Johan T. van Minnen:
Fryslan en it ynternasionael geofysysk jier
Jo sille it faeks, mei atoombomproeven en hierforhegings op 'e foarpagina's fan ús kranten, net sa yn jo omgean litte, mar wy steane foar it Ynternasionael Géofysysk Jier. In professor dy't it witte kin om't er Amerikaen is, hat sels sein dat it de joune foar it YGJ is. Wy steane op 'e drompel. Gjin Rus is der tsjin yn 'e opposysje gien. Gjin Rus hat sein: it is noch mar middei. Of: it is al nacht. Né, de iennichste Rus dy't him hjir oer ûtlitten hat, sei ek al: wy steane op 'e drompel fan it YGJ, in great barren.
En nou is it tinkt my foar ús, Friezen by honk likegoed as om utens, de heechste tiid om úus djip to jaen yn 'e bitsjutting fan it YGJ, ús hâlding foar it YGJ oer fêst to stellen en de reperkusjes dêrfan op ús lân to birekkenjen. Hwant as earne it: Wês Wach! jildt, dan is it hjir. Sûnt it notarieel passearjen fan de Stichtingsakte fan it Fries Rundvee Stamboek soe ik net ien momint yn 'e skiednis witte dat hjirmei stringhâlde kin. Hjir leit ús kâns op de rehabilitaesje, dêr't wy sûnt de röntgenfoto's fan it Ora Linda Bok en sûnt it trochrustkjen fan Greate Pier syn forneamd swurd, sa tige forlet fan hawwe.
Lit ús, nofteren lyk as de bûtewrâld ús noch altyd hawwe wol, dizze saek kalm en kritysk analisearje. Hwat is ommers it Ynternasionael Géofysysk Jier? In droech of in dreech jier, in jier mei goed gers, in alvestêddetochtjier, in skrikkeljier? It muoit my dat it jo ôffalle sil. It YGJ is hielendal gjin jier. It is achttjin moanne, sjedêr! Dochs is it YGJ in eptige forskining as it sa op 'e drompel stiet, it Einstein-hier yn 'e kuif, ynjeksjes oer de hiele lea en mei in foldédich neijier efter him oan, in neijier fol fan seine as... wy it bilibje meije.
Hwat is nou Fryslâns taek en posysje foar dit fenomeen oer? Hwant dat wy in taek hâwwe, stiet bûten kiif. Fryslân hat oeral in taek. Yn Den Haech en yn Heerlen, yn Aurich en yn Flaenderen, yn 'e West en yn 'e Stellingwerven. Mar dat binne opjeften, hjir net oan 'e oarder. Hja hawwe har bislach al krige, of binne net to bislaen, oars net as mei de gek.
Oars leit it mei it YGJ. Dat rekket ús yn it libben, yn ús reputaesje. Fan it YGJ wurdt noch wol net sein dat it Frysk fan opset is, mar wy kinne derfoar soargje dat it safier komt. It hat my nij dien dat it YGJ oant nou ta yn Fryslân sa'n bytsje wjerklank foun hat. Nearne is der better net to witten in aksjekomité yn it libben roppen en noch minder hat der