De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 197] [p. 197] Freark Dam: Twatalichheit In dauwjirm kaem by 't dei-lemieren Ris by in keetfol hantsjemieren Dy't wachten op 'e poepesinne (Men wit hoe warber mieren binne) Dy dauwjirm frege soun en sei: Is hjir faeks noch famylje by? Nou né, sei doe sa'n poepske mier, Verdammt noch mal, was machst du hier?! O just jawol, sei doe dy wjirm, 'k Ha my grif yn de staech forsind, Hjir moatt' noch óare mieren sitte Dy't op syn Frysk mychhimmel hjitte, Twatalichheit is in tormint, Sa is men miich, sa is men mier... Halt's Maul mei dyn fordomd gekjirm, Sa 'k sei, sei doe dy poep, was machst du hier? Op in krusebeibeam In rosbei en in hounbeistâl Dy frijden yn de ûnderwâl Hja beiden ros, hja beiden houn Hja frijden los, hja frijden soun En dêr't hja pearen bloeit nou fris De krusebeibeam sûnder mis. Op in foarpok De foarpôk sit to âljen, To âljen as in bear Wy reizgje nei de froulju Yn nachten wit hoe near. Goendei myn foarpôk, goede wacht, Farwol, oant noch in oare nacht As yn syn bleate fleislikheit De foarpôk yn de ruften leit. [pagina 198] [p. 198] Groteske fan Hendrik de Vries [pagina 199] [p. 199] WSBW Wryt en Slyt en Bé en Wé Dy dounsen de barcarolle Hja dounsen sté, hja dounsen dré Hja dounsen as in bolle Hja dounsen oant de lêste stjer Sa klûmsk wie as in kedde Ta ûnbiskamsum folksbidjer En doe kaem blauwe Fedde (Net dy fan 't Fean; fan oare kusten) Dy spriek har strang kâldgnyskjend oan. Ta straf foar harren lusten Biskikte er dat hja dounsje soene Oant hja gjin proast mear sizze koene En sa sjocht men - hoe't it jin ek spyt - Gjin Bé en Wé ea sûnder Wryt of Slyt. Horsey, horsey... ‘It hynder mei de kêddebek’ (fan Ype) - En dan leafst yn fonétysk skrift - Hat my to wrâld, to lij, to loevert Méar hertsnju jown mei alle lek en brek As alles hwat (hja meije lipe of pipe) De Fryske skriuwerij sûnt Obe opjoech. Bliuwe alle pipen fierder yn 'e sek, Dat hynder mei de kêddebek (fan Ype) Haw ik myn djipste Ik op slipe, Haw ik myn sinnichst sin op set. En sûnt, op elke set en pret, Stek ik it glês út, swaei de swipe, Oant ik it kwyt-wurd yn wanhopich lipen Hwat ik yn djipste dream him opdroech: Skielk, nei dy lêste, smelle stripe Lûkt my dat hynder mei dy kêddebek. Vorige Volgende