De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 209] [p. 209] Jo Smit: Ballade fan de bolle As jeugdich interbolle yn it lân Sloech hertstocht troch him as in brân, Doe't by de hikke, op 'e daem, Hy in like jonge, och sa prûze kou fornaem. Dy rjochte rêch, dat kante jaer Rekken by him in tige teare snaer. Nou is dat op himsels net abnormael: De jonkheit wurdt faek lutsen fan in ideael. To ier lykwols waerd er fan 't kouke skaet, Fatael hat dat doe la kompleksen laet. Hiel pynlik fielde er him frustreard, Op de wize lykas Sigmund Freud dat leart. Foringing fan biwitten op dy jonge kou Taestte him nuver yn syn libido. En hwat yn in kristen to priizgjen is Hjit gauris by in stamboeksbolle hieldal mis. Yn 't seksuéle libben bliuw ik monogaem: Dat wie hwat dy bolle foar him naem En hwat syn boer forskriklik stiek; mar neat Koe meitsje dat er har, syn ideael, forgeat. Sadwaende waerd er útkard foar de slacht; Doe lykwols kaem de útkomst, staf oer nacht. By in féarts-psychiater foun er baet En oerdracht fan gefoelens op in apparaet. Sa, troch it tweintichste-ieusk geny, Hat er in kaei-posysje nou by de K.I. [pagina 210] [p. 210] Forgunning Né, ik forgun Sjoerd Spanninga de folle freugde net fan 't skeppen, noch Eeltsje Boates Folkertsma it dreech en warber skreppen foar Fryslân Frij. Gjin Schurer en gjin Tamminga forgun ik 't swijen noch it neamen, gjin Fryske yntelligintsia in Tsjerne fol mei dreamen: kunst skeppe wy. Ik wit, sa is it goed, hwant sa bliuwt alles yn 'e running. Stean my lykwols it rêstich rêsten ta by in buordtsje mei ‘forgunning’, dàt sinnicht my! E.B.F.-Sonnet Fjirtjin rigels telt elts goed sonnet Oft it nou hwat apart is of gewoan; As ik hjir nou in nije foarm fortoan Reitsje ik perfoarst net oan dy wet. Faeks freget ien: hwat docht dit fers Ofsûnderlik bineamd to boek to stean? Lokkigernôch is freegjen net forbean: Kom rêstich by it kunstwurk sels op les. Elts rym yn dit sonnet is manlik rym, Rju ynfloed hat soks op 'e toan, Tominsten foar it dichterlik bisef. Stjert hjirby grif al twivels skym, Mear komt it op it skema oan: Abba cddc EBF EBF. Vorige Volgende