Gerrit Mulder:
De mem en de trije dochters
Nije parabel
To Laeksum wenne in mem, in widdou fan in fiskerman, mei trije greate dochters. De heit wie op sé bleaun - hja moasten sels de kost biskarrelje. It echte fiskersfolk kin it jimmer slimme min bankje by in oar, dat de fammen bleauwen by mem yn 'e hûs. Yn 'e keet foel wol ris in romme deihier to fortsjinjen mei ansjoviskopjen of sa, fierders naeiden hja der hwat by foar in oar... en der gyng ek wol ris ien in heale dei út to arbeidzjen by de dûminy of de skoalmaster to Warns of to Starum. It ynkommen smiet gjin ryk bistean op, mar hja koenen der komme sûnder skulden to meitsjen of de hân op to hâlden. It ienfâldichste iten en drinken smakke harren tige. Binammen de thé dy't mem sette, wie in pré.
Doe kamen der trije jongfeinten en dy hellen de dochters by de mem wei.
‘Wy sille sunich wêze en bisykje ryk to wurden’, sei de man fan it âldste fanke - en hja wie it mei him iens. Har thé wie net folle better as pompswetter, mar hja waerden ryk.
‘Wy sille it der skoan fan nimme yn 't libben’, sei de man fan it middelste fanke - en hja wie it mei him iens. Har thé waerd sa sterk as jarre en de flesse kaem tige yn trek - hja sieten mei gauwens ûnder de skuld.
De man fan it jongste fanke sei: ‘Myn skat, ik soe minlike graech like ienfâldich libje wolle as jimme mem. Wy binne dan ek yn steat om har ris mei it iene of it oare to skewielen, hwant rom sil it thús net omkomme nou't jimme der net mear yn binne.’
Hja wie it iens mei him - mar hja soarge wòl foar in mei sin set bakje thé.
‘It smakket my like lekker as by jimme mem’, sei de jonge man... en hy tute syn frouke. Hja mochten mem hwat stipe takomme litte en kamen dochs elke wike wer roun.
Doe't de mem har ein oankommen fielde, moasten de dochters komme. ‘En hwat kinne wy noch foar mem dwaen?’ wie de frage...
‘Ik haw sin oan in pantsjefol thé fan myn âldste’, sei de mem. Doe't Antsje, sa hjitte de âldste, mei in bakje thé by mem kaem, preau de âlde frou it mei sin... en sei: