De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 206] [p. 206] Amarins de Jong: Heide Hast nea bang west op de heide? Hast nea eangst hawn foar syn tsjoen? Hast it heimnis dat der swalket nea net oan de seamen sjoen? Oan de seamen fan de heide binne bosken, swart en swier. En it heimnis hat syn paden lâns dy kimen ticht en fier. O, de moeting is needlottich en forliedelik it liet! Flechtsje, flechtsje oer de heide as it lâns de kimen giet. Vorige Volgende