my. Ik joech him de hân. De oare man seach net nei my om, hy gie blykber op yn syn karwei. As er in fûgeltsje to pakken hie, joech er it in spuitsje mei in lange nuddel en tekene dan hwat op yn syn boekje.
‘Ynjeksje tsjin de fûgelsykte’, fordúdlike skoanheit; ‘in djûre fortoaning, mar it moat neffens de lêste foarskriften.’
‘De âld man stiet dan ek al stevich by my yn 'e skuld’, forweardige de frjemde man him op to merken. ‘Mar wy sille it nou lykmeitsje.’
‘Fan de famylje moat men it hjir hawwe’, sei skoanheit.
‘Bliid dat ik dan gjin famylje fan jo bin’, konstatearre ik.
De man seach my strak oan, as woe er my hypnotisearje. Doe andere er stadich en mei klam: ‘Binne jo dêr wis fan?’
Ik die krekt as hearde ik it mar heal, helle de skouders op en seach nei de fûgeltsjes. De oare beide giene noch efkes troch mei har wurk.
‘Dat binne nou krekt myn moaiste eksimplaren, beide trijeris bikroand’, hearde ik skoanheit ynienen sizzen. De âld man hie triennen yn 'e stim. Ja, de oare hie yn eltse hân in bistke.
‘Sille wy it sa dan mar litte?’ frege er wis. Hy treau in bistke yn elts fan de jasbûsen. In wrede keardel, wreed foar skoanheit en foar de bistkes beide, skeat it troch my hinne.
Ynienen bigoun er tsjin my to praten. Hy wiisde op in ynsynje dat er op 'e krage hie, en frege: ‘Kenne jo dit?’
‘Né, hoe soe ik? Ik haw hjir yn jierren net west. In nije partij?’
‘Né, folle wichtiger!’ Hy die de jas los. ‘It is it teken fan dit skaei.’ Hy wiisde op syn trui.
Dêr stie jitris itselde teken yn breide, helte greater nou, en dêrûnder de namme, yn ûnbidige letters: FLEARKSMA.
‘Dat slachte bin ik de lieder fan. Hja hawwe my allegearre trou sward. It is in machtich slachte, dat rounom syn forbiningen hat.’
Hy stie dêr mar to swetsen, mar de helte gie by my lâns, hwant ik seach hieltiten dy aeklike stambeam fan mysels foar my lizzen, mei op forskate plakken dyselde driigjende namme. Soe er it witte?
Hy dosearre fierder: ‘Dominante trekken binne: ljocht krolhier, suver de reade kant hwat út, lange, rjochte noas, breed postuer, op jonge jierren keal. Karakter navenant, dus kreas fan binnen en fan bûten.’ Ik swijde yn alle talen.
‘Mar ik koe jó wol biskriuwe’, kaem it ynienen. Hy rôp skoanheit to help: ‘Is dit ien út it laech, of net?’
Skoanheit lei der de klam op, dat ik oantroud wie, in oan-