mei dy Houtdou barre.
Mar nou wurdt der grute dat
't Spul fan Houtdou poatsjes hat.
Earst waerd der gjin acht op slein.
Mar doe - op in moaije snein -
| |
| |
Tocht de keapman: Hwat rint dêrre?
Hwat is 't, dat dêr hinne rint
Oer it túnpaed yn it grint?
Och, 'k bin dwyl fan myn sig'ret;
Koopren sinten rinne net.
Mar de moandeis seach de faem,
Dat der eat de stoep' ôf kaem.
Hja seach nochris hwat it wie:
In kwartsje, dat twa poatsjes hie!
En de tiisdeis tsjin de joune
Op twa skonkjes nei de dyk:
Woansdeis like 't wol sa bryk,
Hwant doe roun in knisprich tsientsje
Ta de hûs út yn syn ientsje.
Tongersdeis tocht de brânkast: Nou,
Ik stek, leau ik, ek mar ou.
Freeds de tafel, sneons in stoel,
Sneins de hiele bêddeboel,
Alles, 't koe neat skele hwat,
Krige poatsjes en roun fuort.
Houtdou' huodden, jassen, petten,
Broek, sigaren en sig'retten,
Sels syn bril en kunstgebit,
't Doaske, dêr't de bril yn sit,
Toskeboarstel, badkûp, kaem,
Hawwe al de poatsjes naem
't Smyrnakleed, de lits-jumeaux,
Kleankast, oargel, troujaquet,
Sels de muoike út Kerkwerve,
Dêr't er noch fan tocht to erven,
Naeide út. (Hja hie fansels
Al twa skonken fan harsels).
Dat net ien wist der fan ôf
Hokker lot him troffen hie.
Doe't de post syn rounte die
| |
| |
Omt in optocht him passearde,
Dy't bistie út tsjettels, pannen,
Glêswurk, kopkes, wetterkannen,
Mei foarop in koekoeksklok,
Wylst de piano yn de file
Waerd buorkundich: Al it guod
Fan de keapman kuijert fuort.
(Stil fordwoun de Cadillac,
Mar dat foun gjin minske gek).
Plysje Harmen van der Meer
Skoudere syn jachtgewear.
Hy woe 't spul út bou en greiden
Aanhouden en voorgeleiden.
Al it spul kaem lang om let
Wer werom. In soad joech 't net,
Hwant hwat ienkear poatsjes hat
Wol wer fuort. Dat is ek bard.
As de keapman 't ris forgeat
En net alle doarren sleat,
Naeide 't guod wer hânsum út.
Neat oan spul, dat út himsels
Net to plak bliuwt, dat 's fansels.
| |
Fakansje
In kou út Koarnjum wie al lang fan doel
om mei har bolle, inter en twa keallen
in lange reis to meitsjen bûten Fryslâns peallen.
Hja tocht fan mei de bus in lange toer.
Hja hie fan skriktried en fan gers har nocht,
fan boeren, b'rinnen en fan melkmasjinen.
Hja miende, har gesin soe rêst en loftforoaring fine
as hja in kaertsje nei Graubunden kocht.
| |
| |
Sa krige 't reisburo in brief op tsien april
‘Myn man en trije bern en ik, heechachte hearen,
forsykje minlik Jo ûs fiven to notearen
foar 'n busreis, dy't nei Switserlân ta sil.
En ta bifoardering fan de fakânsjesprieding
Woll' wy yn maeije graech al mei fakânsje.
Stjûr oan boer Pitersma mar de kwitânsje.
P.S. Wy dogge mei oan de exkursjes ûnder lieding.’
Sa keazen op in moarn nei melkerstiid
Westhoekster Piters Jan mei kou en keallen
tomûk de dyk troch de homeijepeallen.
Hwat leit de greate wrâld dêr rom en wiid!
Nei stêd ta kuijeren hja fol fleur en moed.
Dêr stie de bus op 't Saeilân al reisfeardich.
It oare reisfolk siet al rjocht en weardich
- men koe inoar noch net -: in hear mei hoed,
in man en frou mei fjouwer greate bern,
in dame mei in bargelearen koffer,
ien, dy't dit reiske woun hie - dus in boffer -
en de chauffeur, dy't noch stie út to sjen.
Westhoekster Piters Jan sei wis: ‘Hjir binn’ wy al.
As elk der yn is, kin om ús de reis bigjinne.’
Chauffeur de Boer liet gau de motor rinne.
‘Nou, bern’, rôp 't kouke blier, wy ride al!’
Hja wiuwden justjes nei it F.R.S.-kantoar
en optein nei Us Mem op 't Suderplein.
De bolle sei: ‘O, jong, hwat rydt dy wein!
Hjir is de Skrâns al, en dêr ha wy 't spoar!’
Hja reizigen as prinsen frank en frij
en tochten oan de boer noch oan de b'rinne,
net oan de melker en net oan de finne.
De wrâld lei iepen, bliek wol, ek foar kil.
Boer Pitersma hat nea wer fan har heard,
hwant yn Graubunden, njoggen dagen letter,
warch mar foldien fan dagenlang gekletter,
bisleaten hja: wy bliuwe hjir mar, net?
| |
| |
Boer Pitersma die alle war om har werom to krijen.
In stamboeksbolle en in stamboekskou
en trije stamboekskeallen, né mar, ho,
sa'n great forlies, sa sei er, wurdt myn lijen.
Hy tocht net oars of 't bêste fé wie stellen.
Pas wiken letter waerd er oars gewaer
meidat fan 't reisburo de rekken oanbean waerd.
De boer tocht: Hwa is gek, ik, bolle, kou of keallen?
It koste him de kraech. Hy waerd boer ou.
Sa'n fjouwerhûndert punten, alvetûzen goune
wie syn forlies. It rjochte him to groune.
Sa blykt wer, dat in kou net neittinkt, nou?
Hja maelt net mear om Pitersma-en-dyen,
mar fret fiks Alpegers mei klokjes om 'e hals.
Hja jodelet jûchhé, al klinkt it fals
en leart it alpinisme en it skyën.
Hie nou dy boer út Koarnjum yn syn lea
ien kromke sin foar avontûr herberge,
hy wie mei wiif en bern ek nei de bergen
forfearn op siik nei 'n goed bilein stik brea.
Hy hie lichtwol horloazjes meitsje kinnen
of oars wol folders skriuwe kind foar it toeristefolk.
In goede mooglikheit biedt ek it fak fan tolk.
De wrâld leit iepen foar hwa't op 'e nij bigjinne.
DAT hie de boer licht fan syn bisten leare kinnen.
| |
| |
| |
Whodunit
is de kat fan juffer Sjaen
fiif foar sawnen fan 'e moarn
yn de kattekoer forstoarn.
Juffer Sjaen sit mankelyk
stoarjend nei it kattelyk,
kin net ite, kin net drinke,
wol allinne treurj' en tinke.
O, myn leave streekjekat,
'k woe sa graech, datst seiste hwat
d' oarsaek west hat fan dyn dea.
Wie 't to folle kattebrea?
Bist oan Liebesleid forstoarn?
'k Seach dyn boarre fan 'e moarn
oangean mei dat bist, dy reade,
falske kat fan slachter Teade.
Of hat buorfrou Keze' Lokke
dy mei lekk're hapkes lokke,
rynsk bistruid mei rottegif?
O, dat kring, dat die it grif!
Ach, wie heeft het toch gedaan?
Ah, whodunit? klaget Sjaen.
't Kattelyk seit boe noch ba,
Dat wie oars de reden. Well,
| |
| |
Tekening fan Aldert Toornstra
by Simmerlietsje
|
|