In Fries: ien, dy't syn earnst slim serieus nimt.
*
It gedicht wit mear fan 'e dichter as de dichter.
*
In skriuwer is in man, dy't oan litteratuer docht, salang't er de litteratuer net hwat oandocht.
*
In folklorist is in man, dêr't alles foar doocht, as it it mar net mear docht.
*
Foar de folklorist is de kritikus in man, dêr't neat foar doocht, as it it docht.
*
It forskil tusken in Fryske útjower en in Frysk skriuwer is, dat hja beide fan 'e litteratuer net bistean kinne.
*
De measte deiboeken binne nachtboeken.
*
It aforisme is humoristysk, hwant de humor is aforistysk.
*
De ierde is in bol, dêrom is Drachten it milpunt.
*
Neffens Kafka is de koitus de straf foar it byinoarwêzen, foar biwegingslju is it oarsom.